Joazef fan Arimatéa

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Joazef fan Arimatéa (James Tissot)

Joazef fan Arimatéa is in persoan út it Nije Testamint, dy't nei de krusiging fan Jezus in rol spilet yn de bysetting fan Jezus yn it grêf. Hy wie in rike joad, dy't nei in sit hie yn it Sanhedrin [1], de joadse Hege Ried yn Jeruzalim. Joazef spile letter ek in wichtige rol yn tal fan leginden oer de Hillige Graal.

Bibel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joazef fan Arimatéa siket by Pilatus tastimming om it lichem fan Kristus wei te heljen fan it krús, James Tissot, 19e iuw Brooklyn Museum
Joazef fan Arimatéa en Marije Magdalena fersoargje nei de krusiging it lichem fan Kristus om Him foar de bysetting yn it grêf klear te meitsjen.

Joazef wie yn it Nije Testamint in learling fan Jezus, mar hold dat stil om't er benaud wie foar de Joaden fan de âlde stimpel. Sa moast er ek temûk tastimming freegje oan Pilatus oft er it lichem fan Jezus fan it krús helje mocht. Tegearre mei Nikodémus helle Joazef Jezus fan it krús en neffens de joadske gebrûken fersoarge hy it lichem om Him klear te meitsjen foar de bysetting yn it grêf. Net fier fan Golgota hie Joazef foar himsels in nij grêf úthouwe litten en ornearre dat foar Jezus. [2].

Ferearing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Joazef fan Arimatéa wurdt yn de Roomsk-katolike, Eastersk-otterdokske en guon protestanske tsjerken as in hillige fereare. Tsjintwurdich falt de roomske feestdei fan Joazef tegearre mei dy fan Nikodémus op 31 augustus, eartiids wie dat 17 maart. Yn de Eastersk-otterdoksy wurdt Joazef op de twadde snein nei Peaske betocht en dêrnjonken, krekt as de Lutherske tsjerken, ek op 31 july. Ek al wurdt Joazef fan Arimatéa ferbûn mei in rige fan midsieuwske leginden oer de hillige graal (nei alle gedachten fakentiden útwurkingen fan iere apokriven), hy komt op dit stuit net mear foar op de liturgyske kalinder fan de Tsjerke fan Ingelân. By oare tsjerken fan de Anglikaanske Mienskip, sa as de Episkopale Tsjerke yn de Feriene Steaten, wurdt Joazef op 1 augustus betocht.

Ikonografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Krúsôfname (Rogier van der Weyden, ± 1435)

De krúsôfname hat yn de byldzjende keunst jimmeroan in populêr tema west, ek al wurdt der yn de evangeeljes net wiidweidich oer skreaun. Der binne tal fan foarbylden te finen yn de betide midsieuwske yllustraasjes fan boeken. Faak wurde foarstellings sjen litten fan in Jezus mei ferwidere spikers, Dy't yn de earms fan Joazef fan Arimatéa falt. Dat soarte foarstellings fertoane faak in komposysje fan trije figuren: Kristus, Joazef en Nikodémus. Byzantynske panelen foege dêr ek Marije en de apostel Jehannes oan ta. Ien fan de meast bekende foarstellings fan de krúsôfname is dy fan Rogier van der Weyden út likernôch 1435. It sintrale diel fan it triptychon toant in grize Joazef fan Arimatéa mei burd, dy't it deade lichem fan Kristus yn in wite doek fêsthâldt.

Oerlevering[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De apokriven Acta Pilati út de 5e iuw skriuwe mear oer Joazef fan Arimatéa fan de evangeeljes en berjochtsje oer in arrestaasje fan Joazef, nei't ûntdutsen waard dat Jezus' grêf nei de opstanning leech wie. Joazef waard beskuldige fan it stellen fan it lichem en ta fjirtich jier finzenis feroardiele. Yn de finzenis ferskynde Kristus foar Joazef en joech him doe de tsjelk fan it lêste jûnsmiel mei de opdracht om dêr op te passen. Tanksij de krêft fan de tsjelk wist Joazef syn straf te oerlibjen: alle dagen brocht in do Joazef in stik bôle, dat op de tsjelk lein waard.

Neffens de leginde fong Joazef fan Arimatéa by de krusiging bloed fan Jezus yn de tsjelk, dy't brûkt is by it Lêste Jûnsmiel, op. It bloed wie ôfkomstich út de wûne fan Kristus, dy't de romeinske centurion Longinus feroarsake hie doe't er Jezus nei syn dea mei de hillige lâns yn'e side stiek.

Nei't Joazef de finzenis ferliet soed er as in âld man syn heitelân ferlitten en de graal nei Ingelân brocht ha. Dêr soe Joazef (of syn sweager Bron mei syn soan Alan) in kapel yn Glastonbury yn Somerset boud hawwe. Dy kapel baarnde yn 1184 ôf en waard ferfongen troch de bou fan de abdij fan Glastonbury. De abdij waard yn opdracht fan Hindrik VIII yn 1539 ferneatige, sa't der tsjintwurdich allinne noch resten bewarre binne.

Grêf fan Joazef fan Arimateá yn de Grêftsjerke, Jeruzalim

De leginde oer de graal ferhellet ek dat Joazef by syn komst yn Glastonbury syn stêf yn de grûn stutsen hat. Dy stêf begûn dêrnei út te rinnen en feroare yn in toarnebosk. Ieuwenlang bleau de toarnebosk yn it lytse tsjerkje twa kear bloeien, mei Kryst en mei Peaske. De Glastonbury Thorn, in hagebeamsoarte dy't yn de omkriten fan Glastonbury stiet en yn tsjinstelling ta gewoane hagebeammen twaris yn it jier bloeit, wurdt tradisjoneel beskôge as de toarnebosk dy't 't út de stêf fan Joazef groeide.

In oare leginde oer Joazef wol ha dat de graal oan de foet fan de Glastonbury-poarte begroeven is. It reade wetter fan de izerhâldende boarne dêr wurdt mei it bloed fan Kristus yn ferbân brocht. De tsjelk komt yn tal fan leginden as Hillige Graal foar en mannich ridder hat der om socht. Yn ien fan dy oerleverings is it de ridder Galahad slagge om de graal te sjen, doe't him yn in ferskining fan Joazef de tsjelk oerlange waard.

Grêf[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens de oerlevering soe it grêf fan Joazef fan Arimatéa yn de westlike apsis fan de rotunde fan de Grêftsjerke yn Jeruzalim lizze. Oare âlde boarnen lokalisearje it grêf yn it kleaster fan Glais yn Scotland (L'Estoire del Saint Graal), in regio yn súdwest Ingelân dy't befolke waard troch Skotten en dêrom de namme Scotland droech [3], of yn de abdij fan Glastonbury (Joazef fan Arimatéa, Robert de Boron). Ek it eilân Sint-Patrick by Man komt yn de beneaming foar de lokaasje wêr't Joazef begroeven is.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Josef von Arimathäa


  1. Markus 15:42; Lukas 23:50
  2. Mattéus 27:57-60, Markus: 15:43-46; Lukas 23:50-54; Jehannes 19:38:42
  3. The Path of the Holy Graal: Mary Magdalene, Joseph of Arimathea and Les Saintes Maries de la Mer, Luigi Antonio Macrì