Rûanda
| |||||
Offisjele taal | Rûandeesk, Frânsk, Ingelsk | ||||
Haadstêd | Kigali | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
26.338 km² 5,3% | ||||
Ynwenners | |||||
Munt | Rûandese frank (RWF) | ||||
Tiidsône | UTC +2 | ||||
Nasjonale feestdei | 1 july | ||||
Lânkoade | RWA | ||||
Ynternet | .rw | ||||
Tillefoan | 250 |
Rûanda is in lân yn Sintraal-Afrika. Haadstêd is Kigali.
It lân wurdt begrinzge troch:
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Hûtû wennen ynearsten yn Rûanda doe't yn de 15e iuw de Tûtsy harren ek yn it gebiet fan Rûanda-Boerûndy (de tsjintwurdige republiken Rûanda en Boerûndy) festigen. Op in bepaald stuit wienen der twa keninkriken Rûanda en Oerûndy mei de Tûtsys as feodale hearskjende klasse. Op 'e ein fan de 19e iuw waarden beide lannen troch de Dútsers ynlive by Dútsk East-Afrika.
Nei de Twadde Wrâldkriich waard Rûanda troch Belgje bestjoerd as mandaat-gebiet fan de Folkebûn, letter fan de Feriene Naasjes. Yn july 1959 ferstoar de Tûtsy kening Matura en ûntstienen der earnstige botsingen tusken Hûtû en Tûtsy en de Tûtsys, dy't mei 9% fan de befolking yn de minderheid, harren oermacht kwytrekken. Yn 1961 waard de republyk útroppen, mei as presidint de evenredige Hûtû-lieder G. Kayibanda. Sûnt dy tiid brutsen hieltyd wer bloedige twisten út, mei as djiptepunt de massaslachtingen fan 1994 mei sawat 1 miljoen deaden.
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûanda is in lyts lân yn Sintraal-Afrika mei in oerflakte fan 26.338 km². It leit in pear graden ten suden fan de evener. Rûanda is foar it meastepart in bercheftich lân, dêr't de heechste piken fan yn it westen lizze mei de Firunga-fulkanen op 4507 meter as heechste. De Nyl ûntspringt yn de bergen fan Boerûndy en Rûanda.
Yn it sintrale en eastlike part fan Rûanda lizze fral sêft gloaiende heechflakten meast bedutsen mei gêrslannen en lytse boerepleatsen. Oant-en-mei in hichte fan 2500 meter waakse yn it fochtich-tropysk klimaat reinwâlden en fochtige savannes dy't hegerop oergean yn bamboebosken.
Yn de berchgebieten libje mei útstjerren bedrige berchgorillas dêr't it Nasjonaal Park Firunga foar oprjochte is ta beskerming fan dy bisten.
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Befolking
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Etnyske befolking bestiet foar 84% út Hûtû, 15% Tûtsy en 1% Twa.
Religy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De wichtichste religy yn Rûanda is it kristendom. Fan de befolking is 56% katolyk, 12% protestantsk en 9% islamitysk. In fearnpart hinget it in natoerreligy oan.
Talen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Rûanda hat trije offisjele talen, Frânsk, Ingelsk en Rûandeesk (Kinyarwanda). It meastepart fan de bewenners sprekt wol Rûandeesk, en op de merk yn de stêden wurdt ek in soad Swahily sprutsen. Yn 2008 ferklearre de Rûandeeske regearing dat it Ingelsk mei it Rûandeesk de twa offisjele talen wurde sille yn it neidiel fan it Frânsk.