Springe nei ynhâld

Frâns II fan Bretanje

Ut Wikipedy
Frâns II fan Bretanje
aadlik persoan en/of hearsker
In byldhouwurk fan Frâns II fan Bretanje op syn grêftombe yn Nantes.
In byldhouwurk fan Frâns II fan Bretanje op syn grêftombe yn Nantes.
echte namme Frañsez II (Bretonsk)
François II (Frânsk)
nasjonaliteit Bretonsk
bertedatum 23 juny 1433
berteplak Clisson
stjerdatum 9 septimber 1488
stjerplak Couëron
dynasty Hûs Dreux-Montfort
etnisiteit Bretonsk
religy roomsk
hartoch fan Bretanje
regear 14581488
foargonger Arthur III
opfolger Anna

Frâns II fan Bretanje (Bretonsk: Frañsez II; Frânsk: François II; Clisson, 23 juny 1433Couëron, 9 septimber 1488) wie yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw hartoch fan it ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Hy wie in telch út 'e dynasty fan Dreux-Montfort dy't ek greve fan Montfort en Étampes wie en yn namme ek (mar net feitlik net) greve fan Richmond yn it Keninkryk Ingelân. Hy folge syn omke Arthur III yn 1458 op as hearsker oer Bretanje. Syn tritichjierrich regear waard karakterisearre troch syn krewearjen om it Keninkryk Frankryk op in ôfstân te hâlden, dat longere op anneksaasje fan Bretanje. Sadwaande wied er allegeduerigen deilis mei kening Loadewyk XI fan Frankryk en dy syn dochter Anna fan Frankryk, dy't nei har heite dea regintesse wie foar har jonge broer Karel VIII. Yn 1487 berikte dat in hichtepunt yn 'e saneamde Dwaze Oarloch, in militêr konflikt mei Frankryk dat Bretanje net winne koe. Frâns II waard twongen ta it tekenjen fan it fernederjende Ferdrach fan Verger, dat de facto in ein makke oan 'e Bretonske selsstannigens. Koarte tiid letter kaam er om by in ûngemak, wêrnei't er opfolge waard troch syn dochter Anna fan Bretanje.

Jonkheid en komôf

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Frâns II waard yn 1433 berne as de soan fan Richard fan Bretanje, greve fan Étampes (1395-1438) en dy syn frou Margareta fan Orléans, grevinne fan Vertus (1406-1466). Syn heit Richard wie de jongste soan fan hartoch Jan IV fan Bretanje, dy't sadwaande de pake fan Frâns II wie. Syn heit hie twa âldere bruorren, Jan V en Arthur III, dy't allebeide op har beurt hartoch fan Bretanje waarden, mar doe't Arthur III yn 1458 kaam te ferstjerren, wie Frâns II syn iennichste legitime manlike erfgenamt.

Belutsenens by de Roaze-oarloggen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw waard it Keninkryk Ingelân teheistere troch in boargeroarloch tusken de rivalisearjende huzen fan York en Lancaster, dy't iuwen letter bekend kommen is te stean as de Roaze-oarloggen. Beide huzen wiene tûken fan it Ingelske keningshûs Plantagenêt en allebeide makken se oanspraak op 'e Ingelske troan. Yn 1471 waarden de lancastrianen yn 'e Slach by Barnet en de Slach by Tewkesbury ferslein troch de yorkisten. De lankastriaanske kening, Hindrik VI fan Ingelân, en syn ienlingssoan Edwert fan Westminster kamen om yn 'e neisleep fan 'e striid by Tewkesbury. Fan gefolgen wist de yorkistyske kening Edwert IV fan Ingelân de folsleine behearsking oer it keninkryk yn 'e hannen te krijen. Deselden dy't wegeren en lis har ûnder syn bewâld del, waarden ta lânferrieders ferklearre, en harren besittings waarden yn beslach nommen.

Under de lancastrianen dy't om dy reden om utens yn ballingskip gean moasten, wiene de Welske ealman Jasper Tudor en syn omkesizzer Hindrik Tudor (de lettere Hindrik VII fan Ingelân). Dy lêste wie de iennichste lieder fan 'e lancastrianen dy't noch in spoar fan 'e keninklike bloedline hie en dêrom oanspraak op 'e Ingelske troan meitsje koe. De Tudors en harren meistanners besochten yn sylskippen It Kanaal oer te flechtsjen nei it Keninkryk Frankryk, mar troch hurde wyn wiene se twongen om ynstee yn Le Conquet oan lân te gean, dat yn it Hartochdom Bretanje lei. Dêr waard de hiele kloft yn 'e hechten nommen op befel fan Frâns II. Hy seach Hindrik Tudor as in wichtich ruilmiddel dat er yn 'e takomst mooglik brûke koe om 'e help fan Ingelân ôf te twingen by in Bretonsk konflikt mei Frankryk. Dêrom paste er goed op 'e lancastrianen; hy húsfêste de beide Tudors en ferskate neiste meistanners yn it Kastiel fan Suscinio yn Sarzeau, dêr't se in fan alle gemakken foarsjoen libben hiene op kosten fan Frâns II.

Edwert IV fan Ingelân die net bot war om 'e ballingen werom te krijen, mei't er Hindrik Tudor beskôge as "in nimmennet". Wol easke er healslachtich harren oerdracht fan Frâns II, mar doe't dy wegere, liet er de saak fierders gewurde. Yn oktober 1483, doe't er al tolve jier yn Bretanje libbe, die Hindrik Tudor foar it earst in wraam op 'e Ingelske troan. Frâns II droech 40.000 gouden kroanen en 15.000 soldaten by oan dat krewearjen, mar de lancastriaanske float fan fyftjin skippen wêrmei't it ynvaazjeleger It Kanaal oerstekke moast, waard útinoar blaasd troch in stoarm. Fan gefolgen kaam Hindrik Tudor mar mei twa skippen by de Ingelske kust oan, dêr't er opwachte waard troch in yorkistysk leger fan 'e nije kening Richard III fan Ingelân. (Syn gearspanning tsjin 'e yorkisten mei Hindrik Stafford, hartoch fan Buckingham, wie nammentlik al ûntdutsen en Buckingham wie finzen nommen, feroardiele en ûnthalze foar't Hindrik Tudor Bretanje sels mar ferliet.) Hindrik besleat doe wyslik om net oan lân te gean, mar werom te kearen nei Bretanje.

It wapen fan Frâns II fan Bretanje.

Oerlibbenen fan 'e mislearre opstân yn Ingelân flechten neitiid It Kanaal oer en joegen har by de Tudors yn Bretanje. Op earste krystdei 1483 swarde Hindrik Tudor yn 'e Katedraal fan Rennes in eed dat er mei Elizabeth fan York trouwe soe, de dochter fan Edward IV silger, om 'e huzen fan Lancaster en York te ferienjen. Tsjin dy tiid wie Hindrik in wiere bedriging wurden foar de Ingelske troan, dat Richard III die bot war om Frâns II te bewegen syn gasten oan him út te leverjen. Frâns II woe sa'n útlevering yn 't fet hâlde foar eventueel letter gebrûk. Mar doe't er mids 1484 siik wie en it regear oer Bretanje dêrtroch tydlik yn 'e hannen kaam fan syn tesaurier, Pierre Landais, berikte dyselde mei Richard III oerienstimming oer de útlevering fan 'e Tudors yn ruil foar in ûnthjit om 3.000 Ingelske bôgeskutters te stjoeren as Bretanje ea binnenfallen waard troch de Frânsen. It nijs lekte lykwols út en de Tudors waarden warskôge, wêrnei't Hindrik en syn omke Jasper allebeide los faninoar nei Frankryk wisten te ûntkommen, dêr't se ûnder beskerming stiene fan 'e Frânske Kroan. Doe't Frâns II koarte tiid letter wer opbettere, wied er min te sprekken oer it dwaan fan Landais. Om it goed te meitsjen, bea er de 400 oare lancastriaanske ballingen yn Bretanje frije trochtocht nei Frankryk en betelle sels alle ûnkosten foar de reis.

Deilisskip mei Frankryk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oansluting by de Liga foar it Miene Goed

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De keningen fan Frankryk seagen it Hartochdom Bretanje as in ôffallich diel fan harren keninkryk, dat weromwûn wurde moast. Dêrta yntrigearren se oan ien wei troch om ynfloed yn Bretanje te winnen. Net ien dy't in gruttere yntrigant wie as Loadewyk XI fan Frankryk, dy't om dy reden bekend stie as "de Grutte Spin" (om't er as spin yn it web fan syn yntriizjes siet). Mei't Frâns II krewearre foar it behâld en it fergrutsjen fan 'e Bretonske ûnôfhinklikheid, makke er himsels ta in fijân fan Loadewyk XI.

Yn 1465 sleat Frâns II him oan by de Liga foar it Miene Goed, in ferbûn fan Frânske eallju dy't har fersetten tsjin 'e sintralistyske plannen fan Loadewyk XI. Dyselde woe nammentlik net inkeld Bretanje, mar alle ûnôfhinklike en semy-ûnôfhinklike hartochdommen, wêrûnder Boergonje, Normanje, Berry en oaren, streekrjocht ûnder it bewâld fan 'e Frânske Kroan bringe. De Liga wie it geastesbern fan Karel de Stoute, de greve fan Charolais en de soan fan 'e Boergondyske hartoch Filips de Goede, en hie 's kenings broer Karel fan Valois, hartoch fan Berry as boechbyld.

Anne fan Bretanje, de dochter en opfolchster fan Frâns II.

Yn 1467 urf Karel de Stoute by de dea fan syn heit it Hartochdom Boergonje, dat lienen hie yn sawol yn Frankryk (lykas it Greefskip Arteezje en it Greefskip Flaanderen) as yn it Hillige Roomske Ryk (lykas it Greefskip Hollân, it Greefskip Seelân, it Greefskip Henegouwen, it Hartochdom Brabân en it Hartochdom Lúksemboarch). Karel hie de ambysje om in eigen keninkryk te foarmjen dat fan 'e Noardsee nei de Alpen rûn yn 'e grinskrite fan Frankryk en it Hillige Roomske Ryk. Yn 1477 sneuvele er lykwols yn 'e Slach by Nancy tsjin hartoch René II fan Loataringen en in Switsersk hierleger. Loadewyk XI waard dêrtroch rêden fan syn grutste fijân. Neitiid wist er yn 'e Boergondyske Súksesjeoarloch it eigentlike Hartochdom Boergonje by Frankryk te skuorren. De Liga foar it Miene Goed wie dêrtroch de facto ferslein en foel útinoar. It wie dy ferskowing yn it machtslykwicht yn Noardwest-Jeropa, dy't de doem foarsei fan it ûnôfhinklike Bretanje.

Yntriizjes oer en wer

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Loadewyk XI kaam yn 1483 te ferstjerren. Hy waard opfolge troch syn soan Karel VIII fan Frankryk, mar salang't dy noch minderjierrich wie, hearske (Loadewyk) syn dochter Anna fan Frankryk as regintesse. Frâns II, dy't yn it regintskip in perioade fan Frânske swakte tocht te bespeuren, sleat him oan by hartoch Loadewyk fan Orléans (de lettere Loadewyk XII fan Frankryk) en greve Karel fan Agoulême, dy't har tsjin regear fan Anna oankanten.

Trochdat er benammen belangstelling hie foar wat der oare kant de Frânske grins barde, ferwaarleazge Frâns II de Bretonske binnenlânske oangelegenheiden. Syn korrupte en autoritêre earste minister, Guillaume Chauvin, waard yn 1477 ûnder fuotten helle troch syn tesaurier-generaal, Pierre Landais. Underwilens slagge it earst Loadewyk IX en nei syn dea Anna fan Frankryk om, gebrûk meitsjend fan 'e ûnderlinge fetes binnen de Bretonske adel, in grut diel fan 'e Bretonske eallju om te keapjen. Yn 1485 fierden dy Frânsksinnigen in steatsgreep út, wêrby't Landais ôfset en finzen nommen, en úteinlik ophongen waard.

It wichtichste probleem dat Frâns II hie, wie lykwols dat er gjin manlike opfolger hie; syn iennichste neiteam bestie út dochters yn in tiid dat froulju net yn tel wiene. Op ynstigaasje fan Frâns II befêstigen de Stannen fan Bretanje yn 1486 syn opfolging troch syn dochter Anna fan Bretanje. In jier letter, yn 1487, waard mei Frankryk it Ferdrach fan Châteaubriant sletten, wêryn't Frankryk de ûnôfhinklikens fan Bretanje erkende. Nettsjinsteande dat holden de Frânsen oan mei yntrigearjen om dy ûnôfhinklikens te ûndermynjen, wat op in stuit útrûn op skermutselings oan 'e grins. In keninklik Frânsk leger ûnder Loadewyk II fan La Trémoille dy sels ynfallen tsjin 'e Bretonske stêden Vannes en Fougères en sleat de tagong oer lân nei Bretanje, dat op in skiereilân leit, ôf.

De Dwaze Oarloch

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dêrop foarme Frâns II in militêre alliânsje mei oare fijannen fan Frankryk, te witten: keizer Maksimiliaan I fan it Hillige Roomske Ryk, kening Ferdinand II fan Aragon en kening Hindrik VII fan Ingelân. Ferskate eardere bûnsgenoaten fan Frâns II út 'e Liga foar it Miene Goed joegen har by him. Ien fan harren, Alain fan Albret, dy't om 'e hân fan Anna fan Bretanje stike, sterke it Bretonske leger fuort mei 5.000 man dy't betelle waarden troch Ferdinand fan Aragon. Maksimiliaan stjoerde 1.500 fan syn eigen soldaten út it Aartshartochdom Eastenryk, en Edward Woodville, lord Scales stiek It Kanaal oer mei in pear hûndert Ingelske bôgesjitters.

Lykwols waarden de Bretonnen, yn wat neitiid de Dwaze Oarloch kaam te hjitten, op 28 july 1488 troch de Frânsen ferpletterjend ferslein yn 'e Slach by Saint-Aubin-du-Cormier. Dat wie foar in grut part te witen oan 'e korrupsje fan it Hof fan Frâns II en oan ynterne skelen mank de Bretonske adel, fan wa't in diel oan 'e Frânske kant tsjin 'e eigen hartoch meifocht. Scales sneuvele yn 'e slach, wylst de Frânske rebellen Loadewyk fan Valois, hartoch fan Orléans en Jan IV fan Châlon-Arlay, prins fan Oranje kriichsfinzen nommen waarden. Albret en Jan IV fan Rieux ûntkamen oan dat lot en spilen neitiid in wichtige rol by de fuortsetting fan 'e striid.

Op 10 augustus wie Frâns II lykwols twongen om it fernederjende Ferdrach fan Verger te ûndertekenjen. Under de kêsten fan dat ferdrach moast er himsels ûnderwerpe as in fazal fan Karel VIII, en moast er alle útlânske troepen út Bretanje wei bonsjoere. Ek moast er Saint-Malo, Fougères, Dinan en Saint-Aubin-du-Cormier oan 'e Frânske kening oerdrage en boppedat wie fan dat stuit ôf foar in houlik fan syn dochter Anna ferlet fan goedkarring fan 'e Frânske Kroan. Mar inkele moannen letter kaam Frâns II te ferstjerren doe't er ûngelokkich fan syn hynder knoffele. Hy waard opfolge troch syn dochter Anna, dy't troch de nederlaach yn 'e Dwaze Oarloch en de suver algemiene Frânske ynfloed yn Bretanje dy't dêrfan it gefolch wie, yn in ûnmooglike posysje brocht wie. Hja die wat hja koe om 'e Bretonske ûnôfhinklikens te beskermjen, mar it wie om 'e nocht: Bretanje kaam ûnder Frânske hearskippij en soe yn 1532 folslein troch Frankryk anneksearre wurde.

De grêftombe fan Frâns II yn 'e Katedraal fan Nantes.

Hartoch Frâns II fan Bretanje rêst yn in grut prealgrêf yn 'e Katedraal fan Nantes. Syn tombe waard besteld troch syn dochter Anna. It is in wichtich foarbyld fan ier renêssansistysk byldhouwurk yn Frankryk. It grêf waard ûntwurpen troch Jean Perréal en de byldhouwurken binne fan 'e hân fan Michel Colombe.

Frâns II troude twaris.

Syn earste houlik wie mei Margareta fan Bretanje (1443-1469), de âldste dochter fan Frâns I fan Bretanje (in folle neef fan Frâns II) en prinsesse Isabella fan Skotlân. Mei har krige er in soan, Jan, greve fan Montfort (29 juny oant 25 augustus 1463), dy't lykwols nei 58 dagen kaam te ferstjerren.

Syn twadde houlik wie mei Margareta fan Foix (1449-1486), in prinsesse fan Navarra, de dochter fan greve Gaston IV fan Foix en keninginne Eleönoara fan Navarra. Mei har krige er twa dochters:

Dêrnjonken hie Frâns II ek ferskate oerwûne bern mei Antoinette fan Maignelais, in eardere mêtresse fan kening Karel VII fan Frankryk.

Foarâlden fan Frâns II fan Bretanje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
16. Arthur II, hartoch fan Bretanje
 
 
 
 
 
 
 
8. Jan fan Montfort, hartoch fan Bretanje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
17. Jolanda fan Dreux, grevinne fan Montfort
 
 
 
 
 
 
 
4. Jan IV, hartoch fan Bretanje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
18. Loadewyk I, greve fan Nevers
 
 
 
 
 
 
 
9. Jehanna fan Flaanderen, hartoginne fan Bretanje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
19. Jehanna, grevinne fan Rethel
 
 
 
 
 
 
 
2. Richard fan Bretanje, greve fan Étampes
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
20. Filips III, kening fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
10. Karel II, kening fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
21. Jehanna II, keninginne fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
5. Jehanna fan Navarra, keninginne fan Ingelân
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
22. Jan II, kening fan Frankryk (= 24 en 30)
 
 
 
 
 
 
 
11. Jehanna fan Frankryk, keninginne fan Navarra
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
23. Bonne fan Lúksemboarch, prinsesse fan Bohemen (= 25 en 31)
 
 
 
 
 
 
 
1. Frâns II, hartoch fan Bretanje
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
24. Jan II, kening fan Frankryk (= 22 en 30)
 
 
 
 
 
 
 
12. Karel V, kening fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
25. Bonne fan Lúksemboarch, prinsesse fan Bohemen (= 23 en 31)
 
 
 
 
 
 
 
6. Loadewyk I, hartoch fan Orléans
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
26. Piter I, hartoch fan Boerbon
 
 
 
 
 
 
 
13. Jehanna fan Boerbon, keninginne fan Frankryk
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
27. Isabella fan Valois, hartoginne fan Boerbon
 
 
 
 
 
 
 
3. Margareta fan Orléans, grevinne fan Vertus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
28. Galeazzo II Visconti, hear fan Milaan
 
 
 
 
 
 
 
14. Gian Galeazzo Visconti, hartoch fan Milaan
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
29. Bianka, hartoginne fan Savoaye
 
 
 
 
 
 
 
7. Valentina Visconti, grevinne fan Vertus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
30. Jan II, kening fan Frankryk (= 22 en 24)
 
 
 
 
 
 
 
15. Isabella fan Valois, grevinne fan Vertus
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
 
31. Bonne fan Lúksemboarch, prinsesse fan Bohemen (= 23 en 25)
 
 
 
 
 
 

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.