Moskfûgels
Appearance
| Moskfûgels | ||
| mosk (Passer domesticus) | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | (Passeroidea) | |
| famylje: | moskfûgels (Passeridae) | |
| Rafinesque, 1865 | ||
De moskfûgels binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan 'e moskeftigen (Passeriformes), út de boppefamylje fan 'e Passeroidea. Fan hús út binne de moskfûgels fûgels fan 'e "Âlde Wrâld" (Jeropa, Afrika, Aazje), mar de minske hat de (hús)mosk ek yn oare wrâlddielen yntroduseare.
De reade mosk, koarnmosk en reidmosk binne eins gjin "mosken": de reade mosk (Carpodacus erythrinus) is ien fan 'e finkfûgels (Fringillidae), de oare twa hearre ta de famylje fan 'e goarzen (Emberizidae): Emberiza calandra en E. schoeniclus).
De mosken binne foaral siediters, mar yn 'e briedtiid wurde ek ynsekten iten en oan 'e jongen fuorre.
Famyljeopbou
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De 43 soarten fan de moskfûgels binne sa oer de 8 skaaien ferdield:
- Famylje: Passeridae (moskfûgels)
- Skaai: feale rotsmosken (Carpospiza), 1 soarte:
- feale rotsmosk (Carpospiza brachydactyla)
- Skaai: grûnmosken (Pyrgilauda), 4 soarten:
- lytse grûnmosk (Pyrgilauda davidiana)
- readhalsgrûnmosk (Pyrgilauda ruficollis)
- Tibetaanske grûnmosk (Pyrgilauda blanfordi)
- Afgaanske grûnmosk (Pyrgilauda theresae)
- Skaai: kanielmosken (Hypocryptadius), 1 soarte:
- kanielmosk (Hypocryptadius cinnamomeus)
- Skaai: mosken (Passer), 28 soarten
- saksaûlmosk (Passer ammodendri)
- mosk of húsmosk (Passer domesticus)
- Italiaanske mosk (Passer italiae)
- Spaanske mosk (Passer hispaniolensis)
- Sindmosk (Passer pyrrhonotus)
- Somalyske mosk (Passer castanopterus)
- readkopmosk (Passer cinnamomeus)
- gielbúkmosk (Passer flaveolus)
- Moäbmosk (Passer moabiticus)
- Kaapverdyske mosk (Passer iagoensis)
- rustmosk (Passer motitensis)
- Sokotramosk (Passer insularis)
- Abd-al-Kurimosk (Passer hemileucus)
- Masaimosk (Passer rufocinctus)
- savannemosk (Passer shelleyi)
- Kordofanmosk (Passer cordofanicus)
- Kaapske mosk (Passer melanurus)
- Noardlike griiskopmosk (Passer griseus)
- jiskemosk (Passer swainsonii)
- tsjoksnaffelmosk (Passer gongonensis)
- Swahilymosk (Passer suahelicus)
- Súdlike griiskopmosk (Passer diffusus)
- woastynmosk (Passer simplex)
- Karakûmmosk (Passer zarudnyi)
- fjildmosk (Passer montanus)
- brúnrêchgoudmosk (Passer luteus)
- Arabyske goudmosk (Passer euchlorus)
- kastanjemosk (Passer eminibey)
- Skaai: rotsmosken (Petronia), 1 soarte:
- rotsmosk (Petronia petronia)
- Skaai: sniemosken (Montifringilla), 3 soarten:
- sniemosk (Montifringilla nivalis)
- Tibetaanske sniemosk (Montifringilla henrici)
- swartwjuksniemosk (Montifringilla adamsi)
- Skaai: strewelmosken (Gymnoris), 4 soarten:
- wytbraustrewelmosk (Gymnoris superciliaris)
- lytse strewelmosk (Gymnoris dentata)
- grutte strewelmosk (Gymnoris pyrgita)
- Yndyske strewelmosk (Gymnoris xanthocollis)
- Skaai: wytstútsniemosken (Onychostruthus), 1 soarte:
- wytstútsniemosk (Onychostruthus taczanowskii)
- Skaai: feale rotsmosken (Carpospiza), 1 soarte: