Skimkers
Appearance
De skimkers (Rynchopinae) binne in lytse ûnderfamylje fan stirnseftige fûgels út de famylje fan de miuwfûgels (Laridae) en it skift fan de wilstereftigen. Skimkers komme foaral foar yn de tropen. Eartiids waarden de skimkers ek wol as aparte famylje (Rynchopidae) sjoen.
In dúdlik ferskil tusken dizze trije soarten en oare fûgels is harren snaffel. De ûndersnaffel fan de skimkers is in tredde part langer as de boppesnaffel. By it sykjen nei iten skimkje hja krekt oer it wetter wêrby se de ûndersnaffel yn it wetter hâlde. Komme se in fiskje tsjin dan klappe se de snaffel ticht.
Soarten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- swarte skimker (Rynchops niger) yn Amearika.
- Afrikaanske skimker (Rynchops flavirostris) yn Afrika.
- Yndyske skimker (Rynchops albicollis) yn Ynje en súdeast Aazje.