Karolingyske minuskel
Karolingyske minuskel is in Midsiuwsk skrift yn ûnderkast (minuskel, lytse letters), dy't op oantrúnjen fan Karel de Grutte, ûntwikkele wie ta in standert skrift yn it doetiidske Jeropa. It Latynske alfabet fan de Fulgata fan Hieronymus fan Stridon koe sa makliker weromkend wurde tusken de ferskillende regio's. It wie foar it earst om 780 hinne ûntwikkele troch Alcuinus fan York, dy't in Benediktynske muonts oan de Abdij fan Corbie wie. It waard brûkt yn it Hillige Roomske Ryk tusken rûchwei 800 en 1200. Kodeksen, heidenske en kristlike teksten, en ûnderwiisguod wiene skreaun yn Karolingyske minuskel yn de tiid fan de Karolingyske Renêssânse. It skrift ûntjoech him ta Goatysk skrift en rekke ferâldere. It kaam wer ta libben yn de Italjaanske Renêssânse en lei it grûnwurk foar moderne skriften.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It boekskrift ûntwikkele him net fan de iene dei op de oare. it ûntjoech him yn de Merovingyske skriptoariums foar de tiid fan Karel de Grutte. It âldste bewarre wurk yn Karolingyske minuskel is in bibel út de Abdij fan Corbie, makke yn opdracht fan abt Maurdramnus fan om 770 hinne, doe't Karel krekt kening wurden wie. Under it abtskip fan Maurdramnus (772 - 780) ûntwikkelen muontsen fan Corbie in nij skrift dat ôflaat wie fan it Romeinske heal-unsiaal en in tal eleminten fan it Merovingyske skrift fan Luxeuil, dat sels wer ûntstie út it Merovingysk kânselarijskrift en eleminten fan it ynsulêre skrift dat troch Ierske muontsen nei it kontinint brocht wie. Dit "Corbieskrift" wie winliken de foarrinner fan it Karolingyske minuskel. Yn 789 ropte Karel de Grutte it Karolingyske minuskúl út ta offisjeel skrift yn it Frankyske Ryk. De Karolingyske kânselarij naam it skrift lykwols net daliks yn gebrûk, mar ûnder Loadewyk de Fromme waard it Karolingysk minuskel yn offisjele dokuminten folle mear brûkt, hoewol't de kânselarijskriuwers harren fersieren brûken bleaune.
Skaaimerken
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Karolingyske minuskel wie uniform en wie maklik te lêzen en skriuwen. De letters wiene dúdlik en rûn fan foarm. Haadletters en romte tusken de wurden waarden standert yn de Karolingyske minuskel. Dêrmei waard besocht in kultureel feriene skrift op te setten yn it Karolingyske Ryk. Offisjele teksten waarden lykwols ek noch yn it Merovingyske skrift skreaun. Dokuminten dy't yn pleatslike talen, bygelyks yn it Goatysk of Angelsaksysk, skreaun wiene, hiene de oanstriid yn tradisjonele pleatslike skrift skreaun te wurden.
It Karolingyske skrift hat oer it algemien minder ligatueren as oare skriften fan dy tiid, hoewol't de ligatueren et (&), æ, rt, st en ct gewoanlik brûkt waarden. De letter d ferskynde gauris yn unsiale foarm mei de stok hingjend nei lofts. De letter g wie winliken deselde as de moderne lytse letter yn pleats fan de gewoanlik yn it ferline brûkte unsiale ᵹ. De unsiale foarm fan de letter a wie gelyk oan de dûbele c (cc). Der wie ek in soad ynterpunksje, bygelyks it fraachteken oanwêzich, lykas yn it Beneventaanske skrift fan dy tiid.
Yn it iere tiidrek fan it skrift, yn de tiid fan de hearskippij fan Karel de Grutte, waard der noch hieltyd ferskillende lettertypen fan de ferskillende regio's brûkt. It skrift bloeide yn de njoggende iuw doe't regionale farianten ta in ynternasjonale standert ûntjoegen. De moderne s en v begûnen te ferskinen yn pleats fan de ſ (lange s) en u. Fan de tsiende iuw ôf begûn it skrift stadichoan fannijs ta regionale fariante te ûntjaan. "Sturten" en "koppen" begûnen skean nei rjochts te hingjen mei fersieren deroan. Ek de letter w begûn te ferskinen. Dat tiidrek wurdt ek wol it Letkarolingyske skrift neamd, dat him sa stadichoan ta it Goatyske skrift ûntjoech.
Sprieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It nije skrift fersprate him troch West-Jeropa yn benammen de regio's dêr't de Karolingyske ynfloed grut wie, dus ek wol bûten it Karolingyske Ryk. It Freising-manuskript fan de tsiende iuw, dat it âldste skreaune skrift yn Latynsk alfabet yn it Sloveensk, en dus fan in Slavyske taal, wie, waard skreaun yn Karolingysk minuskel. Yn Switserlân waarden de Retyske en Alemannyske farianten brûkt. Manuskripten dy't yn de Retyske minuskel skreaun wiene, hiene tinnere letters lykas yn it ynsulêre skrift en de letters a, t en de ligatuer ri wiene frij gelyk oan dy fan de Wisigoatyske en Beneventaanske skriften. De Alemannyske minuskel, dy't foar in koart skoftke yn de iere njoggende iuw brûkt waard, hie ornaris langere en bredere lettertypen en waard rjocht skreaun ferlike mei it skean skreane Retyske skrift. Stêden lykas Salzburg, Fulda, Mainz en Würzburg wiene mulpunten fan it Karolingyske skrift. Dútske minuskel ferskynde gauris yn in ovaalfoarm, tin en justjes skean nei rjochts. It hie unsiale skaaimerken, lykas de stôk fan de d hingjend nei lofts en sturtsjes oan de m en n.
Yn Noard-Itaalje waard de Karolingyske minuskúl benammen troch it kleaster fan Bobbio brûkt fan de njoggende iuw ôf. De Romeinske Kuery brûkte it net en fan de tsiende iuw ôf waard yn Rome de Romanesca-fariant ûntwikkele. Yn Súd-Itaalje oerlibbe it Beneventaansk skrift yn it Lombardyske hartochdom Benevento oant yn de trettjinde iuw, hoewol't de Romanesca stadichoan yn Súd-Itaalje hieltyd mear brûkt waard. Yn Spanje waard it stadichoan brûkt, mar it Wisigoatyske skrift waard dêr noch hieltyd brûkt.
Belang
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Ut it tiidrek fan Karel de Grutte binne likernôch 500 manuskripten bewarre bleaun dy't yn it Merovingyske Galje kopiëarre wiene. Fan it tiidrek fan om 750 hinne oant om 900 hinne binne der mear as 7000 manuskripten bewarre bleaun. Troch de Karolingyske minuskel koe it sprieden fan teksten folle hurder, algemiener en mei minder fouten barre. De kunde dy't wy hjoed-de-dei hawwe oer de literatuer fan dy tiid is benammen te tankjen oan de manuskripten kopiëarre yn Karolingyske minuskel. It ferspraat wurden fan de kunde wie ien fan de eleminten dy't men hjoed-de-dei de Karolingyske Renêssânse neamt. It Karolingyske skrift foarme winliken it grûnwurk foar ús moderne skrift. Doe't Italjaanske skriuwers yn de fyftjinde iuw sykjen giene nei in nij skrift ta it ferfangen fan de yn harren eagen "barbaarske" Goatyske skrift, sochten hja yn biblioteken nei âlde Romeinske skriuwers en kamen hja kopyen temjitte dy't troch Karolingen makke wiene. Hja seagen it Karolingyske skrift as in autentyk klassyk skrift en mei in pear lytse feroarings namen hja it skrift oer, dat no ferneamd stiet as humanistysk skrift.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Ingelsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: en:Carolingian miniscule
|