Springe nei ynhâld

Aristokrasy

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Aristokratysk)

Aristokrasy (Gryksk: ἀριστεύς ("beste") + κρατεῖ ("hearskjen")) is in steatsynrjochting dêr't it liederskip yn hannen is by dyjingen dy't achte wurde dêr it meast geskikt foar te wêzen, de aristokraten. De Grykske oarsprong fan it wurd suggerearret de betsjutting: regearre troch de besten. Faak is der mar in lytse groep fan aristokraten, wêrtroch de steatynrjochting dan ek in oligargy is. It kin ek sa wêze dat aristokraten net wier de bêsten binne, mar allinnich de ryksten; yn dat gefal is de aristokrasy ek in plutokrasy. De term 'aristokrasy' wurdt ek in protte brûkt as oantsjutting foar de maatskiplike klasse dêr't de aristokraten ta hearre.

Aristokrasy giet faak tegearre mei in monargy. In de histoarje hawwe de eallju en de geastliken meastentiids de rol fan aristokraten op har nommen.

Demokrasyen hawwe ek hast altiten beheind west ta in lytsere as gruttere groep minsken dy't kiesrjocht hawwe. Dat jildt ek foar de parlemintêre demokrasy. By de earste parlemintêre demokrasyen mochten allinnich manlju dy't mear as in bepaald bedrach oan belesting betellen har stim útbringe en keazen wurde; hjoeddedei meie almeast allinnich folwoeksenen stimme, en allinnich at ja by harren folle ferstân binne. Sadwaande binne demokrasyen ornaris ek foarmen fan aristokrasy, mar mei sa'n grutte groep fan geskikten dat it oer it algemien net mear as in beheining sjoen wurdt. Al is it sa dat idealiter yn in betrieme demokrasy dy persoanen it direkte liederskip hawwe dy't dêr it meast geskikt foar binne.

Nettsjinsteande it feit dat yn distiid it meastepart fan alle lannen demokratysk wurden is, komme yn de measte lannen de regearders hieltyd noch út in beheind fermidden. Yn guon lannen hawwe rike minsken fan net-aadlik komôf de aristokratyske rol fan de eallju út eardere tiden oernommen. Yn oare lannen is kampanjefieren sa djoer dat it allinnich troch de riken dien wurde kin. Dizze demokrasyen binne dan plutokrasy-eftich. Yn lannen dêr't dit net sa is, giet parlemintêre demokrasy faak gear mei in boppelaach yn 'e befolking dêr't de measte fertsjinwurdigers út fuortkomme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.