Kippenburch

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Lânhûs Kippenburg
Oantinken oan de eardere funksje fan Kippenburg

Kippenburch is in buorskip yn de gemeente Gaasterlân-Sleat. Hy leit oan de De Luts súdwestlik fan Balk. De namme komt krektas Hanenburch fan it wat gekoanstekkerich oantsjutten fan in boerepleats.

Lângoed[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei mear as in iuw wurdt der wer in Wyldemerk holden. Sûnt 1338 wie dat in jiermerk, mar sûnt 2003 is it in kultuer-histoarysk evenemint mei in soad teater. Der wurde streekprodukten ferkocht en boppedat fine jo der trûbadoers, ferhalefertellers, muzyk en hynstesport.

Lânhûs Kippenburg[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sawat 300 meter fan de Luts liet grytman Gerard van Swinderen oan it begjin fan de 19e iuw in hinnefokkerij en in lânhûs op de 26 ha. grûn sette. Doe't de fokkerij net mear genôch oplevere waard it hûs ta herberch ferboud. Yn 1985 waard it hotel sluten en it gebou restaurearre. It kin no ôfhierd wurde. Yn de pleats sit no in dekstasjon en der is in maneezje by. It is yn eigendom by in neisiet fan de famylje Van Swinderen.

Der is tsjinoer de útgong fan it gebou, op it plak fan de âlde gersdrûgerij, in sintrum foar jongerein boud.

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]