Tsjiftsjaf

Ut Wikipedy
Tsjiftsjaf
Tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita)
Tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita)
Taksonomy
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: Sylvioidea
famylje: bosksjongers (Phylloscopidae)
skaai: (Phylloscopus)
Vieillot, 1817
Sang fan de tsjiftsjaf

De tsjiftsjaf (Phylloscopus collybita) is in algemien foarkommende songfûgel fan de famylje fan de bosksjongers (Phylloscopidae). Hy briedt in iepen boskgebieten fan de Noardlike en tuskenbeiden klimaatsônes fan Jeraazje. It is yn trekfûgel, dy't in subtropyske gebieten, Súd-Jeropa, Midden-Easten en Noard-Afrika, oerwintert.

De Fryske namme (en de namme yn it Nederlândsk, Dútsk en Engelsk) is in onomatopee, om 't de sang in repetearjend tsjif-tsjaf-tsjif-tsjaf is. Dêrmei ûnderskiedt de tsjiftsjaf him it dúdlikst fan oare bosksjongers, yn it bysûnder de lytse hôfsjonger dy't oan 'e bûtenkant net sa ferskillend is.

Ek yn Fryslân is de tsjiftsjaf in algemiene sjonger. Yn 'e lêste wike fan maart en de earste wiken fan april komt hy út Spanje, Marokko en fierder út West-Afrika werom, en is syn karakterystike lûd te hearre. Yn septimber-oktober giet hy wer fuort. Yn milde winters binne dêr ek tsjiftsjaffen dy 't hjir oerwinterje. .

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De tsjiftsjaf komt yn 6 ûndersoarten foar.

  • Phylloscopus collybita abietinis: Skandinaavje, Ruslân
  • Phylloscopus collybita collybita : West- en Midden-Jeropa
  • Phylloscopus collybita brevirostris: Turkije
  • Phylloscopus collybita caucasicus: Kaukasus
  • Phylloscopus collybita menzbieri: Iran, Turkmenistan
  • Phylloscopus collybita tristis: Sibearje

De lêste ûndersoart wurdt ek wol as aparte soart besjoen: Sibearyske tsjiftsjaf. De tsjiftsjaffen fan Spanje en Portegal en dy 't fan de Kanaryske Eilannen jilde algemien as aparte soarten: Ibearyske tsjiftsjaf (P. ibericus) en Kanaryske tsjiftsjaf (P. canariensis).

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]