Wolter te Riele

Ut Wikipedy
Wolter te Riele (1932)

Wolterus Antonius Maria te Riele (Dimter, 8 augustus 1867 - Utert, 13 febrewaris 1937) wie in Nederlânske arsjitekt dy't foaral tsjerkgebouwen ûntwurp. De measte gebouwen dy't Te Riele ûntwurp wurde rekkene ta de neogotyk. Hy jildt as ien fan de meast fernijende arsjitekten fan de styl yn Nederlân.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wolter te Riele wie in soan fan Gerard te Riele, dy't sels in wichtich arsjitekt fan tsjerken yn Gelderlân en Oerisel wie. De jonge Te Riele waard ynearsten oplaat troch syn heit, mar waard letter in learling fan P.J.H. Cuypers. Hy studearre ek yn Ingelân en Gint. Te Riele syn iere wurk, oars krekt as syn heites, waard bot beynfloede troch dat fan Alfred Tepe, en wie sterk rjochte op de Nederrynske gotyk en in hast allinne gebrûk fan bakstien. In goed foarbyld fan dy noch frijwat tradisjonele styl is syn earste tsjerke, de Sint-Georgius yn Almelo. Yn 1905 naam Te Riele Tepe's plak as wichtichste arsjitekt fan it aartsbisdom Utert oer. Yn 1918 ferwiksele er syn wenplak Dimter foar Utert. Hoewol't de ynfloed fan Tepe nea hielndal ferdwûn wurdt Te Riele's lettere wurk tekene troch in moderne ynterpretaasje fan de neogotyk dêr't ek ynfloeden út oare stilen yn ferwurke waarden. In protte fan syn tsjerken hawwe in plattegrûn dy't foldie oan de liturgyske easken fan harren tiid troch it geunstichst sicht op it alter oan te bieden. In breed skip wie dêrfoar meast de oplossing. Somtiids paste Te Riele lykwols in sintralisearjende plattegrûn ta. In hichtepunt dêrfan is de U.L. Frouwetsjerke yn Hilversum út 1910, dy't in seiskantige krusing krige en in pear jier letter as foarbyld tsjinne foar P.J.H. Cuypers syn Onze Lieve Vrouwekerk yn Fenlo.

Te Riele ûntwurp tsjerken yn ûnder mear Almelo, Amersfoort, Breda, Cothen, Eindhoven, Elden, Gemonde, Helmond, Koewacht, Laren, Millingen aan de Rijn, Easterwierrum, Ossenisse, Stienwyk en Utert. Hy hat trije neogoatyske tsjerken yn Fryslân ûntwurpen. Foar Dokkum ûntwurp er ek in prosessypark ta oantins fan Bonifatius, dat lykwols mar foar in part realisearre waard; de kapel waard úteinlik boud neffens in ûntwerp fan Hendrik Willem Valk, in âld-learling fan Te Riele.

Foarbylden fan syn wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]