Springe nei ynhâld

Oksidaasje

Ut Wikipedy
Rust, in oksidaasjeprodukt fan izer

Oksidaasje is in gemysk proses dêr't in oksidaasjegetal fan in atoom fergrutte wurdt. Dat betsjut dat in stof (de reduktor) ien of mear elektroanen ôfstiet oan in oare stof (de oksidator). Yn elektrogemyske sellen kinne ek de elektroanen oan in elektroade ôfstien wurde. Dêrby wurdt dy elektroade in anoade neamd.

Eartiids prate men fan oksidaasje as in ferbining mei soerstof. Foarbylden binne it rustkjen en it ferbaarnen. De namme komt nammers fan it Latynske wurd oxygenium, dat soerstof betsjut. Soerstof hoecht lykwols net by oksidaasje belutsen te wêzen. In foarbyld fan in oksidaasje is dy fan twaweardich (Fe2+) nei trijeweardich izer (Fe3+):

Fe2+ is dêrby de reduktor. It stiet ien elektron ôf en wurdt dêrby dus okidearre ta Fe3+. It oksidaasjegetal fan izer wurdt dan fergrutte fan 2+ ta 3+.

By in oksidaasje is der altyd ek in reduksje geande. De ôfstiene elektroanen moatte einlings opnaam wurde troch in oare stof (de oksidator), dy't dus redusearre wurdt. In reäksje mei in reduksje en oksidaasje wurdt in redoksreaksje neamd, fan REDuksje-OKSidaasje.

Rust en korroazje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei it rustkjen wurdt yn it gewoane taalgebrûk allinne de reaksje fan izer mei soerstof bedoeld. Wittenskiplik wurdt dat korroazje neamd. Ek de oksidaasjes fan oare metalen wurde korroazje neamd.

(rust/korroazje)
(korroazje)

Oksidaasje skynt in foarm fan fersliten te wêzen. Dat kin troch ferwaarjen of it fersliten fan it edelmetaal sels troch middel fan in oare soarte stof of matearje dy't it edelmetaal sels net befettet.