Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien
| HH. Donatius en Rogatius-basilyk Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien | ||
| Lokaasje | ||
| lân | ||
| regio | Pays de la Loire | |
| departemint | ||
| plak | ||
| adres | Place des Enfants-Nantais | |
| koördinaten | 49°13'N 1°32'W | |
| Tsjerklike gegevens | ||
| tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
| bisdom | Nantes | |
| patroanhillige | Donatius en Rogatius | |
| Arsjitektuer | ||
| arsjitekt | Émile Perrin | |
| boujier | 1872-1889 | |
| boustyl | Gotyk mei romaanske eleminten | |
| monumintale status | histoarysk monumint | |
| Webside | ||
| Side parochymienskip | ||
| Kaart | ||
De HH. Donatius en Rogatius-basilyk (Frânsk: Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien) is in roomsk-katolike basilica minor op it Place des Enfants-Nantais yn it Malakoff-Saint-Donatien-distrikt fan Nantes, Frankryk.
It is ien fan 'e twa tsjerken fan 'e stêd, dy't de status basilica minor krigen. Yn 2015 waard de oan 'e twa hillige bruorren Donatius en Rogatius wijde tsjerke troch in slimme brân foar in part ferneatige.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]In earste tsjerke op it begraafplak fan 'e bruorren Donatius en Rogatius, twa 3e-iuwske martlers út Nantes, giet werom op 'e 5e iuw. De foargonger fan 'e tsjintwurdige tsjerke waard yn 'e Frânske Revolúsje yn in hospitaal feroare en ferkocht yn 1796. Yn 1802 krige it gebou syn funksje as tsjerkegebou werom.

De bou fan 'e hjoeddeiske, fjirde tsjerke op itselde plak, fûn plak nei in ûnthjit fan 'e doedestiidske biskop Félix Fournier yn 'e tiid fan 'e Frânsk-Dútske Oarloch. De biskop ûnthiet in nije tsjerke te bouwen as syn bisdom frij bleau fan in Prusyske ynfaazje en dat barde sa. De bou begûn yn 1872. Op 19 oktober 1889 waard de tsjerke wijd, dy't noch yn itselde jier de status krige fan basilica minor. Oant yn 'e 20e iuw waard noch fierder wurke oan 'e ynrjochting fan it gebou.
By renovaasjewurk ûnstie op 15 juny 2015 in fûle brân, wêrby't it houten dak fan 'e tsjerke ferneatige waard. De ramp ûntstie neffens wurdfierders op it stuit, doe't twa dakdekkers mei in brander oan it wurk wiene mei de reparaasje fan in leaden goatte. Yn 'e tsjerke rekke benammen it diel fan it koer swier skansearre.
Noch yn itselde jier sette de restauraasje útein. De rûsde kosten fan 'e rekonstruksje bedrage € 13 miljoen euro. De basilyk waard op 29 augustus 2021 wer iepene nei seis jier sluting. Nei seis jier ticht west te hawwe koe de basilyk op 29 augustus 2021 weriepene wurde.
Arsjitektuer en ynrjochting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De troch Émile Perrin yn in primitive neogoatyske styl ûntwurpen tsjerke is in trijeskippige, krúsfoarmige, nei it noardeasten oriïintearre basilika mei in gevel, twa tuorren en in koeromgong. Yn 'e tsjerke is de antike moarmeren sarkofaach fan 'e twa bruorren Donatius en Rogatius is âldste keunstwurk.
By de tsjerke leit in tsjerkhôf, it âldste fan Nantes mei yn 'e midden de Stefanuskapel. De kapel mei de 18e-iuwske gevel is it âldste tsjerkegebou fan it bisdom. De âldste dielen fan 'e Stefanuskapel datearje út 'e 6e iuw. Eartiids wie der foar de kapel in put, dêr't pylgers harren hannen waskje koene foar't hja de kapel yngyngen. De put ferdwûn tsjin 'e ein fan 'e 20e iuw en wie neffens de histoarikus Léon Maître it bewiis fan 'e âlderdom fan 'e kapel.
De basilyk, it tsjerkhôf en de kapel steane ûnder monumintesoarch.
Foar it haadportaal stiet in monumint foar Jeanne d'Arc.
- Ynterieur nei de brân
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan 'e Frânktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: fr:Basilique Saint-Donatien-et-Saint-Rogatien
|
