Burdmantsje

Ut Wikipedy
Burdmantsje
Burdmantsje (Panurus biarmicus)
Burdmantsje (Panurus biarmicus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: fûgels (Aves)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: moskeftigen (Passeriformes)
ûnderskift: sjongfûgels (Passeri)
boppefamylje: Sylvioidea
famylje: burdmantsjes (Panuridae)
skaai: (Panurus)
burdmantsje (Panurus biarmicus)
Linnaeus, 1758
Burdmantsje yn it reid
Panurus biarmicus russicus

It burdmantsje (Panurus biarmicus) is in sjongfûgel fan de famylje Panuridae yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje fan de burdmantsjes hat mar ien soart.

Foarkommen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It burdmantsje is in tipyske fûgel fan it reidlân. Hy hat in oranje-brúne kleur mei in feal-wite foarkant. It mantsje hat in grize kop en opfallende swarte burdstreken. It lûd is tike tipysk: "tsjing" of "ping" en dat is simmers en winters te hearren. De oersetting fan de Latynske namme is "dûbel optuge sturtfûget". Neist de namme Burdmantsje hat dizze fûgel noch mear ûnoffisiële nammen: "Reidmieske", "Reidpapegaai" (hy makket akrobatyske meneuvels yn it reid en hy liket in bitsje op in papegaai), "Dekfûgeltsje": as it winter is beskermet it mantsje it wyfke soms mei de wjukken en miskien hat er dêrtroch dy namme krigen.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De fûgel komt ferspraat yn Jeropa en Midden-Aazje foar. Yn Nederlân brieden jierliks tusken de 1000 en 2000 pearen. It burdmantsje is net bedriege en stiet net op de Reade list fan fûgels. Yn Fryslând komt it burdmantsje as briedfügel foaral foar yn de natuergebieden by de Iselmarkust lêns: fan Makkumer Noardwaard oant Mirnser Klif. Yn it Lauwersmar is er tige algemien en ferspraat troch Fryslan komme ek spantsjes ta brieden.

Taksonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte telt trije ûndersoarten:

  • Panurus biarmicus biarmicus: West-, Midden-, Súd-Jeropa
  • Panurus biarmicus russicus: Súdeast- en East-Jeropa, Midden-Aazje
  • Panurus biarmicus kosswigi: Súdeast-Turkije

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]