Langsturtmiesfûgels
Langsturtmiesfûgels | ||
Wytkoplangsturtmies (Aegithalos caudatus caudatus) | ||
Taksonomy | ||
klasse: | fûgels (Aves) | |
skift: | moskeftigen (Passeriformes) | |
ûnderskift: | sjongfûgels (Passeri) | |
boppefamylje: | echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) | |
famylje: | langsturtmiesfûgels (Aegithalidae) | |
Reichenbach, 1850 | ||
De langsturtmiesfûgels (Aegithalidae) binne in famylje fan sjongfûgels yn it skift fan de moskeftigen (Passeriformes). De famylje telt sa'n 13 soarten ferdield oer 3 skaaien. It binne lytse fûgeltjes fan 9-15 cm mei in lange sturt. Troch harren lange sturt binne se net de lytste fûgeltjes op ierde. De langsturtmiesfûgels libje yn Jeraazje en de measte yn Midden-Aazje; allinnich de strûkmies is in Amerikaanske soarte. De 'gewoane' langsturtmies briedt ek yn Nederlân en Fryslân.
Taksonomy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De langsturtmiesfûgels binne gjin 'echte' miesfûgels (Paridae), en binne ek net nau besibbe mei de miezen. Se wurde ta de boppefamylje fan de echte sjongers fan de Alde Wrâld (Sylvioidea) rekkene, dêr't de 'echte' miesfûgels neffens resinte ynsichten net hearre.
De 13 soarten fan de langsturtmiesfûgels binne de foljende:
- Famylje: langsturtmiesfûgels (Aegithalidae)
- Skaai: langsturtmiezen (Aegithalos), 10 soarten:
- langsturtmies (Aegithalos caudatus)
- sulverkiellangsturtmies (Aegithalos glaucogularis)
- wytwanglangsturtmies (Aegithalos leucogenys)
- readkrúnlangsturtmies (Aegithalos concinnus)
- wytkiellangsturtmies (Aegithalos niveogularis)
- rustwanglangsturtmies (Aegithalos iouschistos)
- swartbraulangsturtmies (Aegithalos bonvaloti)
- Birmeeske langsturtmies (Aegithalos sharpei)
- griiskoplangsturtmies (Aegithalos fuliginosus)
- dwerchmies (Aegithalos exilis of Psaltria exilis)
- Skaai: langsturtmieshoantjes (Leptopoecile)
- strûkhoantsje (Leptopoecile sophiae)
- toefhoantsje (Leptopoecile elegans)
- Skaai: strûkmiezen (Psaltriparus), 1 soarte:
- strûkmies (Psaltriparus minimus)
- Skaai: langsturtmiezen (Aegithalos), 10 soarten: