Springe nei ynhâld

Onno Zwier fan Haren

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Onno Zwier van Haren)
Jonker Onno Zwier fan Haren yn 1752 troch J. Fournier

Jonkhear Onno Zwier fan Haren (Ljouwert, 2 april 1713Wolvegea, 2 septimber 1779), broer fan jhr. Willem fan Haren, wie in Frysk politikus, (toaniel)skriuwer en dichter. Hy wie de pake fan de Nederlânske steatsman Gijsbert Karel van Hogendorp.

Fan Haren studearre yn Frjentsjer en te Utert, en waard yn 1734 boargemaster fan Sleat en histoarjeskriuwer fan de provinsje, yn 1742 grytman fan Weststellingwerf, lid fan de Steaten fan Fryslân, fan de Ried fan Steat, en fan de Steaten-Generaal. Letter wie hy deputearre te fjilde en ôffurdige ta de fredehandel te Aken. As trou tsjinner fan steedhâlder Willem IV, dêr't er sûnt syn jeugd omgong mei hie en deselde geunsten by de prinses-gûvernante Anna fan Hannover dielde, hie er in soad machtige tsjinstanners, ûnder wa de hartoch fan Brunswijk.

Nei de dea fan de foarstinne yn 1759 ferlear er syn ynfloed en doe't syn fijannen ek yn syn eigen famylje oanhing krigen, wie er, sa't it altyd giet dêr't de fijân binnen de muorren stiet, sûnder mis in ferlern man. Van Vloten hat it ferhaal fan dy leedfolle tweintich jierren betitele: Een Edelman onder ploerten. Busken Huet skreau, út in oar gesichtspunt: De Van Harens (Batavia 1875).

De hurde feiten koenen ek yn de 19e iuw noch net oan it papier tabetroud wurde. De fal fan Onno Zwier fan Haren yn 1759 waard feroarsake troch in deifurdiging fanwege seksueel misbrûk fan syn dochters. It foarûndersyk en de rjochtssaak duorren trije jier. Yn it earstoan lei Fan Haren in bekentenis ôf, mar letter luts er dy wer yn. Hy hie dy ûnder presje ôflein, sa ferklearre er. It fûnnis fan it Hof fan Fryslân op 27 oktober 1762 wie net ûndûbelsinnich. Gjin feroardieling, mar ek gjin frijspraak. De dochters mijden elk kontakt mei harren heit, wat dochs as in fingerwizing beskôge wurde kin. De politike karriêre fan de grytman en deputearre wie foargoed ferneatige en Fan Haren luts him werom op "Lindenoard". Yn 1776 baarnde it bûtenferbliuw by Wolvegea oan de grûn ta ôf.

Yn de 19e iuw waard er priizge as de ienichste lêsbere Nederlanner út de perioade tusken Poot en Willem Bilderdijk. Eddy du Perron publisearre yn 1939 in histoaryske roman oer it famyljedrama: Skandaal yn Hollân.

  • Aanspraak gedaan als president van den Raad van Staate op den 29 december 1746
  • Lijkreeden over wijlen sijne Hoogheid Willem de IVde (Ljouwert 1766, Amsterdam 1832)
  • Zeedige aanmerkingen over de veengraveryen in Friesland (Ljouwert, 1766)
  • De koophandel. Lierzang (Swol, 1769)
  • Agon, sulthan van Bantam, treurspel (Ljouwert 1769, 3e printinge ald, 1779)
  • De Geuzen (2e druk, (de eerste druk verscheen onder de titel van: Aan het Vaderland, Leeuw. 1769), Swol 1771, 5e printinge bezorgd door Bilderdijk ald. 1785, 't laatst herdr. yn 't Pantheon van Roelants)
  • Proeve op de Levensbeschrijving der Ned. Doorl. Mannen behelzende het leven van Johannes Kamphuis (Ljouwert 1772)
  • Willem de Eerste, treurspel (Swol 1773, ald. 1772)
  • Van Japan, met betrekking tot de Hollandsche natie en de Christel. Godsd. (Swol, 1775)
  • Proeve van overzetting uit het Engelsch. Pope's Essay on Man (Swol, 1776)
  • De komst van den Messias. Lofzang (Swol, 1776)
  • De Herschijning. Lierzang (1776)
  • Verhand. over de nationale of vaderl. gedichten (in de ferhandeling fan it Siuwske Genoatskip)
  • De Landbouw. Lierzang (Swol, 1777)
  • De Inenting. Lierzang (Swol, 1777)
  • Nieuwjaarsbrief aan mijn jongsten zoon (1778)
  • De Vrijheid. Lierzang (1778)
  • Vaarwel van een ouden vader aan sijn soon, vaarende op 's Lands schip van oorlog de Argo. Lierzang (1778)
  • De Koopman (Swol, 1778)
  • De Staatsman (Swol, 1778)
  • De Schimmen. Lierzang (Swol, 1778)
  • Proeve van eene nationale zeedelijke Leer-reden (Swol, 1779)
  • Pietje en Agnietje of de Doos van Pandora, toanielstik (1779)
  • De offerhande van Themistocles. Lierzang van Pindarus. In ûnbekend gedicht fan in bekende dichter troch J.H. Halbertsma (Dimter 1835).

De dichterlike wurken fan Willem en Onno Zwier fan Haren, binne yn 1824 te Amsterdam en troch Van Vloten te Dimter 1871/74 útjûn. Noch wurdt it oan him takend in redefiering ûngefear 1746 yn it Nederlânsk skreaun en yn it Ingelsk oersetten en letter wer yn it Nederlânsk oerset, mei de titel: De gevoelens van een Hollandsch patriot of Redevoering gedaan in eene doorluchte vergadering over den tegenwoordigen staat der zaken.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Onno Zwier van Haren fan Wikimedia Commons.