Nederlânske Reade List fan fûgels

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Op de Nederlânske Reade List stean allinnich soarten dy't harren yn Nederlân fuortplantsje, dus gjin oerwinterjende fûgels.

De reade listen wurden geregeld, bygelyks om de tsjien jier, bywurke. Minister Cees Veerman fan Lânbou, Natuer en Fiedselkwaliteit hat op 5 novimber 2004 de nije reade listen foar bedrige dier- en plantesoarten fêststeld.

Op de reade listen steane, neist de bedrige soarten, beskermingsmaatregelen om dizze soarten wer yn oantal tanimme te litten. Trochdat oerheden en terreinbehearende organisaases as It Fryske Gea by har belied en behear rekken hâlde mei de reade listen wurdt hopet dat fan de no bedrige organismen der oer tsien jier in oantal net mear bedrige wêze sille en dus fan de list ôf helle wurde kinne.

De list foar fûgels is bot wizige. Mei alve fûgelsoarten, wêrûnder iisfûgel, earrebarre en ierdswel, giet it better. Dizze soarten binne net mear bedrige, en dus fan de list ferdwûn. Dêr tsjinoer steane 24 soarten dy't nij binne op de list. Dêrûnder binne mosk (gefoelich, gielegou (kwetsber) en blauwe wikel (kwetsber). Dat soarten nij op de list komme is net altyd min nijs, want der binne ek soarten by dy't noch tige seldsum binne omdat se har noch mar koartlyn yn Nederlân fêstige hawwe. Foarbylden hjirfan binne de rinkelein, grutte en lytse wite reager en de Noardske Falk. Guon soarten gean lykwols hurd efterút, lykas de patriis mei 95%, de ljurk met 90% en it waarlamke mei 85%.

Kategoryen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurde acht kategoryen ûnderskieden:

  • útstoarn op wrâldskaal
  • yn it wyld útstoarn op wrâldskaal
  • ferdwûn út Nederlân
  • yn it wyld ferdwûn út Nederlân
  • slim bedrige
  • bedrige
  • kwetsber
  • gefoelich

De soarten op de Reade List fan 2004[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

FRYSKE NAMME WITTENSKIPLIKE NAMME STATUS Beamfalk Falco subbuteo ssp. subbuteo kwetsber Blaustirns Chlidonias niger ssp. niger kwetsber Blauwe Hoanskrobber Circus cyaneus ssp. cyaneus gefoelich Boereswel Hirundo rustica ssp. rustica gefoelich Bûnt Reidhintsje Porzana porzana kwetsber Bûnte Seachbek Mergus serrator gefoelich Bûnte Wilster Charadrius hiaticula ssp. hiaticula kwetsber Deislieper Caprimulgus europaeus ssp. europaeus kwetsber Draainekke Jynx torquilla ssp. torquilla slim bedrige Dûkelmantsje Charadrius alexandrinus ssp. alexandrinus bedrige Dwerchkob Larus minutus slim bedrige Dwerchreidhintsje Porzana pusilla ssp. intermedia ferdwûn Feale Miggesnapper Muscicapa striata ssp. striata gefoelich Fjildlyster Turdus pilaris gefoelich Fjildmosk Passer montanus ssp. montanus gefoelich Fjildûle Asio flammeus ssp. flammeus slim bedrige Geal Luscinia megarhynchos ssp. megarhynchos kwetsber Giel boumantsje Motacilla flava ssp. flava gefoelich Gielegou Oriolus oriolus ssp. oriolus kwetsber Giele Hôfsjonger Hippolais icterina gefoelich Goudûle Tyto alba ssp. guttata kwetsber Griene spjocht Picus viridis ssp. viridis kwetsber Grutte Karrekyt Acrocephalus arundinaceus ssp. arundinaceus bedrige Grutte Wite Reager Casmerodius albus ssp. albus gefoelich Grutte Sjouwerman Larus marinus gefoelich Koarnmosk Miliaria calandra ssp. calandra slim bedrige Heidehipper Oenanthe oenanthe ssp. oenanthe bedrige Hoarnûle Asio otus ssp. otus kwetsber Hûpe Upupa epops ssp. epops ferdwûn Hússwel Delichon urbica ssp. urbica gefoelich Hoants Philomachus pugnax slim bedrige Koekoek Cuculus canorus ssp. canorus kwetsber Klikstirns Sterna sandvicensis ssp. sandvicensis bedrige Kobbestirns Sterna nilotica ssp. nilotica ferdwûn Kuorhin Tetrao tetrix ssp. tetrix slim bedrige Lytse stirns Sterna albifrons ssp. albifrons kwetsber Lytse Wite Reager Egretta garzetta ssp. garzetta gefoelich Ljurk Alauda arvensis ssp. arvensis gefoelich Mosk Passer domesticus ssp. domesticus gefoelich Nachtreager Nycticorax nycticorax ssp. nycticorax net mear wyld Noardske Falk Falco peregrinus ssp. peregrinus gefoelich Nôtfink Emberiza hortulana slim bedrige Paapke Saxicola rubetra bedrige Patriis Perdix perdix ssp. perdix kwetsber Piipljurk Anthus pratensis ssp. pratensis gefoelich Piiptsjilling Anas crecca ssp. crecca kwetsber Pylksturt Anas acuta ssp. acuta bedrige Raven Corvus corax ssp. corax gefoelich Reade Reager Ardea purpurea ssp. purpurea bedrige Readhalsdûker Podiceps grisegena ssp. grisegena gefoelich Readkopskatekster Lanius senator ssp. senator ferdwûn Reiddomp Botaurus stellaris ssp. stellaris bedrige Reidmies Parus montanus ssp. rhenanus gefoelich Rinkelein Bucephala clangula ssp. clangula gefoelich Robyntsje Carduelis cannabina ssp. cannabina gefoelich Sânpiper Anthus campestris ssp. campestris slim bedrige Skatekster Lanius collurio ssp. collurio bedrige Skiere Hoanskrobber Circus pygargus slim bedrige Skiertsjilling Anas querquedula kwetsber Skries Limosa limosa ssp. limosa gefoelich Slob Anas clypeata kwetsber Snilekrûper Locustella luscinioides ssp. luscinioides kwetsber Stienûle Athene noctua ssp. vidalii kwetsber Steltklút Himantopus himantopus gefoelich Súdlike bûnte gril Calidris alpina ssp. schinzii ferdwûn Swart Boumantsje Motacilla flava ssp. flavissima bedrige Taigabeamkrûper Certhia familiaris ssp. macrodactyla gefoelich Teapert Crex crex kwetsber Toarnekster Lanius excubitor ssp. excubitor slim bedrige Toarteldo Streptopelia turtur ssp. turtur kwetsber Tsjirk Tringa totanus ssp. totanus gefoelich Tsjokpoat Burhinus oedicnemus ssp. oedicnemus ferdwûn Túfljurk Galerida cristata ssp. cristata slim bedrige Waarlamke Gallinago gallinago ssp. gallinago bedrige Wilster Pluvialis apricaria ferdwûn Wipsturtgril Tringa hypoleucos gefoelich Woffer Ixobrychus minutus ssp. minutus slim bedrige