Tinktuer (heraldyk)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In tinktuer is yn 'e heraldyk ien fan in beheind tal kleuren en patroanen. Der wurde yn it heraldysk jargon trije soarten tinktueren ûnderskaat: de kleur, it metaal en it pelswurk. Yn 'e heraldyk wurde fierders foar kleuroantsjuttings oare nammen brûkt as yn it deistich libben (bgl. 'kiel' foar read en 'sinopel' foar grien). De needsaak om 'e ferskate tinktueren korrekt te definiëarjen en wer te jaan, is ien fan 'e wichtichste aspekten fan heraldyske keunst en ûntwerp. Der besteane sadwaande ôfspraken oer hokker tint oft de kleuren krekt hawwe, hoe't de patroanen derút sjogge en hoe't men kleuren mei arsearring werjaan moat yn in tekening fan in wapen dat net ynkleure is.

Untwikkeling en skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It gebrûk fan tinktueren giet tebek op 'e formative perioade fan 'e Jeropeeske heraldyk, yn tolfde en trettjinde iuw. Doe ûntstiene ek de wichtichste regels oer hoe't sokke tinktueren brûkt wurde moasten. Tsjin 'e tiid dat (op perkamint) de earste kleure ôfbyldings fan wapens makke waarden, wie it systeem fan twa metalen (goud en sulver), fiif kleuren (azuer, kiel, poarper, sabel en sinopel) en twa pelswurken (harmeling en fêr) standerdisearre rekke. Sûnt makket it oergrutte part fan 'e heraldyske ûntwerpen gebrûk fan dyselde njoggen tinktueren. Meitiid waarden lykwols farianten op it njoggenfâldich systeem ûntwikkele, yn 't bysûnder wat de pelswurken oangiet. Autoriteiten op it mêd fan 'e heraldyk binne it der net oer iens oft sokke farianten as selsstannige patroanen beskôge wurde moatte, of inkeld as foarmen fan 'e besteande patroanen.

Fierders waarden al frij ier noch trije bykommende kleuren ûntwikkele en oer it algemien troch gesachhawwende heraldyske boarnen ek akseptearre (bloedread, moerbei en taan). Dy krigen nei ferrin fan tiid in eigen oantsjutting: smetten of skeinplakken, út 'e (misse) opfetting dat se de iene of oare ûntearing fan 'e drager oantsjutten. De praktyk om beskate stikken wer te jaan sa't se yn 'e natoer ek kleure wiene, yn 'e saneamde natuerlike kleur, wie tsjin 'e santjinde iuw yn 'e heraldyk ynboargere rekke. Sûnt de achttjinde iuw hawwe noch inkele nije kleuren har yntree dien, benammen yn 'e heraldyk fan Frankryk, Dútslân, Itaalje en East-Jeropa, mar ek fan 'nije' lannen as Kanada, de Feriene Steaten, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân. It gebrûk dêrfan is lykwols seldsum en se binne nea as wiere heraldyske kleuren akseptearre.

List fan tinktueren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Metalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

heraldyske namme gewoane namme ôfkoartings arsearring foarbyld symbolyk
Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk
goud of or goud, or or or giel of goud o. puntsjes Heraldic Shield Or.svg wiisheid, rykdom
sulver of argint zilver, argent argent argent wyt ar., z. gjint Heraldic Shield Argent.svg trou

De metalen hjitte sa om't goud en sulver yn it echt ek metalen binne. Metalen wurde yn 'e heraldyk fan kleuren ûnderskaat trochdat se ljochter fan tint binne. De wichtichste regel fan 'e heraldyk is de saneamde tinktuerregel: it ferbod om kleur op kleur en metaal op metaal wer te jaan. Reden dêrfoar is dat in ljochtere tint better ta syn rjocht komt op in dûnkerder ûndergrûn en oarsom. Tradisjoneel binne der twa metalen:

  • Goud hat as heraldyske namme or, dat komt fan it Latynske wurd aureum ("goud"). Dizze kleur kin sawol stean foar in 'waarm' goud as foar in 'kâld' giel.
  • Sulver hat as heraldyske namme argint, dat ôfkomstich is fan it Latynske wurd argentum ("sulver"). Hoewol't it soms werjûn wurdt as in metaaleftich sulverne tint (yn 'e praktyk ljochtgriis) wurdt it yn 'e regel ôfbylde as wyt. Oarspronklik komt dat om't sulverkleurige ferve meitiid oksidearret, mei as gefolch dat it stadichoan in dûnkerder kleur kriget. In oare reden is de estetyske oannimlikens fan wyt yn kontrast mei in heraldyske kleur. Nettsjinsteande de folslein ynboargere praktyk om it metaal sulver wer te jaan as wyt, hawwe guon autoriteiten op it mêd fan 'e heraldyk suggerearre dat wyt ek bestean kin as in selsstannige heraldyske kleur.

Goud/giel en wyt/sulver komme in hiel soad foar yn 'e heraldyk om 'e simpele reden dat der fan âlds mar twa metalen wiene. Yn 'e moderne heraldyk hat noch in trêde metaal syn yntree makke, dat lykwols troch it meastepart fan 'e heraldyske autoriteiten net erkend wurdt. Dêrby giet it om koper, dat inkeld foarkomt yn 'e Kanadeeske heraldyk (sûnt 2002) en sels dêr seldsum is.

Kleuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tradisjonele kleuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

heraldyske namme gewoane namme ôfkoartings arsearring foarbyld symbolyk
Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk
azuer of lazuer azuur, lazuur azure azur, bleu blau az., bl., b. horizontaal Heraldic Shield Azure.svg wittenskip, wierheid
kiel keel gules gueules read gu., k. fertikaal Heraldic Shield Gules.svg moed, opoffering
poarper purper purpure purpure, pourpre pears purp., pu., p. diagonaal f. loftsûnder nei rjochtsboppe Heraldic Shield Purpure.svg weardichheid
sabel sabel sable sable swart sa., s. horizontaal + fertikaal Heraldic Shield Sable.svg gefaar, krêft
sinopel sinopel vert sinople, vert grien si., sin., vt., v. diagonaal f. loftsboppe nei rjochtsûnder Heraldic Shield Vert.svg myldheid, hope

De kleuren wurde yn 'e heraldyk ûnderskaat fan 'e metalen trochdat se dûnkerder fan tint binne. De wichtichste regel fan 'e heraldyk is de tinktuerregel, it ferbod om kleur op kleur en metaal op metaal wer te jaan. Reden dêrfoar is dat in ljochtere tint better ta syn rjocht komt op in dûnkerder ûndergrûn en oarsom. Tradisjoneel binne der fiif kleuren:

  • Blau wurdt yn 'e heraldyk oantsjut as azuer of lazuer. Dy termen komme allebeide wierskynlik fan it Arabyske lāzaward, dat wer ôflaat is fan it Perzyske lāžavard. Beide wurden binne oantsjuttings foar it blauwige mineraal lapis lazûly, ek bekend as azuerstien of lazuerstien, dat yn it ferline brûkt waard om blauwe pigminten fan te meitsjen. Blau wie yn 'e heraldyk fan 'e Midsiuwen minder populêr as read en swart, mar yn 'e Renêssânse en de Ferljochting stribbe it swart foarby, hoewol't it noch hieltyd read foargean litten moast.
  • Read hat as heraldyske oantsjutting de term kiel, in lienfertaling fan it Frânske gueules, dat ferwiist nei de bek fan in bist. Men giet derfan út dat de namme dêrfan ôfkomstich is om't in mûle fan binnen readich fan kleur is. Yn 'e Midsiuwske heraldyk wie read fierwei de meast foarkommende kleur, en ek letter noch waard it in hiel soad brûkt, benammen troch de adel.
  • Swart wurdt yn 'e heraldyk sabel neamd, nei de sabelmarter, in pelsdier dat bekendstiet om syn sêfte dûnkere bûnt. Yn 'e Midsiuwen wie swart nei read de meast foarkommende kleur. Letter waard blau populêrder.
  • Grien hjit yn 'e heraldyk sinopel, nei de stêd Sinope, yn Lyts-Aazje, dy't yn 'e Aldheid bekendstie om syn pigminten. In alternative namme is vert, it Frânske wurd foar "grien". Hoewol't grien wol deeglik in erkende heraldyske kleur wie, waard it yn 'e Midsiuwen mar in bytsje as sadanich brûkt. Ek yn lettere iuwen kaam it net folle foar. Pas yn 'e moderne heraldyk is grien in faker foarkommende kleur wurden.
  • Pears wurdt yn 'e heraldyk poarper neamd, fan it Latynske purpura, dat wer komt fan it Gryksk porfyra, in ferve dy't foarhinne bekendstie as Tyrysk pears. Dat wie yn 'e Aldheid in tige djoere kleurstof, dy't lykwols folle reader wie as de moderne heraldyske kleur pears. Iere beskriuwings fan heraldysk pears binne feitliks ek folle reader as hjoeddeistige, en it tinken is dat pears as in heraldyske kleur fan oarsprong miskien wol in fariaasje fan read wie. Pears hat altyd in tige seldsume heraldyske kleur west. Hoewol't it op 'e Britske Eilannen fan âlds al foarkomt, wie it bygelyks yn Frankryk sa seldsum dat guon autoriteiten it dêr net iens as in echte heraldyske tinktuer beskôgje.

Oer it gehiel nommen kin men stelle dat de Frânske heraldyk bekendstiet om it gebrûk fan blau en goud, wylst de Ingelske heraldyk karakterisearre wurdt trochdat dêryn sa'n soad read en wyt foarkomt. Oars as yn Frankryk is yn Ingelân ek fan âlds it gebrûk fan grien en, yn mindere mjitte, pears hiel gewoan. De Dútske heraldyk stiet dan wer bekend om it rûnom foarkommen fan swart en goud.

Smetten of skeinplakken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

heraldyske namme gewoane namme ôfkoartings arsearring foarbyld
Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk
bloedread bloedrood sanguine sanguine bloedread Oroszlán állatjegy.jpg horizontaal + diagonaal f. loftboppe nei rjochtsûnder Heraldic Shield Sanguine.svg
moerbei moerbei murrey mûrier moerbei m. diagonaal f. loftboppe nei rjochtsûnder + diagonaal f. loftsûnder nei rjochtsboppe Heraldic Shield Murrey.svg
taan taan tenné tenné taan Oroszlán állatjegy.jpg fertikaal + diagonaal f. loftsboppe nei rjochtsûnder Heraldic Shield Tenné.svg

Nochris trije oare kleuren waarden úteinlik erkend troch de measte autoriteiten op it mêd fan 'e heraldyk, te witten: bloedread en moerbei, in pear nau besibbe dûnkerreade en pearsreade kleuren, en taan, in oranjige of dûnkergiele oant brunige kleur. Dizze kleuren krigen meitiid, fan guon ynfloedrike heraldyske skriuwers, de namme smetten of skeinplakken, om't se de iene of oare ûntearing fan 'e drager (of ien fan syn foarâlden) fertsjintwurdigje soene. Der bestiet lykwols alhiel gjin bewiis foar dat dizze kleuren ea sa brûkt waarden, en se binne nei alle gedachten ûntstien as fariaasjes op besteande kleuren. Nettsjinsteande dat hat de algemiene oanname dat se in smet op it blazoen fan 'e drager wêze soene, derfoar soarge dat se mar in bytsje brûkt waarden. Pas yn 'e tweintichste en ienentweintichste iuw komme se almar mear foar, sij it benammen yn 'e heraldyk fan it Feriene Keninkryk en syn eardere koloanjes, lykas Kanada, Súd-Afrika, Austraalje en Nij-Seelân.

  • Bloedread en moerbei komme wierskynlik fan deselde oarsprong. Bloedread hat de heraldyske namme sanguine, fan it Latynske sanguineus, dat "bloedread" betsjut. Bloedread is dûnkerread en moerbei is pearsread. It tinken is dat dizze kleuren oarspronklik as ien kleurfariant begûn binne. It is goed mooglik dat dy iene kleur eins de oarspronklike tint fan heraldysk pears fertsjintwurdige, dat tsjintwurdich in folle blauwere kleur is as foarhinne.
  • taan is in oranjige of dûnkergiele oant brunige kleur, dy't lykwols net betize wurde moat mei de moderne (net algemien akseptearre) heraldyske kleuren oranje en brún. De heraldyske namme tenné komt fan it Latynske tannare ("meitsjen fan lear"). Taan is in frij seldsume heraldyske kleur, dy't fral yn earder iuwen wol yn 'e heraldyk fan it fêstelân fan Jeropa brûkt waard, mar dy't op 'e Britske Eilannen fierhinne beheind bleaun is ta gebrûk as livreikleur.

Natuerlike kleur[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

heraldyske namme gewoane namme ôfkoartings foarbyld
Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk
natuerlik natuurlijk proper propre natuerlike kleur pr., nat. Heraldic Shield Natural.svg

In stik dat op in wapenskyld de kleur hat dy't it yn it echt ek hat, hat yn it heraldysk jargon in natuerlike kleur. Eins is dit gjin echte tinktuer, en as, sa't soms foarkomt, in stik in kleur of kleuren hat dy't net (folslein) dúdlik wurde út 'e omskriuwing "natuerlike kleur", kinne sokke kleuren spesifisearre wurde mei safolle detail as ferlet fan is. Guon stikken wurde inkeld mei beskate kleuren as "fan natuerlike kleur" beskôge, ek al komme se yn 'e natoer yn in ferskaat oan kleuren foar. Sa is yn 'e heraldyk de natuerlike kleur fan in pappegaai altyd grien, ek al komme sokke fûgels foar yn hast alle kleuren fan 'e reinbôge. Yn guon gefallen kin fierders in heraldysk stik oantsjut wurde as "fan natuerlike kleur", ek al binne alle brûkte kleuren algemien erkende heraldyske tinktueren. In roas fan natuerlike kleur kin bygelyks read of wyt wêze (dat moat spesifisearre wurde), mar de toarnen binne altyd grien en it sied is altyd goud.

It algemienste gebrûk fan net-heraldyske kleuren yn 'e heraldyk giet mank mei de saneamde 'lânskipsheraldyk', dy't benammen oan 'e ein fan 'e achttjinde iuw en it begjin fan 'e njoggentjinde iuw tige populêr wie yn it Feriene Keninkryk en Dútslân. Hoewol't soks mar komselden foar it hiele wapen brûkt waard, kamen lânskippen in soad foar as tafoegings om it wapenskyld hinne. Dêrby gie it faak om in fêsting dy't mei súkses ferdigene of ferovere wie, of in beskaat skip, of in fjildslach wêryn't de drager fan it skyld behelle wie. Sokke lânskippen, dy't almeast foarkamen as helmteken (dus ôfbylde boppe it eigentlike wapenskyld), waarden faak yn grut detail werjûn, sawol oangeande de dingen dy't ôfbylde waarden as de kleuren dy't dêrfoar brûkt waarden. Formeel soe sa'n lânskip op in wyt fjild (d.w.s. in wite ûndergrûn) werjûn wurde, mar it wie doedestiden gebrûklik dat de heraldysk ûntwerper der fierdere details by oanbringe soe, lykas in blauwe loft mei wolkens. Lânskipsheraldyk rekke yn it Fiktoriaanske Tiidrek út 'e moade, doe't der weromgrepen waard op minder barokke tradysjes út earder tiid.

Nije en net algemien erkende kleuren[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

heraldyske namme gewoane namme ôfkoartings arsearring foarbyld symbolyk
Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk
brún bruin brunâtre brunâtre brún horizontaal + fertikaal + diagonaal fan loftsboppe nei rjochtsûnder Heraldic Shield Brunâtre.svg macht
fleiskleur vleeskleur carnation carnation fleiskleur ûnderbrutsen fertikale linen Heraldic Shield Carnation.svg
himelsblau hemelsblau bleu-céleste bleu-céleste himelsblau horizontaal ûnderbrutsen linen fan ôfwikseljend punten en streken Heraldic Shield Bleu celeste.png
jiske as cendrée cendrée griis ûnderbrutsen horizontale linen + ûnderbrutsen fertikale linen Heraldic Shield Cendrée.svg
oranje oranje orange orange oranje fertikale ûnderbrutsen linen fan ôfwikseljend punten en streken Heraldic Shield Orange.svg wierheid

Fan 'e njoggentjinde iuw ôf binne noch ferskate oare kleuren yn gebrûk kommen yn 'e heraldyk, hoewol't dy hoegenamt net algemien erkend binne.

  • Brún wurdt út en troch brûkt yn fral de Dútske heraldyk, benammen yn it plak fan pears.
  • Fleiskleur is in rôzige kleur dy't oerienkomt mei de hûdskleur fan it blanke ras. De heraldyske beneaming carnation betsjut ek "fleiskleurich". Dizze kleur wurdt eins inkeld brûkt foar lichemsdielen, en soe, wat dat oangiet, ek omskreaun wurde kinne mei de oantsjutting "natuerlike kleur".
  • Jiske, oftewol griis, komt benammen foar yn 'e Frânske heraldyk en yn mindere mjitte yn dy fan 'e Angelsaksyske lannen. De heraldyske namme cendrée komt út it Frânsk en ferwiist eins net sasear nei jiske as wol nei sintels.
  • Himelsblau is in blauwe kleur dy't folle ljochter is azuer. De heraldyske beneamings bleu-céleste en bleu de ciel komme út it Frânsk en betsjutte letterlik "himelsblau".
  • Oranje is ek in nije kleur yn 'e heraldyk. It is soms dreech om 'e kleur oranje en it skeinplak taan útinoar te hâlden, mei't in ljochtkleurich taan kwa tint amper fan oranje te ûnderskieden is.

Oare mooglike nije heraldyske kleuren:

Yn 'e Feriene Steaten bestiet gjin ynstânsje dy't oer heraldyk giet, mar it Amerikaanske Leger, dat in soad gebrûk makket fan heraldyk, hat dêrfoar in eigen autoriteit yn it libben roppen: it Ynstitút foar Heraldyk fan it Amerikaanske Leger (USAIH). Dat buro hat oan beskate ûnderdielen fan it Amerikaanske Leger wapens takend mei de kleuren buff (in gielige tint), 'hoarizonblau', 'sulvergriis', 'brûns' en 'karmozyn'.

Pelswurken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

heraldyske namme gewoane namme foarbyld
Frysk Nederlânsk Ingelsk Frânsk
harmeling hermelijn ermine hermine harmeling Skydas ermine ermine.png
fêr vair vair vair fêr Skydas vair vair.png
potint potent potent potent potint Skydas potent potent.png

De yntree fan 'e saneamde pelswurken yn 'e heraldyk, dy't brûkt wurde njonken metalen en kleuren, datearret fan it alderierste begjin. Oarspronklik wiene der twa soarten pelswurken: harmeling en fêr. Harmeling (hermine) stelt it bûnt fan 'e harmeling foar, in soarte fan martereftige, dy't by 't winter syn normaal brune kleur ferliest en in pels kriget dy't folslein wyt is, útsein it puntsje fan 'e sturt, dat swart bliuwt. Fêr (vair) stelt de winterpels foar fan it gewoane iikhoarntsje, dy't fan boppen blaugriis is en fan ûnderen wyt. Yn 'e Midsiuwen waard it (djoere) bûnt fan sokke bisten gauris brûkt foar de fuorring fan 'e mantels fan eallju. Sawol harmeling as fêr liket in kombinaasje fan kleur en metaal te wêzen, yn it gefal fan harmeling sulver en sabel, en yn it gefal fan fêr sulver en azuer. Neffens de heraldyske wizânsje foarmje sokke pelswurken lykwols in aparte klasse fan tinktuer, dy't noch as metaal, noch as kleur beskôge wurdt. Yn 'e heraldyk fan it Dútske taalgebiet, East-Jeropa, de Skandinavyske lannen en Nederlân komme pelswerken mar komselden foar.

  • Harmeling wurdt ornaris werjûn as in wyt fjild dat bestruid is mei swarte plakjes, de saneamde harmelingeplakken, dy't de swarte sturtpuntsjes foarstelle moatte. It fjild is altyd wyt, ek as der in sulverkleur beskikber is, mei't wyt de natuerlike kleur fan harmelingebûnt is. De heraldyske namme hermine komt fan it Frânske wurd foar "harmeling". De harmelingeplakken kinne op ferskillende manearen werjûn wurde. Yn 'e Midsiuwen waarden se op reälistyske wize yntekene, as langwerpige, op in punt útrinnende streken. Yn 'e moderne heraldyk is it oer it algemien wenst om se yn te tekenjen as mei de punt omheech wizende pylkpunten, bekroane mei trije lytse stipkes. It wapen fan Bretanje is ferneamd om't it inkeld út in 'effen' harmelingen fjild bestiet.
Troch de iuwen hinne hawwe har ferskate farianten fan harmeling ûntjûn, wêrfan't de bekendsten binne: tsjinharmeling of hermines (swart mei wite harmelingeplakken), goudharmeling of herminois (goud mei swarte harmelingeplakken) en tsjingoudharmeling of pean (swart mei goudene harmelingeplakken). Dêrnjonken kin harmeling ek oare kleuren oannimme, hoewol't dat tige seldsum is en bûten de Frânske heraldyk eins hielendal net foarkomt. In read fjild mei wite harmelingeplakken wurdt dan omskreaun as "kiel, harmelinge yn sulver".
  • Fêr wurdt werjûn troch rigen fan wat wol liedklokken lykje, ôfwikseljend fan wyt en blau. De heraldyske namme vair komt fan it Latynske varius dat de "skakearre" betsjut. De wite en blauwe 'klokken' passe persiis yninoar, sadat njonken in wite 'klok' mei de 'klepelkant' omleech in blauwe 'klok' mei de 'klepelkant' omheech komt, folge troch in witenien mei de 'klepelkant' omleech, ensfh. In wite 'klok' mei de 'klepelkant' omleech grinzget oan in blauwe 'klok' mei de 'klepelkant' omheech yn 'e rige dêrûnder. Wyt en blau nimme yn fêr op dy manear persiis likefolle romte yn. It wyt fan fêr wurdt soms ek werjûn as sulver (ljochtgriis).
It bekendst is fêr noch fan it mearke Jiskepûster, wêryn't de haadpersoan Jiskepûster by it ferlitten fan it bal in 'glêzen slofke' (Nederlânsk: glazen muiltje) ferliest. Dy ferzje fan it ferhaal stie yn 'e Ferhalen fan Us Mem de Goes, fan 'e Frânske skriuwer Charles Perrault út 1697. Mar glêzen fuotark is fansels te gek om los te rinnen; der is hjir dan ek in misferstân yn it spul. It gie oarspronklik om in slofke fan iikhoarntsjesbûnt, yn it Frânsk vair, dat by de mûnlinge oerlevering fan it mearke troch de gelikense klank misferstien of misbegrepen is as verre ("glês").
Krekt as by harmeling hawwe har ek by fêr troch de iuwen hinne ferskate farianten ûntwikkele. Sa komt fêr foar yn oare kleuren as wyt en blau; de omskriuwing is dan bgl.: "fêre fan kiel en goud". Ek wurdt fêr soms werjûn yn fjouwer kleuren, op sa'n wize dat net ien fan 'e klokfoarmen oan ien fan deselde kleur grinzget. Dy foarm wurdt bûntfêr neamd. Fierders bestiet der in foarm wêrby't de klokfoarmen rjocht ûnder en boppe inoar deselde kleur hawwe, dat hjit tsjinfêr. By pealfêr steane de klokfoarmen rjocht ûnderinoar (ynstee fan skean ûnderinoar by gewoan fêr). Puntfêr, ta einbeslút, wurdt foarme troch ôfwikseljende horizontale rigen om te draaien en se dan in heale rige te ferskowen sadat der in baarjende, oaniensletten line ûntstiet.
  • Potint is in trêde pelswurk, dat nei alle gedacht oarspronklik ûntstien is as in breklik tekene foarm fan fêr. It is ornaris blau en wyt, krekt as fêr, en bestiet út foarmen dy't it bêste omskreaun wurde kinne as in haadletter T mei in koarte stâle. Dy wikselje inoar ôf op deselde wize as by fêr. De namme, potint (potent), komt fan it Frânske potence, dat kruk (om mei te rinnen) betsjut, om't de foarm op sa'n helpmiddel liket. Krekt as fêr komt ek potint foar as tsjinpotint, pealpotint en puntpotint.

Der besteane noch inkele oare pelswurken, dy't tige seldsum binne. By fearre (plumeté) binne de ferskillende flakken ôfbylde as wiene it fearren fan fûgels, wylst se by flintere (papelonné) werjûn binne as de skobben op 'e wjukken fan in flinter. Dy beide foarmen hawwe gjin fêste kleur en komme suver útslutend yn 'e Frânske heraldyk foar. De Dútske heraldyk hat fierders noch in pelswurk dat Kürsch of 'fêrbuken', en dat betstiet út flakken dy't werjûn binne as hierrich en brún. De oantsjutting 'fêrbuken' is in misse namme, mei't de buken fan iikhoarntsjes altyd wyt binne. It komôf fan dizze trije seldsume pelswurken is ûndúdlik, mar it tinken is dat se oarspronklik kleur- en mjittefarianten fan fêr wiene.

Tinktuerregel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De wichtichste regel fan 'e heraldyk is de saneamde tinktuerregel: omreden fan kontrast mei in metaal net op in metaal pleatst wurde, noch in kleur op in kleur. Dat jildt fansels net foar elts lyts detail fan in wapen, mar inkeld foar grutte kleurflakken. (Pelswurken binne gjin kleuren of metalen, en kinne dêrom op of ûnder beide pleatst wurde.) It foarnaamste doel fan in heraldysk wapen is nammentlik werkenning, en as men in dûnkere kleur op in dûnkere kleur pleatst (bgl. read op swart of blau op grien), dan is rinne de kleuren fan in ôfstân ôf besjoen of yn skimerich ljocht al rillegau yninoar oer. Itselde bart as men in ljocht metaal op in ljocht metaal pleatst (wyt op giel of oarsom). In oare reden foar de tinktuerregel is dat it mei de technyk út 'e Midsiuwen tige dreech wie om email (kleur) op email of metaalferve op metaalferve te fervjen.

De tinktuerregel nimt yn 'e heraldyk sa'n foaroansteand plak yn, dat wapens dy't de regel skeine, yn it ferline wol oantsjut waarden as 'falske wapens' (armes fausses) of 'riedselwapens' (armes à enquérir, letterlik "befregingswapens"). Dy lêste beneaming ferwiist nei it idee dat de tinktuerregel sa bekend wie, dat eltse skeining fan 'e regel wol opsetlik wêze moast. Dêrút folge dat it de bedoeling fan 'e drager wêze moast dat minsken him oer de reden foar de skeining befregen. It bekendste riedselwapen wie it wapen fan it Keninkryk Jeruzalim fan 'e krúsfarders, dat fjouwer goudene krusen op in wyt fjild hie. Oare foarbylden fan metaal op metaal kamen foar yn 'e flagge en it wapen fan Fatikaanstêd en oangeande de biskopsmiter yn it wapen fan Andorra. Yn alle fjouwer neamde foarbylden tsjut de skeining fan 'e tinktuerregel in útsûnderlike hillichheid oan en yn it ferlingde dêrfan de bysûndere status fan it wapen. Foarbylden fan kleur op kleur binne it wapen fan Albaanje, mei in twakoppige swarte earn op in read fjild, en it wapen fan Frjentsjerteradiel (1818-1984), dat bestie út in blau fjild mei dêrop in skeanbalke fan goud, yn 'e midden belein mei in reade roas, wylst ek de beide blauwe flakken njonken de skeanbalke belein wiene mei elts ien reade roas.

Tsjinkleurjen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As in heraldysk stik of in groep stikken of in hiel wapenskyld trochsnien wurdt troch in dielline, kin it tsjinkleure wurde. Dat betsjut dat it part fan it stik of wapen oan 'e iene kant fan 'e dielline tsjinsteld kleure is oan it part oan 'e oare kant fan 'e dielline. Tsjinkleurjen kaam amper foar yn 'e Midsiuwske heraldyk, hoewol't der ferskate foarbylden út it Hillige Roomske Ryk bekend binne út 'e lette fyftjinde iuw. Sûnt de santjinde iuw waard dizze technyk yn in soad lannen lykwols frij algemien. Yn 'e Skotske heraldyk komt it foar dat foar tsjinkleure stikken oare kleuren brûkt wurde as foar it tsjinkleure fjild dêr't se op werjûn binne.

In goed foarbyld fan tsjinkleurjen wurdt foarme troch it wapen fan Behnsdorf, yn Saksen-Anhalt. Dat bestiet út in fjild dat fertikaal ferdield is yn twa helten fan wyt en grien. It fjild is belein mei in beam, dy't krektsa ferdield is, mar dan yn grien en wyt. In oar foarbyld is de flagge fan Maryland, de iennichste flagge fan in Amerikaanske steat dy't direkt basearre is op 'e Ingelske heraldyk, om persiis te wêzen op it wapen fan George Calvert, 1e baron Baltimore, dy't de Koloanje Maryland yn 1632 stifte. It earste en fjirde kertier fan 'e flagge besteane út in fjild fan seis fertikale banen goud en swart, belein mei in tsjinkleure skeanbalke. It twadde en trêde kertier binne sels ek yn kertieren ferdield fan wyt en read, belein mei in krús dat him oer alle fjouwer kertieren útspriedt en tsjinkleure is yn read en wyt.

Werjefte yn swart-wyt[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e earste helte fan 'e santjinde iuw soarge it algemiene gebrûk fan 'e drukparse yn kombinaasje mei de kosten dy't deroan ferbûn wiene om wapens (mei de hân) yn te kleurjen derfoar, dat der systemen betocht waarden om 'e kleur fan wapens oan te tsjutten sûnder dat de kleuren ek wier werjûn hoegden te wurden. De ienfâldichste metoade dêrfoar wie om 'e kleurflakken wyt te litten en te foarsjen oan ôfkoartings dy't de kleur oanjoegen (dus "o." foar or, "az." foar azuer, "s." of "sa." foar sabel, ensfh.). Yn it Ingelsk wurdt dy technyk tricking neamd.

In yngewikkelder technyk wie om 'e kleuren oan te jaan troch de wite flakken op ferskillende wizen te arsearjen. Dat wurdt yn it Ingelsk hatching neamd. Yn 't earstoan hiene alle heraldisy dêr har eigen systeem foar, mar úteinlik kaam it systeem dat yn 1638 betocht waard troch de jezuyt Silvestro de Petra Sancta yn algemien gebrûk. Yn dat systeem wurdt bgl. wyt oanjûn troch in wyt flak, goud troch puntsjes, blau troch horizontale arsearring, read troch fertikale arsearring, pears troch diagonale arsearring fan loftsûnder nei rjochtsboppe, swart troch horizontale plus fertikale arsearring, en grien troch diagonale arsearring fan loftsboppe nei rjochtsûnder. Letter waarden oan it systeem fan Petra Sancta noch foarmen fan arsearring tafoege om moderne kleuren wer te jaan.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.