Katedraal fan Nantes
| Petrus en Pauluskatedraal Cathédrale Saint-Pierre-et-Saint-Paul | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | Pays de la Loire | |
| departemint | Loire-Atlantique | |
| plak | Nantes | |
| koördinaten | 49°13'N 1°33'E | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Nantes | |
| patroanhillige | Petrus en Paulus | |
| Arsjitektuer | ||
| boujier | 1434-1891 | |
| boustyl | Gotyk | |
| monumintale status | histoarysk monumint | |
| Webside | ||
| Side katedraal Side Bisdom | ||
| Kaart | ||
De Cathédrale Saint-Pierre-et-Saint-Paul (Petrus en Pauluskatedraal) yn Nantes, Frankryk, is de katedraal fan it roomsk-katolike bisdom Nantes. De bou fan 'e goatyske katedraal, dy't wol 457 jier duorre en pas yn 1891 foltôge waard, sette op it plak fan in eardere romaanske katedraal yn 1434 útein. Yn 1862 is de katedraal troch it Frânsk Ministearje fan Kultuer klassifisearre as in histoarysk monumint. Yn juny 2020 waard de katedraal troffen troch in slimme brân, wêrby't it histoaryske oargel folslein ferlern gyng.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Al fier foar it kerstenjen fan Frankryk wie it plak fan 'e katedraal in hillich plak. Yn 'e Romeinske tiid stie der oan 'e god Janus opdroegen timpel. Letter stie op it plak in 4e iuwske basilyk. De earste echte katedraal ûntstie yn 'e jierren 527-549. Wytsings, dy't mei harren skippen de Loire op farden, skansearren de katedraal tusken 843 en 919 sa slim, dat fan it gebou yn 940 mei de befrijing fan Bretanje fan 'e terreur fan 'e Wytsings allinne noch in púnbulte oer wie. Biskop Benediktus fan Cornouailles (1079–1112) joech opdracht ta in nijbou yn romaanske styl.

De bou fan 'e hjoeddeiske katedraal sette yn 1434 útein yn in tiid dat Bretanje in tiid fan wolstân meimakke. De Bretonske hartoch Jehan V bleau yn 'e Hûndertjierrige Kriich relatyf neutral en dat makke dat der jild wie foar projekten lykas it bouwen fan in nije katedraal. Hy wie it ek dy't de earste stien foar de katedraal lei. De earste boumaster wie Willem fan Dommartin-sur-Yèvre. Oars as wenst waard yn Nantes net mei it koer maar mei de westlike gevel begûn. Tsjin 'e ein fan 'e 15e iuw wie it measte fan 'e gevel foltôge. De tuorren lykwols bleaune lykas by de measte Frânske goatyske katedralen ûnfoltôge. De wijing fan it skip fûn pas yn 1577 plak. Yn dy tiid hie de tsjerke noch gjin ferwulften.
Nei in skoft rêst waard sûnt 1627 wer fierder wurke oan 'e katedraal. De ferwulften fan it middenskip waarden tusken 1627 en 1629 ynbrocht, it súdlike dwersskip folge yn 'e jierren 1631-1637 en de bou fan 'e súdlike sydskippen fan it koer tusken 1650 en 1668. Dêrnei bleau de tsjerke mei it noch romaanske koer oant yn 'e 19e iuw foar in grut part itselde.
Yn 'e Frânske Revolúsje gyng in grut part fan 'e ynrjochting en de âlde brânskilderde ramen ferlern. De tsjerke waard as hynstestâl en arsenaal brûkt. Foar de ûnthillige katedraal drige ôfbraak om sa romte te meitsjen foar in strjitwei, mar dat plan waard troch in rapport fan 'e boukundich ingenieur Mathurin-Julien Grolleau (1734-1806) tefoarren kommen. Nei it konkordaat fan Napoleon fan augustus 1800 waard de katedraal wer as tsjerke brûkt. It makke ek de foltôging fan 'e katedraal as suver goatysk bouwurk mooglik. Sa waarden tusken 1840 en 1849 it noardlike dwersskip ferboud en tusken 1845 en 1865 in nije krypt om 'e romaanske hinne boud. Ek waard begûn mei de ferbouwing fan it koer en de tafoeging fan in goatyske krâns fan fiif kapellen. Op 'e earste krystdei fan 1891 wijde biskop Jules-François Le Coq de foltôge katedraal
Op 15 juny 1944 fernielden alliearde bommen dielen fan it koer en de sakristy. De werbou duorre lang en op 28 jannewaris 1972 ûnstie by de restauraasje in brân, dy't it houten dak fernielde. De ferwulften bleaune lykwols yntakt. De dêrnei folgjende restauraasje duorre oant 1985 en wurdt beskôge as de meast folsleine restauraasje fan in Frânske katedraal. Ek de noch net ferholpen skea út 'e Twadde Wrâldkriich waarden mei dy restauraasje ferholpen.
Brân 2020
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Op 18 july 2020 briek tsjin acht oere moarns yn de katedraal brân út. It wie de twadde grutte tsjerkebrân yn koarte tiid: fiif jier earder waard ek de monumintale Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien troffen troch in earnstige brân.
Neffens de lokale prokureur Pierre Sennès soe it fjoer op trije ferskillende plakken yn 'e katedraal ûntstien wêze: by it haadoargel, op 'e rjochter kant en op de lofter kant fan it tsjerkeskip. Dêrfandinne waard der fan in mooglike brânstifting útgien. In 39-jierrige asylsiker en mistsjinner yn 'e katedraal waard oanholden as mooglike fertochte, mar dy waard al hiel gau wer frijlitten om't er neffens de berjochten neat te meitjen hie mei de brân.[1] De brân soe no ynienen in spontane oarsaak hawwe, ek al wiene der trije plakken dêr't it fjoer ûnstien wie. In pear dagen letter waard de 39-jierrige man út Rûanda op 'e nij arrestearre. De man hie no bekend de brân al oanstutsen te hawwen.[2]
Fandalisme yn Frânske tsjerken is in tanimmend probleem. Allinne al yn it earste fearnsjier fan 2019 wie der 228 kear sprake fan anty-kristlik geweld yn it lân. [3]

By de brân gyng it haadoargel folslein ferlern. It oargel gyng werom op it jier 1619 en waard oarspronklik boud troch Jacques Girardet as in ynstrumint fan 27 registers. Yn 'e rin fan 'e tiid waard it yn fiif grutte restauraasjes ta in fjouwermanualich ynstrumint fan 74 registers útboud.[4][5] Njonken it haadoargel gyngen ek it grutte brânskildere raam tusken de twa tuorren, oare brânskildere ramen en in tal skilderijen ferlern.
Nei de brâns waard yn july útein set mei de restauraasje. De katedraal iepene de doarren wer op 27 septimber 2025.[6]
Ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Heechalter (likernôch 1733) mei moarmeren ingels fan Sébastien Leysner fan 1779.
- Renêssânse grêfmonumint fan hartoch François II en syn frou Margarethe fan Foix yn it súdlike sydskip (oant de Frânske Revolúsje yn 'e Karmelitetsjerke). Swart en wyt moarmer, heechweardige byldhouwurk fan 'e fjouwer deugden, wêrfan't Prudentia in Januskop hat.
- Grêfmonumint Lamoricières út 1878 yn it noardlike sydskip.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Kathedrale von Nantes
|
