Skoatter Uterdiken

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

De Skoatter Uterdiken is in stripe lân tusken De Tsjonger en de Ychtendyk, mei in pear pleatsen. It leit oan de rjochter ûnderouwer fan De Tsjonger foar De Langelille oer.

Doe't it súdlike part fan Skoatterlân it Easterseesterlân waard, bleau de stripe grûn tusken Tsjonger en de dyk by Skoatterlân hearen. Fandêr ek de 'Skoattersyl', dêr't De Tsjonger de âlde seedyk krúst. It gebiet is by de gemeentelike weryndieling fan 1934 dochs by Lemsterlân kaam maar kaam letter yn De Fryske Marren te lizzen.

Doarp[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It plak 'Aldegea' dat yn dit gebiet lei, waard yn 1515 ferwoastge troch Floaris fan Egmond, Steedhâlder fan Fryslân út reden fan Prins Karel. Wat oerbleau wie in streek mei in pear pleatsen. Ek sûnder buorren hat Skoatter Uterdiken noch lang doarpssteat hân, mar nei't it yn 1964 mar 21 ynwenners mear hie, is it oan Bantegea tafoege. De strjitte nei Bantegea hjit noch Skoatteruterdiken.

Untwikkeling ynwennertal[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1964 - 21
  • 1959 - 33
  • 1954 - 31
  • 1909 - 47
  • 1899 - 43
  • 1889 - 58
  • 1879 - 54
  • 1844 - 30

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer , J.H., J.J. Kalma , W. Kok en M. Wiegersma , red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Schoteruiterdijken.
  • Karel F. Gildemacher, "Friese Plaatsnamen", Ljouwert, Friese Pers Boekerij 2007, Schoter Uiterdijken