Bosksjongers
Bosksjongers | ||
![]() | ||
Tsjiftsjaf (Phyllosccopus collybita) | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
klasse: | fûgels (Aves) | |
boppeskift: | nije fûgels (Neoaves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | Sylvioidea | |
famylje: | bosksjongers (Phylloscopidae) | |
Alström et al, 2006 |
De bosksjongers (Phylloscopidae) binne in famylje yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). Foarhinne waarden de bosksjongers mei û.o. de imerkesjongers, reidsjongers, hagekrûpers en goudtoefkes ta de famylje fan de sjongers (Sylviidae) rekkene.
Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De bosksjongers binne lytse, beweechlike, ynsekte-itende fûgeltsjes. Se binne y it miene ûnopfallend griis-brún of griis-grien mei soms in gieleftig ûnderliif, en wurde meastal earder mei it ear as mei it each waarnommen.
Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
In hiel Jeropa, Afrika en Aazje libbje bosksjongers fan ferskate soarten. Se binne ôfwêzich yn de Amerikas (mei útsûndering fan de Noardske bosksjonger dy 't ek in Alaska foarkomt) en Austraalje. De bekendste soarten yn Fryslân binne de lytse hôfsjonger {Phylloscopus trochilus) en de tsjiftsjaf {Phylloscopus collybita). De measte in dizze streken briedende fûgels oerwinterje in Súd-Jeropa of Noard-Afrika.
Klassifikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Nei resinte ynsjoggen behearre alle 80 bosksjongers ta it skaai Phylloscopus, wylst in diel fan de bosksjongers earder (en neffens sommige saakkundigen noch hieltyd) yn de skaaien Seicercus, Acanthopneuste, Abroscopus en oare foelen.
- Famylje: bosksjongers (Phylloscopidae), 80 soarten, dêrûnder:
- bosksjonger (Phylloscopus sibilatrix)
- berchsjonger (Phylloscopus bonelli)
- Balkanberchsjonger (Phylloscopus orientalis)
- Tjensjanbosksjonger (Phylloscopus humei)
- lytse bosksjonger (Phylloscopus inornatus)
- Afgaanske bosksjonger (Phylloscopus subviridis)
- bleekstútbosksjonger (Phylloscopus chloronotus)
- Pallasbosksjonger (Phylloscopus proregulus)
- tinsnaffelbosksjonger (Phylloscopus tytleri)
- wylgebosksjonger (Phylloscopus schwarzi)
- stienbosksjonger (Phylloscopus griseolus)
- brune bosksjonger (Phylloscopus fuscatus)
- dwerchbosksjonger (Phylloscopus neglectus)
- lytse hôfsjonger (Phylloscopus trochilus)
- berchtsjiftsjaf (Phylloscopus sindianus)
- Kanaryske tsjiftsjaf (Phylloscopus canariensis)
- tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita)
- Sibearyske tsjiftsjaf (Phylloscopus (collybita) tristis)
- Ibearyske tsjiftsjaf (Phylloscopus ibericus)
- kroanbosksjonger (Phylloscopus coronatus)
- griene bosksjonger (Phylloscopus nitidus)
- twastrekenbosksjonger (Phylloscopus plumbeitarsus)
- griengrize bosksjonger (Phylloscopus (trochiloides) viridanus)
- skiere bosksjonger (Phylloscopus trochiloides)
- grousnaffelbosksjonger (Phylloscopus magnirostris)
- Sachalinbosksjonger (Phylloscopus borealoides)
- bleekpoatbosksjonger (Phylloscopus tenellipes)
- kamtsjatkabosksjonger (Phylloscopus examinandus)
- Noardske bosksjonger (Phylloscopus borealis)
- streekkopbosksjonger (Phylloscopus occipitalis)
- griiskopbosksjonger (Phylloscopus xanthoschistos)