Underkast

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ûnderkast)
Setheak op in letterkast

Underkast, ek wol minuskel neamd, is yn de typografy de oantsjutting foar de lytse letters, dy't foar boppekast (ek wol haadletters, kapitalen of majuskel neamd). In Foarbyld:

  • DIT IS BOPPEKAST
  • dit is ûnderkast

De namme ûnderkast hat syn komôf út de grafyske yndustry yn de tiid doe't der noch yn lead setten waard. De letters waarden bewarre yn in letterkast, in laad mei in soad fakken. De kast waard op de bok setten en dêrnei waarden de letters stik foar stik út de kast helle en setten.

Yn Nederlân wie it lange tiid, benammen yn de njoggentjinde iuw wenstich en bergje de letters fan in hichtemaat yn twa soarten kasten: de boppekast, dêr't de haadletters yn sieten, en de ûnderkast, dêr't de lytse letters yn sieten. It laad mei de haadletters hie yn de bok in fêste plak boppe it laad mei de lytse letters. De lytse letter krige de namme ûnderkast, dus nei it plak fan it laad yn de bok.

De ûnderkast is ûntstien út de lytse skriuwletter. Yn 670 waard der yn de Abdij fan Luxueil it earste skrift mei lytse letters skreaun, dy't neffens foarm ferskilden mei de haadletters. Yn de tiid fan Karel de Grutte waard de Karolingyske minuskel ûntwikkele. Doe wie der noch gjin sprake fan letterkasten, want skriften waarden doe mei de hân skreaun. It ferskil yn foarm fan de letters waard lykwols oernaam by de ûntwikkeling fan de boekdrukkeunst, sa om 1450 hinne.

Fan de foarm en yndieling fan letterkasten bestiene in soad farianten. De ferskillende talen, sa as bygelyks Dútsk, Frânsk en Ingelsk hiene in grut ferskil yn letterfrekwinsjes en it brûken fan aksinten. Dat late ta dat romten, dy't foar de letters yn de kasten ornearre wiene, ferskillend waarden. Sa ûntstiene der grutte ferskillen tusken de letterkasten fan de ferskillende lannen.

Letterkasten dy't mei lead folle wiene, waarden al tige swier, benammen fan de gruttere hichtematen dy't al gau 30 oant 40 kilo weegje koene. Troch de letter oer twa kasten te ferdielen, koe it gewicht wat beheind holden wurde. Yn de tweintichste iuw waarden de twa laden gearfoege yn ien laad; de trijfearnskast. Dochs wiene der noch wol gruttere, en dus swierdere, kasten, dy't oeral troch de iuwen hinne brûkt waarden.

De term minuskel waard benammen brûkt foar letters dy't mei de hân skreaun wiene (kalligrafy).

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]