Protestantske tsjerke fan Steggerda
Protestantske tsjerke | ||
Lokaasje | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Weststellingwerf | |
plak | Steggerda | |
adres | Kosterwei | |
koördinaten | 52° 51' N 6° 4' E | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | B. Rouwkema | |
boujier | 1739 | |
monumintale status | gemeentlik monumint | |
Webside | ||
Protestanske gemeente Lindestreek | ||
Kaart | ||
De Protestantske tsjerke yn Steggerda is ien fan de twa tsjerken fan de protestantske gemeente Lindestreek. De tsjerke is in gemeentlik monumint.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De skiednis fan de gemeente giet werom op it jier 1727, doe't de doarpen Steggerda en Finkegea in selsstannige tsjerklike gemeente foarmen. Der wie doe al op itselde plak in tsjerke oanwêzich, dy't yn 1708 op 'e nij boud wie. Yn 1739 fûn der in grutte restauraasje plak, dy't troch de izeren sifers fan dat jier oan in muorreanker oan de súdlike muorre betocht wurdt.
De tsjerke is yn 1903 ferboud neffens it plan fan G. Rouwkema. Yn de flier fan de tsjerke leit in grêfsark út 1642. Net bekend is fan wa't de sark is.[1]
Yn 2011 waarden yn Steggerda de protestantske gemeenten fan Noardwâlde en Steggerda-Finkegea-De Hoeve gearfoege ta de protestantske gemeente Lindestreek. De tsjerke fan De Hoeve waard opjûn en it tsjerkhôf fan Finkegea oerdroegen oan de Stifting Behâld Finkegea (de tsjerke wie al dessenia earder sletten). It begraafplak fan Noardwâlde is doe ûnderbrocht by in aparte stifting.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It oargel fan de tsjerke waard yn 1977 boud troch de firma Flentrop út Saandam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|