Protterfûgels
Appearance
| Protterfûgels | ||
| treurmaina (Acridotheres tristis) | ||
| Taksonomy | ||
| klasse: | fûgels (Aves) | |
| skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
| ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
| boppefamylje: | (Muscicapoidea) | |
| famylje: | protterfûgels (Sturnidae) | |
| Rafinesque, 1815 | ||
De protterfûgels of staarfûgels (Sturnidae) foarmje in famylje yn de boppefamylje fan de Muscicapoidea yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). It binne lytse ta middelgrutte fûgels (16 ta 45 cm). It binne gjin bysûnder melodieuze sjongers, mar se kinne wol poerbêst de sang fan oare fûgels, en soms sels de minsklike stim neidwaan. Se binne ynsekte- en fruchte-iters en faak allesiters. Fan de likernôch 123 soarten fan de famylje hearre de measte yn Afrika en Aazje thús. Yn Jeropa komme allinnich de (gewoane) protter, de rôze protter en de swarte protter foar, yn Nederlân allinnich de gewoane protter.
Klassifikaasje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skaaien en soarten yn de famylje fan de protterfûgels binne:
- Famylje: protterfûgels of staarfûgels (Sturnidae)
- Skaai: Afrikaanske boskprotters (Poeoptera), 3 soarten yn Afrika
- Skaai: Afrikaanske boskglânsprotters (Hylopsar), 2 soarten yn Afrika
- Skaai: ametiststaren (Cinnyricinclus), 1 soarte yn Afrika
- Skaai: Aziatyske glânsprotters Agropsar, 2 soarten yn E-Aazje
- Skaai: Balyprotters (Leucopsar), 1 soarte yn Baly
- Skaai: beo's (Gracula), 5 soarten yn SE-Aazje
- Skaai: eksterprotters (Gracupica), 4 soarten yn S- en SE-Aazje
- Skaai: Filipynske keningsprotters (Goodfellowia), 1 soarte yn de Filipinen
- Skaai: gielkopstaren (Ampeliceps), 1 soarte yn SE-Aazje
- Skaai: glânsstaren - (Lamprotornis), 23 soarten yn Afrika, dêrûnder:
- Skaai: kealkopprotters (Sarcops), 1 soarte yn de Filipinen
- Skaai: keningsprotters (Basilornis), 3 soarten yn E-Yndoneezje
- Skaai: klaubekstaren (Onychognathus), 11 soarten yn Afrika, dêrûnder:
- readwjukstaar (Onychognathus morio)
- Somalyske staar (Onychognathus blythii)
- Tristramstaar (Onychognathus tristrami)
- Skaai: krûpstaren (Rhabdornis), 4 soarten yn de Filipinen
- Skaai: langsturtmaina’s (Streptocitta), 2 soarten yn Selebes
- Skaai: lelprotters (Creatophora), 1 soarte yn Afrika
- Skaai: Madagaskarprotters (Hartlaubius), 1 soarte yn Madagaskar
- Skaai: maina's (Acridotheres), 10 soarten yn S- en SE-Aazje
- grutte maina (Acridotheres grandis)
- toefmaina (Acridotheres cristatellus)
- Javaanske maina (Acridotheres javanicus)
- fealbûkmaina (Acridotheres cinereus)
- oerwâldmaina (Acridotheres fuscus)
- wytkraachmaina (Acridotheres albocinctus)
- wâlmaina (Acridotheres ginginianus)
- treurmaina (Acridotheres tristis)
- swartwjukmaina (Acridotheres melanopterus)
- Birmamaina (Acridotheres burmannicus)
- Skaai: moarmerprotters (Saroglossa), 1 soarte yn Yndia
- Skaai: poarperprotters (Aplonis), 21 libbene soarten yn E-Yndoneezje, Austraalje en Oseaanje, 1 soarte yn SE-Aazje
- Skaai: protters Sturnus, 2 soarten yn Jeropa en W-Aazje
- Skaai: reade wynbrauprotters (Enodes), 1 soarte yn Selebes
- Skaai: readstútstaren (Scissirostrum), 1 soarte yn Selebes
- Skaai: reuzemaina's (Mino), 3 soarten yn Nij-Guineä
- Skaai: rôze protters (Pastor), 1 soarte yn SE-Jeropa en W-Aazje
- Skaai: spegelprotters (Speculipastor), 1 soarte yn Afrika
- Skaai: skiere protters Spodiopsar, 2 soarten yn Aazje
- Skaai: Srylankaanske staren (Sturnornis), 1 soarte yn Sry Lanka
- Skaai: Súdeastaziatyske protters Sturnia, 5 soarten yn S- en SE-Aazje
- Skaai: swartbúkprotters (Notopholia), 1 soarte yn Afrika
- Skaai: wytkraachprotters (Grafisia), 1 soarte yn Afrika
- Skaai: wytwjukprotters (Neocichla), 1 soarte yn Afrika