Springe nei ynhâld

Seefûgels

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Miuwfûgels)
Seefûgels
sulvermiuw (Larus argentatus)
sulvermiuw (Larus argentatus)
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: fûgels (Aves)
ûnderklasse: moderne fûgels (Neornithes)
tuskenklasse: nijkakigen (Neognathae)
boppeskift: nije fûgels (Neoaves)
skift: wilstereftigen (Charadriiformes)
ûnderskift: miuwen en sibben (Lari)
famylje: miuwfûgels (Laridae)
Rafinesque, 1815

De seefûgels of miuwfûgels (Laridae) binne in famylje fan fûgels út it skift fan de wilstereftigen. Sûnt 2007 wurde ek de stirnzen en de skimkers ta dizze famylje rekkene, dy' t foarhinne as aparte famyljes sjoen waarden. De skraitsen en de alken binne aparte famyljes. De term seefûgels kin ferskate betsjuttings hawwe. It kin synonym wêze mei miuwfûgels, mar it kin ek oare fûgelfamyljes omfetsje, sa as de pilekanen, mokeftigen, ielguozzen, ginten en oare.

De famylje fan de miuwfûgels kin ferdield wurde yn 4 subgroepen of ûnderfamyljes:

  • Famylje: Laridae (miuwfûgels)
    • Ûnderfamylje of subgroep: Anoinae (noddys), 1-3 skaaien, 6 soarten
    • Ûnderfamylje: Rynchopinae (skimkers), 1 skaai, 3 soarten
    • Ûnderfamylje: Larinae (miuwen), 10 skaaien, 52 soarten
    • Ûnderfamylje: Sterninae (stirnzen), 10 skaaien, 41 soarten.

Inkelde miuwesoarten dy't yn of by Fryslân bekend binne:

Inkelde stirnzesoarten dy't yn of by Fryslân bekend binne: