Boppekast

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Haadletter)
Haadletters en lytse letters yn ferskillende lettertypen

Boppekast, of ek wol kapitaal of majuskel neamd, is yn de typografy de oantsjutting fan de haadletters dy't foar de ûnderkast (ek wol lytse letters of minuskel neamd) oer stiet. De boppekast komt benammen foar oan it begjin fan in sin en begjin fan in namme. Ek wurdt it brûkt foar ôfkoartings, sa as bygelyks FNP. Yn it Dútsk wurdt it begjin fan alle haadwurden mei in haadletter skreaun. Yn it Ingelsk wurdt it begjin fan de nammen fan dagen en moannen en yn titels fan bygelyks boeken en filmen alle wurden, mei útsûndering fan lidwurden en ferhâldingswurden, mei haadletters skreaun.
It boppekastskrift komt út de tiid fan de Romeinen foar it begjin fan de Gregoriaanske jiertelling. Op in soad plakken binne teksten te finen, bygelyks de Pylder fan Trajanus. De oarsprong giet noch fierder tebek nei it Gryksk alfabet. De Romeinske haadletters bleaune iuwenlang bewarre yn de ynskripsjes yn stien, grêven en oare monuminten. Yn de tiid fan de Renêssânse waarden fannijs de âlde foarbylden wer brûkt sa as troch bygelyks de Fenesjaanske lettersnijers.
De namme boppekast komt út de tiid dat letters fan lead brûkt waarden om teksten te printen. De letter fan in hichtemaat waard ornaris yn twa laden fan in letterkast opburgen. Yn it boppeste laad sieten de haadletters yn en it ûnderste laad hie de lytse letters. Sadwaande waard de namme boppekast ek de namme fan haadletter en ûnderkast fan lytse letter.

De folgjende alfabetten brûkten boppekast: