Gildas

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Saint Gildas
stânbyld ûnder it doarp Saint-Gildas-de-Rhuys (Frankryk)

Gildas (ek wol Gildas de Wize as Gweltaz) (Skotlân, om 500 - Houat, Bretanje, om 570) wie in Britske geastlike en skriuwer út mids 6e iuw. Hy skreau De Excidio et Conquestu Britanniae ('Oer de ferwoasting en ferôvering fan Brittanje').

Gildas is stoarn yn Bretanje op it eilân Houat dêr't er as kluzener libbe en it evangeelje ferkundige. Hy lei bedobbe yn de tsjerke fan Saint-Gildas-de-Rhuys.

Gildas syn nammedei is 29 jannewaris.

De Excidio et Conquestu Britanniae[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It wurk is foar histoarisy fan grut belang omdat it as ynlieding in skiednis fan de wrâld en Britannia jout, fan de tiid fan Jezus ôf oant syn eigen tiid. Feitlik is it de iennige boarne út dy tiid oer it barren yn Brittanje yn de 5e iuw en 6e iuw. Gildas jout gjin datums, mar lit wol sjen dat er it ien en oar wit fan de skiednis fan syn lân, al hat dy wol lakunes. Sa wit hy bygelyks wat de muorre fan Hadrianus en de muorre fan Antoninus binne en yn it noarden leit, mar tinkt er dat dy fan nei de opstân fan Magnus Maksimus (383) binne.

It wurk ropt de Britten op om harren fouten en sûnden op te jaan, it is benammen rjochte op in fiiftal keningen of prinsen:

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Michael Lapidge: Gildas. Yn: The Blackwell Encyclopedia of Anglo-Saxon England. Fannijs útjûn troch John Blair e.o. Oxford 1999, s. 204.
  • Thomas D. O'Sullivan: The De Excidio of Gildas: Its Authenticity and Date. New York 1978.
  • Michael Lapidge, David Dumville (werútj.): Gildas: New Approaches. Woodbridge 1984.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]