Wipsturt- en piperfûgels
Wipsturt- en piperfûgels | ||
![]() | ||
Boumantsje (Motacilla alba) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | (Passeroidea) | |
famylje: | wipsturt- en piperfûgels (Motacillidae) | |
Horsfield, 1821 |
De wipsturt- en piperfûgels (wittenskiplike namme: Motacillidae) foarmje in famylje fan sjongfûgels yn de boppefamylje fan de Passeroidea yn it skift fan moskeftigen. Ta de famylje hearre de boumantsjes, langklauwen en pipers.
De famylje telt de neikommende fiif skaaien. Fan de twa monotypyske skaaien wurdt de ienige soarte hjir ek neamd:
- Skaai: Dendronanthus, 1 soarte:
- beamwipsturt (Dendronanthus indicus)
- Skaai: Motacilla (boumantsjes), 12-18 soarten
- Skaai: Tmetothylacus, 1 soarte:
- goudpiper (Tmetothylacus tenellus)
- Skaai: Macronyx (langklauwen), 7 soarten
- Skaai: Anthus (fûgels) (pipers), 42 soarten
De twa skaaien Dendronanthus en Motacilla wurde mea-inoar ek wol as wipsturten oantsjut. Lyksa wurde de skaaien Tmetothylacus, Macronyx en Anthus mea-inoar ek wol as piperfûgels oantsjut.