Springe nei ynhâld

Konsummaasje

Ut Wikipedy
In yllustraasje út 'e Sancuinum Sanitatis, in Midsiuwsk hânboek oer wolwêzen.

Konsummaasje (in ferhaadwurdlike foarm fan it tiidwurd 'konsummearje', fan it Latynske consummare, dat "foltôgje" betsjut) is de oantsjutting foar it neffens de lear fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke jildich meitsjen fan in houlik troch it bedriuwen fan faginale geslachtsmienskip. Neffens guon boarnen wurdt dêr it bykommende betingst oan taheakke dat der gjin foarbehoedsmiddel brûkt wurde mei; de hiele bedoeling fan 'e konsummaasje (en fan it houlik) is neffens de roomske lear ommers de fuortplanting, mei oare wurden: om 'e froulike houlikspartner swier te meitsjen, en in foarbehoedsmiddel behinderet dat doel.

De konsummaasje fûn histoarysk plak yn 'e houliksnacht, nei de dei dat de sluting fan it houlik en ornaris ek de brulloft plakfûn hiene. It wie de bedoeling dat de konsummaasje synonym wie mei de ûntfamming fan 'e breid, hoewol't dat, it minsklik aard kennende, grif lang net altyd it gefal west hawwe sil. Sûnder de konsummaasje wie (en is) in houlik ûnder it kanonyk rjocht fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke nammentlik net jildich en soks kin troch ien fan 'e beide houlikspartners as reden oanfierd wurde om in neatichferklearring fan it houlik oan te freegjen by de tsjerklike autoriteiten. Sa koe yn 1491 bgl. it houlik fan Anne fan Bretanje en Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk ûnder swiere Frânske druk ûntbûn wurde om't it nea konsummearre wie.

Wol wie it mooglik dat de konsummaasje fan in houlik útsteld waard. Soks fûn benammen plak yn it ramt fan houlikspolityk, as it gie om in bernehoulik, wêrby't ien of beide fan 'e houlikspartners te jong achte waarden om seksuele omgong te hawwen. Der waard dan troch de fâd(en) fan 'e te jonge houlikspartner(s) yn it houlikskontrakt fêstlein fanôf wannear't it houlik konsummearre wurde mocht. In bekend foarbyld fan sa'n foarfal út 'e Nederlânske skiednis is it ferhaal fan Ingelbrecht I fan Nassau-Dillenburch (in foarfaar fan Willem fan Oranje), dy't yn 1403, doe't er 33 jier wie, troude mei de smoarrike 11-jierrige erfdochter Jehanna fan Polanen. Dêrby waard troch de famylje fan it famke betongen dat it houlik net konsummearre wurde soe oant 1409, as hja 17 jier wêze soe. Yndie waard harren earste bern, Jan IV fan Nassau-Breda, pas yn 1410 berne.[1][2]

In oar foarbyld wie it houlik, yn 1641, fan Willem II fan Oranje-Nassau, de soan fan 'e Hollânske steedhâlder Freark Hindrik, mei prinsesse Marije Hinriëtte Stuart, de dochter fan kening Karel I fan Ingelân. Dêrby wie de brêgeman 15 jier, wylst de breid noch mar 9 jier wie. Nei it sluten fan it houlik folge jûns wol neffens Ingelske tradysje de 'tebêdelizzing' fan it breidspear, wêrby't se troch de brulloftsgasten op bêd brocht waarden. Se waarden lykwols gjin momint allinnich litten, en út foarsoarch wie it nachtjak fan 'e breid fan ûnderen, om har fuotten hinne, tichtnaaid. Dêrom bea de hofnar Willem by wize fan grap mei in protte seremonieel in skjirre oan, wat ta algemiene hilariteit late. De eigentlike konsummaasje waard útsteld oant 1649, doe't de prinsesse 17 jier wie. Sa koe it dat doe't Willem yn 1650 ûntidige jong kaam te ferstjerren, syn frou op alle dagen rûn.[3] Tsjintwurdich komme bernehouliken mei útstelde konsummaasje noch foar yn bgl. Jemen en Yndia.

Ek kaam in útstelde konsummaasje wol foar yn it gefal fan trouwen mei de want, wêrby't de brêgeman net by syn eigen houlik oanwêzich wie, en ferfongen waard troch in folmacht dy't symboalysk in want by him hie dy't de brêgeman droegen hie. Yn it diel fan 'e houliksseremoanje wêrby't de breid oars har brêgeman by de hân nommen hie, pakte se dan syn want beet. Trouwen mei de want kaam inkeld foar by de (hege) adel, en dan noch inkeld as der oarloch wie of oare ûnlijichheden dy't de oanwêzigens fan 'e brêgeman ûnmooglik makken, of as de brêgeman in regearjend monarch wie dy't yn eigen lân net mist wurde koe, en syn breid in útlânske prinsesse.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Ditzhuyzen, R.E. van, Het Huis van Oranje, Bussum, 1979.
  2. Kikkert, J.G., Willem van Oranje, Weesp, 1983, s. 9-10.
  3. ——, Kroniek van Nederland, Amsterdam, 1990, s. 419.

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.