Blokmies

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Blokmies
Parus major 4 (Marek Szczepanek).jpg
taksonomy
Klasse: Fûgels (Aves)
Skift: Moskeftigen (Passeriformes)
Famylje: Miezen (Paridae)
soarte
Parus Major

De Blokmies (Parus Major) is mei 14 sm de grutste fûgel út de famylje fan de Miezen (Paridae). De Blokmies is algemien yn hiel Jeropa en Aazje, oeral dêr't beammen steane, foaral yn tunen, parken en iepen boskgebieten.

Oare Fryske nammen[bewurkje seksje | edit source]

De Blokmies wurdt yn it Frysk ek wol beneamd as Blausyske, Blokfink, Bijbiter, Gielboarstke, Stiselkopke as Swartkopke.

Foarkommen[bewurkje seksje | edit source]

De Blokmies is maklik wer te kennen oan syn swarte kop mei wite wangen. Fierders hat de fûgel in giele búk mei in swarte streek oer de midden. De mantsjes binne fan de wyfkes te ûnderskieden troch de bredere swarte streek oer de búk. Ek is by de mantsjes it giel feller as by de wyfkes. De Blokmies is sa'n 14 sm grut en hat in wjukspanwiidte fan 22,5-25,5 sm. Fierder waacht in folwoeksen fûgel in 20 gram.

Iten[bewurkje seksje | edit source]

De Blokmies yt it leafst ynsekten. Yn de hjerst en by winterdei ite blokmiezen ek graach siedden en nuten. Op foerplankjes komme se dan ek geregeld lâns.

Fuortplanting[bewurkje seksje | edit source]

De Blokmies is in echte hoalebrieder. It wyfke siket it hol en bout dêr in nêst dêr't se twa kear in nest jongen utbriedt. De 6-12 aaien komme nei sa'n 12-15 dagen út. De jongen wurde noch 3 wike troch beide âlden fuorre ear't se útfleane.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | edit source]

Fideo Blokmies