Oerspandheid

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje

Oerspannenheid is in gemoedstâstân dy't ûntstiet as immen te lang spand west hat en net genôch mear ta rêst komme kin.

De oarzaken binne tige ferskaat. Sa kin immen oerspand wurde as op koarte termyn tefolle emoasjes ferwurke wurde moatte, mar ek as de wurkdruk te grut is, der tefolle stress is of as immen him net genôch ûntspanne kin. It is altiten fan belang genôch rêst te nimmen.

Oerspandheid kan soms slimme lichaamlike gefolgen hawwe. Fakentiden binne de adrenalinespegel en de bloeddruk te heech en treden hertkloppings op. Fierder lijt de persoan faak oan spierpine of pine'e holle. Geastelik kin der sprake wêze fan irritaasje en agresje, ûngeduerigens, emoasjonele ferflakking en in ferlies fan ynteresse en motivaasje.

As de feroarsaakjen omstannichheden net feroarje, kin oerspandheid tige lang duorje en mooglik liede ta depresje of stressbesibbe oandwanings, lykas burn-out. Faak is medyske of psychologyske help nedich.

Relatearre ûnderwerpen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]