Springe nei ynhâld

Wâldmies

Ut Wikipedy
wâldmies
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftmoskeftigen (Passeriformes)
famyljemiesfûgels (Paridae)
skaaiûnechte swartmiezen (Periparus)
soarte
Periparus ater
Linnaeus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet
     stânfûgel
     wintergast

De wâldmies (Periparus ater; synonym: Parus ater) is in 11 sm grutte sjongfûgel út de famylje fan 'e miesfûgels (Paridae). In oare namme yn it Frysk foar de fûgel is swarte mies.

Wâldmiezen wurde likernôch 11 sintimeter grut, likernôch like grut as de blaumies. It fûgeltsje hat in grutte kop, mar net in swarte búkstreek lykas by de blokmies. De wâldmies hat in swarte krún, in wyt plak yn 'e nekke, wite wangen en twa wite wjukstreken. Mantsjes en wyfkes binne allyk.

Fersprieding en systematyk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wâldmies komt meast foar yn nullewâlden. Oars as de blaumies en de blokmies komt de wâldmies net faak by de minsken yn 'e tún. Yn it grutste part fan Jeropa komt dizze fûgel it hiele jier foar.

Yn Nederlân komt de wâldmies fral yn it easten en it suden foar, mei as bolwurken de Feluwe, Drinte, eastlik Noard-Brabân en Limburch. Yn Fryslân is de fûgel benammen yn it súdeasten fan 'e provinsje te finen. It oantal briedpearen waard yn 2018-2020 op 14.000 oant 18.000 fûgels rûsd. Sûnt 1985 nimme de oantallen fan 'e populaasje ôf, foar in part om't nullebosken yn mear natuerlike leafbosken omset binne.

De wâldmies telt 24 ûndersoarten:

De wâldmies yt it meast ynsekten en it sied fan spjirren en dinnen.

Aaien fan 'e wâldmies.

De wâldmies is in hoalebrieder. It wyfke briedt 2 wiken allinnich op 'e 7 oant 10 aaien. De jongen wurde 15-17 dagen troch beide âlden fersoarge foardat se útfleane.

De IUCN klassifisearret de soarte as net bedrige op 'e Reade List. Der wurdt fan útgien dat de populaasje stabyl is. In rûzing fan 2018 giet út fan in populaasje fan 90.000.000 oant 159.000.000 folwoeksen fûgels.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: