Springe nei ynhâld

Miuwen

Ut Wikipedy
Miuwen
(Europeeske) sulvermiuw
(Europeeske) sulvermiuw
Taksonomy
ryk:dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
klasse:fûgels (Aves)
boppeskift:nije fûgels (Neoaves)
skift:wilstereftigen (Charadriiformes)
famylje:seefûgels (Laridae)
skaai:Miuwen (Laridae)
Linnaeus, 1758

Miuwen (Laridae) foarmje in famylje fan seefûgels (Laridae) út it skift wilstereftigen (Charadriiformes).

De soarten binne oer it generaal relatyf grutte, griis mei wite fûgels. De lytste is de lytse miuw (Hydrocoloeus minutus) en de grutste is de grutte sjouwerman (Larus marinus). Se ha in skelle, kritende rop en in sterke snaffel. De poaten ha swimfluzen.

It identifisearjen fan soarten yn it skaai kin lestich wêze foar sawol de leek as de saakkundige, benammen by jonge fûgels dy't ûnderling ek wer hiel ferskillend wêze kinne en troch meardere kleurfazes geane foardat se it folwoeksen fearrekleed krije. By guon soarten komt ek regelmjittich hybridisaasje foar, itjinge determinaasje noch lestiger makket

Yn it ferline waarden hast alle miuwen yn dit skaai set, dat as in grut monofyletysk skaai behannele waard. Op basis fan in nije molekulêre fylogeny mei mitochondriaal DNA wurdt dy âlde klassifikaasje no as polyfyletysk beskôge. Dêrtroch wurde in oantal soarten net mear yn it skaai Larus set, mar yn 'e (op 'e nij oprjochte) skaaien Ichthyaetus, Chroicocephalus , Leucophaeus en Hydrocoloeus.

De taksonomy fan 'e grutte miuwen yn 'e groep sulvermiuwen en sjouwermannen is tige kompleks. Ofhinklik fan 'e auteur wurde tusken twa en acht soarten ûnderskieden.

It skaai wurdt yn 25 soarten ûnderferdield:

OfbyldWittenskiplike nammeFryske nammeFerspriedingStatus
Larus smithsonianusAmerikaanske sulvermiuwNoard-Amearika fan sintraal Alaska oant Newfoundland en de Grutte Marren, oerwinteret oant yn 'e Karibennet bedrige[1]
Larus brachyrhynchusAmerikaanske ûnwaarsfûgelNoardwestlik Noard-Amearikaûnbekend[2]
Larus atlanticusArgentynske miuwAtlantyske kust fan súdlike Brazylje, Oerûguay, noardlik Argentynjehast bedrige[3]
Larus armenicusArmeenske miuwBriedt yn Georgje, Turkije, Armeenje en westlik Iran, oerwinteret yn Turkije, Libanon en Israelnet bedrige[4]
Larus glaucescensBeringmiuwPasifyske kusten fan Ruslân en Alaska oant Washington, oerwinteret oant Japan en Meksikonet bedrige[5]
Larus vegaeEastsibearyske miuwNoardeastlik Sibearje, oewinteret yn Japan, Koreä, eastlik Sina en Taiwanûnbekend[6]
Larus michahellisgielpoatmiuwBriedt yn kustkriten fan 'e Middellânske See, oerwinteret yn grutte dielen fan Europa en it westlik Middellânske Seegebietnet bedrige[7]
Larus pacificusgrousnaffelmiuwAustraaljenet bedrige[8]
Larus marinusgrutte sjouwermankusten fan 'e noardlike Atlantyske Oseaan en de Noardseenet bedrige[9]
Larus crassirostrisJapanske miuwkusten fan East-Aazje oant westlik Alaskanet bedrige[10]
Larus heermannijiskemiuwkustkriten West-Meksiko en Kalifornjehast bedrige[11]
Larus occidentalisKalifornyske miuwKustkriten Stille Oseaan fan Britsk-Kolumbia, de Feriene Steaten, Meksikonet bedrige[12]
Larus schistisagusKamtsjatkamiuwNoardeastlike kusten fan Aazje, oerwinteret nei it suden ta oant eastlik Sinanet bedrige[13]
Larus dominicanuskelpmiuwKustkriten Súd-Amerika, Afrika en Austraaljenet bedrige[14]


Larus glaucoideslytse iismiuwArktyske regio's fan Kanada en Grienlân, oerwinteret yn 'e noardlike Atlantyske Oseaannet bedrige[15]
Larus fuscuslytse sjouwermanBriedt yn Noard-Europa en West-Sibearje, oerwinteret yn kustgebieten fan 'e Alde Wrâldnet bedrige[16]
Larus livensMeksikaanske miuwGolf fan Kalifornje yn Meksikonet bedrige[17]
Larus hyperboreusgrutte iismiuwArktyske kusten, oerwinteret yn 'e Noardatlantyske- en Noardpasifyske kust oant de Britske eilannen en de Grutte Marrennet bedrige[18]
Larus mongolicusMongoalske miuwMongoalje, Súdeastlik Ruslân, oewinteret yn Japan, Koreä, dielen fan Sina en Taiwannet bedrige[19]
Larus belcheriPerûviaanske miuwPasifyske kust tusken Ekwador oant Silynet bedrige[20]
Larus cachinnansPontyske miuwSintraal-Aazje en dielen East-Europa, oerwinteret oant West-Europa en kustkriten Arabysk Skiereilânnet bedrige[21]
Larus californicusprêrjemiuwwesten fan Kanada, Feriene Steaten, Meksikonet bedrige[22]
Larus delawarensisringbekmiuwKanada en it noarden fan 'e Feriene Steaten, oerwinteret nei it suden oant de Karibennet bedrige[23]
Larus argentatus(Europeeske) sulvermiuwkustkriten Noard- en West-Europanet bedrige[24]
Larus canusûnwaarsfûgelEuropa en Aazjenet bedrige[25]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: