Springe nei ynhâld

Stam (diel fan in plant)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Stamme (plant))
In stam mei draaigroei fan 'e Amerikaanske iik (Quercus rubra).

In stam of stamme is de ferhoute haadstâle fan in beam. It is it sintrale diel fan 'e beam, dat droegen wurdt troch de woartels en dêr't boppe in kroan fan tûken mei blêden of nullen út groeit. De stam ûntjout him troch sekundêre omfanggroei en wurdt almeast bedutsen troch in beskermjende laach ferhurde skors De bast is de oantsjutting foar it gehiel fan 'e skors en de oangroeilaach, dy't fuort ûnder de skors sit.

De stam hat ferskate funksjes. Sa jout er foldwaande stevigens by hurde wyn, sadat de beam net (gau) omwaait. Fiedingsstoffen en wetter wurde troch de stam ferfierd fan woartels nei blêden en oarsom. By guon beamsoarten, lykas mammoetbeammen (Sequoioideae), kin de skors in beskate beskerming biede tsjin boskbrân.

Evolúsjonêr hat it der it measte fan dat gruttere planten in stam ûntjûn hawwe om't de heechste plant it measte sinneljocht opfangt.

De stamomtrek is krekt as de diameter op boarsthichte ien fan 'e parameters om beammen en harren stammen te klassifisearjen en beammen mei in opmerklik gruttere stamomtrek of diameter as útsûnderlik te klassifisearjen. De beam mei de grouste stam fan 'e wrâld is de Árbol del Tule, in montezumasypres (Taxodium mucronatum) yn Santa María del Tule yn Meksiko. Ta beamsoarten mei de grouste stammen hearre fierders Afrikaanske baobabs (Adansonia digitata), kustmammoetbeammen (Sequoia sempervirens), lykas Hyperion, en reuzemammoetbeammen (Sequoiadendron giganteum), lykas General Sherman.

Ut 'e stammen fan beammen wurdt troch minsken hout wûn, wat behalven in boumateriaal ek in wichtige grûnstof is foar de produksje fan alderhanne dingen. It proses fan houtwinning, wêrby't de beam deamakke wurdt, hjit houtkap. Guon stammen fertoane it ferskynsel draaigroei, wat it hout bedjert en betsjut dat se inkeld gaadlik binne as baarnhout.

Yn 'e dendrology kin de âlderdom fan beammen bepaald wurde troch de jierringen yn 'e trochsneed fan 'e stam te tellen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.