Tsjerke fan Finkegea
Tsjerke fan Finkegea | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Finkegea | |
adres | Noardwâlderwei 23 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1899 | |
arsjitekt | B. Rouwkema |
De Tsjerke fan Finkegea is in earder tsjerkegebou yn Finkegea, gemeente Weststellingwerf. It gebou wurdt restaurearre en wurdt nei in skoft leech stien te hawwe no geskikt makke ta doarpshûs.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke waard yn 1899 neffens it plan fan B. Rouwkema boud foar de herfoarme gemeente fan Finkegea en ferfong doe in âlder gebou, wêrfan't de toer al yn 1754 ôfbrutsen wie. Oant 1969 hie de tsjerke in spits tuorke, mar de spits wie brekfallich en jild foar in nije spits hie de herfoarme gemeente net. De gemeente liet de spits ferfange troch in sealtek. Yn 1980 waard de tsjerke ôfstjitten en yn gebrûk nommen as atelier. De tsjerke rekke yn ferfal en soe earst as wenhûs ferkocht wurde, mar dat wie de Finkegeaster befolking min nei't sin en dus waard yn 2010 it gebou oankocht troch de doarpsmienskip. Yn desimber 2017 is der útein set mei de restauraasje, dy't yn 2018 foltôge wurde sil.
De doarpsmienskip stribbe der nei om nei de restauraasje de provisoaryske sealtek-ôfsluting fan de toer te ferfangen troch in replika fan de oarspronklike spits.[1][2] Der waard jild ynsammele foar dat projekt. De kosten waarden op 150.000 euro rûsd en om dy leger te krijen waard socht nei in besteande toer. Der waard in spits fûn fan it eardere Sint Jehannes de Deosikehûs yn Haarlim. It plan wie om dy spits yn 2021 op de toer te setten, mar de prosedueres en de koronakrisis soargen foar opûnthâld, wertroch't de kosten foars oprûnen en de stifting net mear in slutende begrutting hie.[3] De stifting siket optheden (novimber 2021) noch nei fûnsen om it ûntbrekkende jild by inoar te krijen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn de tsjerke stie oant de jierren 1970 in oargel út 1921 fan de P. van Dam, Ljouwert. It waard troch Flentrop Orgelbou opslein yn Saandam en dielen der fan binne ferarbeide yn in ynstrumint foar de Grifformearde Gemeente fan Saandam. Doe't harren tsjerke yn 2013 sletten waard ferhûze dat oargel nei de tsjerke fan de Grifformearde Gemeente yn Amsterdam-Noard.[4][5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|