Nikolaastsjerke (Wiuwert)
Nikolaastsjerke | ||
bouwurk | ||
lokaasje | ||
lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Súdwest-Fryslân | |
plak | Wiuwert | |
adres | Terp 1 | |
bysûnderheden | ||
type bouwurk | Tsjerke | |
boujier | 1860-1870 (tsjerke) 1888 (toer) | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 9521 [1] | |
offisjele webside | ||
PKN-gemeente De Slachsang |
De Nikolaastsjerke is in tsjerkegebou yn Wiuwert fan de protestantske gemeente De Slachsang. De tsjerke is fral bekend fanwegen de mummygrêfkelder út 1609.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De oan Nikolaas fan Myra wijde tsjerke is oarspronklik 13e-iuwsk. Fan de âlde tsjerke bleau allinne de noardlike muorre bewarre. Steunbearen keare de nei bûten niigjende muorre fan kleastermoppen mei goatyske finsters en spoaren fan feroarings yn it muorrewurk. De rest fan de tsjerke is yn de rin fan de tiid faak ferboud. It hjoeddeiske oansjen is fral 19e-iuwsk. Tusken 1860 en 1870 waarden it eastlike koer en de súdlike muorre fan it skip ommitsele mei brune bakstien. De sealtektoer is yn 1888 ôfbrutsen en ferfongen troch in nije toer mei spits neffens in ûntwerp fan F. Kuikstra út Stiens.
Ynterieur
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke in tradisjoneel protestantsk ynterieur, sa't dat foar de 19e-iuwske feroarings wenst wie. De preekstoel út de earste helte fan de 18e iuw stiet oan de súdlike muorre. Lâns de súdlike muorre steane de iepen banken foar de froulju. De banken fan de manlju steane oan de noardlike muorre. Ek de lambrisearing en de psalmbuorden datearje út de 18e iuw.
It ferhege koer tsjinnet as eksposysjeromte.
Under it ferhege koer leit de grêfkelder út 1609. Yn de grêfkelder lizze de mummifisearre lichems fan trije folwoeksen minsken en in famke. Doe't timmerlju yn 1765 de grêfkelder iepenen, fûnen hja 11 mummys. Dêrfan binne mar fjouwer oerbleaun.
Om sjen te litten dat it proses fan mummifikaasje noch jimmeroan wurket, binne der letter ek in deade hoanne en kat yn ophongen.
Oargel
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerke besit in monumintaal oargel út 1788. It oargel waard boud troch Rudolph Knol. Oargelmakkers as Jan Reinders Radersma en de firma Van Dam wurken oan it oargel en yn 1860 foege Van Dam in twadde manuaal ta. De firma Flentrop út Zaandam foltôge yn 1969-1973 de restauraasje fan it ynstrumint.
PKN-gemeente De Slachsang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De tsjerklike gemeente dêr't de Nikolaastsjerke fan Wiuwert ûnder falt, besit noch twa oare tsjerken:
Foar spesjale tsjinsten wurdt ek út en troch de Sint-Joaristsjerke fan Britswert brûkt.
-
Oersjoch ynterieur -
Preekstoel en dooptún" -
Paniel kânselkûp -
Fouljusbanken -
Psalmboerd -
Oargel -
Fykwurk oargelkas
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|