Langwarder Feart
Appearance
De Langwarder Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren. De feart is de ferbining fan de Langwarder Wielen mei de noardliker lizzende Geau. Nei it easten is de ôfslach nei De Brekken, oan de westkant rinne Slingerrak en Hoaitesleat.
De namme Langwarder Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Langweerdervaart.