Jezus (histoarysk)

Ut Wikipedy
Jezus (histoarysk)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Jehosjûa, Jesjûa
oare namme Jezus Kristus, Jezus fan Nazaret
berne om 5 f.Kr. hinne
berteplak Nazaret
stoarn om 33 n.Kr. hinne
stjerplak Jeruzalim
etnisiteit Joadsk
reg. identiteit Galileesk
wurkpaad
berop/amt profeet
jierren aktyf 30-33
reden
  bekendheid
It grûnwurk fan it kristendom leit op de ferhalen fan Jezus yn it Nije Testamint
Jezus oan it krús
troch Diego Velázquez, 1630

Jezus fan Nazaret (Arameesk: ישוע Jesjûa of Jesjû`, Gryksk: Ἰησοῦς Jésous; Nazaret (?), om 5 f.Kr. hinne - Jeruzalim, om 30 n.Kr.) wie in Joadske profeet. Fan likernôch 28 n.Kr. ôf wurke er yn Gailléa en Judea. Op oarder fan de Romeinske prefekt Pontius Pilatus waard er yn 30 (of 33) n.Kr. troch Romeinske soldaten krusige.

De histoaryske Jezus is de rekonstruksje fan it libben en wurk fan Jezus fan Nazaret troch histoarysk-krityske metoaden, foar de kristlike Jezus en kristlike skriften oer. It sjocht ek neiit histoarysk en kultureel ferbân dêr't er yn libbe.

Sa goed as alle deskundigen binne it deroer iens dat Jezus bestean hat. Rekonstruksjes fan de histoaryske Jezus lizze op it grûnwurk fan de Brieven fan Paulus en de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint, wylst der ferskate boarnen om utens bestean dy't tsjûgje fan it bestean fan de histoaryske Jezus.

Deskundigen binne it lykwols net meiïnoar iens oer it leauwen en it wurk fan Jezus en de sekuerens fan de Bibelske skriften. Twa foarfallen binne se it al oer iens; dat Jezus doopt waard troch Jehannes de Doper en de Krusiging fan Jezus op oarder fan Pontius Pilatus. Guon bestride it idee dat er in Galileeske Joad wie en dat er yn in snuorje messiaanske en apokalyptyske ferwachtings libbe. Guon deskundigen kenne de apokalyptyske ferklearrings oan himta, wylst oaren syn Keninkryk fan God as in morelen ien, ynstee fan in apokalyptysken ien, beskriuwe.

Ek binne deskundigen it der net oer iens hoe't se Jezus omskriuwe moatte. Sokke omskriuwings binne ûnder oaren oft er in profeet, garismatyske genêzer, synyske filosoof, Joadske Messias of rabby.

It histoarysk bestean fan Jezus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der wurdt besocht om troch in wittenskiplike metoade de skiednis fan Jezus fan Nazaret, histoarysk-kritysk sjoen, op te bouwen. Dy metoade bestiet benammen út krityske analyse fan de boarnen. Ek wurdt de kulturele en histoaryske eftergrûn fan Jezus op it aljemint brocht om bewiisgrûn te jaan fan de relaasje tusken de oerlevere boarnen en dat der yn it libben fan Jezus bard is.

Boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinske provinsje Judea yn de 1e iuw

Der binne gjin boarnen bekend út de jierren dêr't Jezus yn libbe dy't him neame. De ierste boarnen oer syn wurk, preekjen, lijen en dea binne te finen yn de skriften fan it Nije Testamint.

Yn de histoarysk-krityske metoade wurdt der gjin ûnderskaat makke tusken de kanonike evangeeljes en de oare skriften. Nei eltse boarne wurdt op eigen wearde op deselde manier kritysk besjoen troch ferskate metoaden sa as bygelyks boarne-, tekst-, redaksje- (analyse fan de teologyske ideeën dy't de skriuwers oerbringe litte woene) en foarmkrityk (rekonstruksje fan mûnlinge oerlevering).

Bibelske boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Bûten de fjouwer evangeeljes is der yn it Nije Testamint mar in bytsje te finen oer it libben fan Jezus. De Brieven fan Paulus en it Evangeelje fan Markus binne de twa ierste boarnen dêr't mei wissichheid fan sein wurde kinne dat dy literêr ûnôfhinklik faninoar binne. Dêrby kin as tredde boarne ek de tinkbyldige boarne Q rekkene wurde. It Evangeelje fan Jehannes en de eigen matearje fan de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas ferwize nei ûnôfhinklike oerleverings, lykas, mar wol minder, Hebreeërs, Hannelingen, Jakobus en Iepenbiering. Dy boarnekrityk is wichtich om't it mooglik wurdt iere gegevens werom te heljen. Om't bygelyks Paulus, Markus en Q in ferbod op it skieden oan Jezus taskriuwe, moat dat al in âld oantinken west hawwe.

Paulus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De sân Brieven fan Paulus, dy't skreaun waarden om 50-62 n.Kr. hinne, binne âlder as de evangeeljes en befetsje oerlevere ynformaasje oer Jezus. Paulus hat se krigen troch syn kontakten yn de ierkristlike mienskippen. Paulus neamt syn moetings mei Kefas (Petrus, in foaroansteande learling fan Jezus), Jehannes en Jakobus, de broer fan Jezus. De brieven fan Paulus binne dêrom in wichtige boarne yn it ûndersyk nei de histoaryske Jezus en befetsje ek ferskate histoaryske gegevens dy't om 'e nocht binne, sa as bygelyks dat Jezus in Joad wie, bruorren hie en krusige waard.

Evangeeljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Letter ûntstiene de fjouwer kanonike evangeeljes (Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes) dy't de measte ynformaasje fan it libben fan Jezus befetsje. Ut de boarnekrityk blykt dat Markus it âldste evangeelje (om 70 n.Kr. hinne) is. De skriuwers fan de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas hawwe gebrûk fan dat evangeelje makke. Sa as bygelyks de útspraken fan Jezus komme oerien yn dy evangeeljes. Nei alle gedachten wiene dat perikopen, of in samling dêrfan, dy't bekend stiet as de tinkbyldige boarne Q. Ek befetsje de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas eigen unike matearje, dêr't mooglik ek âldere oerleverings it grûnwurk fan foarmje. It Evangeelje fan Jehannes, dat mear it skaaimerk fan in teologysk skrift hie as de oare trije, waard om 90-110 n.Kr. hinne skreaun. Der binne ferskillen fan miening oft dat evangeelje literêr ôfhinklik fan de oare evangeeljes is en hoefier't it ûnôfhinklik is. Wis is dat der ferskillen binne mei de synoptyske evangeeljes. De skriuwer neamt as boarne it skreaune ferslach fan de "learling dy't Jezus leaf hie".

Boarnen om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de bibelske boarnen wurdt Jezus in stikmannich kear neamd yn net-kristlike boarnen dy't brûkt binne yn de histoaryske analyse fan it bestean fan Jezus.

Tallos[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jezus waard mooglik foar it earst neamd bûten it Nije Testamint om 55 n.Kr. hinne troch in skiedkundige dy't Tallos hiet. Tallos syn wurk, lykas de measte literatuer út de Aldheid, is ferlern rekke, mar noch net foar't it brûkt waard troch de kristlike skriuwer Sekstus Julius Afrikanus (om 160 n.Kr. hinne - om 240 hinne) yn syn wurk Skiednis fan de Wrâld (om 220 n.Kr. hinne). Dat boek rekke letter lykwols ek ferlern, mar net foar't it brûkt waard troch Byzantynske skiedkundige Georgios Synkellus yn syn Kronyk (om 800 hinne). Der kin net mei wissichheid sein wurde dat der inkelde ferwizings binne dy't ek mar inkelde aspekten fan Jezus syn libben of dea neame.

Josefus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Joadske Aldheden (om 93-94 n.Kr. hinne) fan Flavius Josefus wurdt Jezus twa kear neamd. It part, Testimonium Flavianum neamd, is nei alle gedachten foar it grutste part net oarspronklik, mar men is it oer it algemien deroer iens dat der in oarspronklike kearn ynsit, mar dêr't kristenen oan taheake hiene. Yn dat part wurdt "Jakobus, de broer fan Jezus, dy't Kristus neamd waard", neamd.

Tasitus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinske skriuwer Tasitus ferwiisde nei Jezus en syn terjochtstelling troch Pontius Pilatus yn syn Annales. De passaazje dy't nei Jezus ferwiisd hat in negatyf kommentaar oer kristenen, dus it liket net mooglik dat dy troch kristen neimakke waard.

Apokriven fan it Nije Testamint[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De 68 bekende apokrive evangeeljes binne net folle wurdich foar de histoaryske Jezus. De measten fan dy skriften binne ferlern gien, mar fan wat der oerbleaun is, wurdt al gau dúdlik dat fantasy it grûnwurk fan dy evangeeljes is, benammen de bernejierren fan Jezus. De bewarre bleaune skriften komme allegear fan letter as de kanonike evangeeljes. Guon dêrfan hawwe grutte ynfloed hân op de folkske oerleverings. Sa komme bygelyks de bertegrot fan Betlehem, dêr't boppe-op de hjoeddeistige Bertetsjerke boud waard, en de nammen fan de âlden fan Marije, Joachim en Anna, út it twadde iuwske apokrive Evangeelje fan Jakobus. De okse en de ezel yn de stâl komme fan it fyfde iuwske Evangeelje fan Pseudo-Mattéus, dy't troch de skriuwer sels it "It Boek oer it Komôf fan 'e Silge Marije en de Bernetiid fan de Ferlosser" neamd waard.

It Evangeelje fan Petrus befettet in fragmint mei faaks in lyts oantinken oan Jezus. It Koptyske Evangeelje fan Tomas, dat it ferneamdste fan alle apokrive evangeeljes is, waard yn 1945 by it Egyptyske doarp Nag-Hammadi ûntdutsen en is de oerseting fan in twadde iuwsk Gryksk orizjineel. Guon tinke dat it Evangeelje fan Tomas útspraken fan Jezus befetsje dy't werom geane op âldere tradysjes as de kanonike evangeeljes. It befettet lykwols gjin ferhaal oer Jezus en dus ek gjin nijsgjirigens oer it libbe fan him.

Oare Joadske boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn de Joadske Talmoed wurdt mooglik in ferwizing nei Jezus makke. De Talmoed ferwiist nei guon kriminele saken yn Israel dêr't de teksten fan 200-500 n.Kr. fan bondele waarden. Bart Ehrman seit dat dy matearje te let is om te brûken foar it sykjen nei de histoaryske Jezus en seit dat Jezus nea neamd waard yn it âldste part fan de Talmoed, mar feskynt yn parten fan lettere tiid.

De Syryske stoïsist Mara bar Serapion dy't in brief oan syn soan, dy't ek Serapion hiet, fanút in Romeinske finzenis stjoerde, ferwiisde nei de terjochtstelling fan de "kening fan de Joaden". De brief is nei alle gedachten fan net folle letter as 73 n.Kr.

Oare Romeinske boarnen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Plinius de Jongere skreau yn 112 n.Kr. yn it ramt fan de kristenebestraffing in brief oan keizer Trajanus, dêr't er de kristenen yn beskriuwt en Kristus neamt. Suëtoanius yn syn Libben fan Klaudius dat (om 50 n.Kr. hinne) dat de "Joaden algeduerigen rebûlje feroarsaken dy't stookt waarden troch Chrestus en Klaudius harren dêrom út Rome ferballe". It is net wis oft mei Chrestus Kristus bedoeld waard. Lusianus fan Samosata, dy't yn twadde iuw libbe ferwiisde yn de Dea fan Peregrinus oer kristenen nei "harren wetjouwer, de man dy't yn Palestina krusige waard".

Histoarysk-kritysk ûndersyk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoarysk-krityske metoade is in tûke fan krityk dy't de oarspronklikens fan in tekst ûndersiket om de "tastân efter de tekst" te begripen. It wichtichste doel fan de histoarysk-krityske metoade is om de oarspronklike betsjuttenis yn syn oarspronklik skiedkundich en letterlik ferbân te ûntdekken. De histoarysk-krityske metoade begûn yn de santjinde iuw en waard yn de njoggentjinde en tweintichste iuw wiidweidich brûkt.

Histoaryske betrouberens fan de evangeeljes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De histoaryske betrouberens fan de evangeeljes ferwiist nei de betrouberens en it histoaryske karakter fan de fjouwer kanonike evangeeljes yn it Nije Testamint. Der wurdt tocht dat der mar in bytsje yn de evangeeljes histoarysk betrouber is.

De evangeeljes waarden ek it ûnderwerp fan krityske analyse om ûnderskaat te meitsjen tusken oarspronklike, betroubere ynformaasje en mooglik wizigjen, oerdriuwen en taheakjen oan de oarspronklike tekst. Sûnt der mear ûnderlinge ferskillen as letters yn it Nije Testamint binne, brûke deskundigen tekstkrityk om te bepalen hokker fariant fan de evangeeljes as de "oarspronklike" naam wurde kin. Om dy fraach te anderjen, moat sjoen wurde nei wa, wannear en wêrom de evangeeljes skreaun binne en hokker boarnen brûkt waarden. Ek moat der sjoen wurde nei hoefolle letter nei it barren, dêr't de ferhalen oer geane, skreaun binne en sjen oft se wizige waarden of wat deroan taheake waard. Ek wurdt der sjoen nei dat der bygelyks ferkearde oanhellings út de Hebriuwske Bibel, ferkearde geografyske ferwizings, oft de skriuwer ynformaasje neiholden hie of oft de skriuwer in profesij optocht hat. Ta einbeslút wurdt der nei boarnen om utens sjoen sa as bygelyks tsjûgenissen fan iere tsjerkelieders, skriuwers bûten de tsjerke, benammen Gryksk-Romeinske skiedkundigen, dy't earder kritysk foar de tsjerke oer stiene, en archeologysk bewiis.

It sykjen nei de histoaryske Jezus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt de Ferljochting waard der besocht en beneierje Jezus op rasjoneel-naturalistyske manier. Baruch Spinoza sette yn syn Tractatus theologico-politicus Jezus del as in morele learaar en fersmiet syn wûnders as betinksels foar it gewoane folk. It ûndersyk nei de histoaryske Jezus rekke op syn hichtepunt yn de njoggentjinde iuw. Ien fan it wurk út dy tiid wie Das Leben Jesu, kritisch bearbeitet fan 1835-1836, dêr't David Strauss oppenearre dat de rabby Jezus fan Nazaret optoatele waard troch myten. It ûndersyk waard neikrigen troch Albert Schweitzer yn syn Geschichte der Leben-Jesu-Forschung fan 1906-1913, dêr't er de measte rekonstruksjes as projeksjes fan de oangeande ûndersiker seach. Schweitzer sels seach Jezus as in apokalyptyske preker.

Yn de njoggentjinde iuw oant yn de tweintichste iuw oppenearre de Hollânske Radikale Skoalle dat Jezus nea bestien hat en ferkundige dat de brieven fan Paulus pas yn de twadde iuw n.Kr. skreaun waarden. Gustaaf Adolf van den Bergh van Eysinga wie in fertsjintwurdiger fan dy skoalle.

De earste helte fan de tweintichste iuw waard skaaimerke troch it ûnderskaat tusken de histoaryske en dogmatyske Jezus (Martin Kähler, Rudolf Bultmann). Bultmann oppenearre dat de histoaryske Jezus net wichtich wie foar it leauwe, dochs allinnich dat er bestien hie wie wichtich genôch. Ernst Käsemann sette yn 1954 mei it ûndersyk nei de histoaryske Jezus foar syn learmaster oer yn Dútslân wer útein.

Yn de twadde helte fan de tweintichste iuw naam it Angelsaksyske ûndersyk in grut part fan it Dútsk ûndersyk oer, sa as bygelyks de ynfloedrike stúdzje Jesus and Judaism fan E.P.Sanders. Troch nije ynformaasje oer it joadendom út Jezus syn tiid (de Deade Seerôlen) en nije ierkristlike teksten (Nag Hammadiskriften) ûntstiene der ferskate rekonstruksjes fan de histoaryske Jezus. Ofhingjend fan de skiedkundige, waard Jezus sjoen as rabby, wiisheidslearaar, anty-Romeinske rebel, radikale godstsjinst fernijer, immen dy't foardie dat er de Messias wie, Esseen, apokalyptyske profeet, ensafuorthinne. Dat jout dúdlik oan hoe dreech it is en krij en ojektyf byld fan Jezus. Dochs tinkt in grut part fan de teologen dat Jezus in apokalyptyske profeet wie, dy't it neier kommen fan it Keninkryk fan God ferkundige.

Metoaden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Histoaryske boarnen binne suver gauris bûn oan in bepaalde stânplak. Dat jildt dus ek foar de ierste boarnen oer Jezus, dy't him fanút in leauwensstânpunt beljochtsje. By minsken lykas Jezus wurdt ornaris rekken holden mei it foarmjen fan in leginde om dy persoan hinne. Mei it ûndersyk nei de histoaryske Jezus wurde it oerlevere oantinken yn kaart brocht en leit dat yn ferbân mei it tiidrek fan it libben fan Jezus. Dêrby wurdt benammen socht nei it âldste materiaal yn de boarnen, dy't mei help fan de ferskate krityk, bestudearre wurde kin. Fan de foarmkrityk út wurdt de krityk fan de oarspronklikens ûntjûn, dêr't de metodologyske wearde ûnwis fan is. Guon gelearden binne der ûnwis fan en ferklearje losse spreuken as oarspronklik. Hja tinke lykwols dat de grutte line, dy't troch ferskate oantinken rint, werom te bringen op de histoaryske ynfloed fan Jezus.

De histoaryske Jezus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der binne grutte ferskillen fan mienings oer de ûnderdielen fan it libben fan Jezus, sa't se yn de evangeeljes neamd wurde, en it betsjutten fan syn ûnderrjocht. Hast alle gelearden binne it der al oer iens dat it dopen en krusigjen fan Jezus werklik bard wiene.

Doop fan Jezus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Doop fan Jezus.

It bestean fan Jehannes de Doper yn deselde tiid as Jezus, en syn lettere terjochtstelling troch Herodus Antipas wurdt troch de earste iuwske skriuwer Flavius Josefus neamd. It grutste part fan de gelearden nimt it skriuwen fan Josefus oer Jehannes de Doper oan as wier. Ien fan it bewiisgrûn yn it foardiel fan de werklikens fan de doop fan Jezus is, dat de doop troch Jehanes de Doper suver as skamsum sjoen waard troch de iere kristenen en dat de iere tsjerke it net optocht hawwe woene. In oar foardiel yn it bewiisgrûn is dat der ferskate ferwizings nei binne. Nettsjinsteande dat der in soad ferwizings nei binne, wol noch net sizze dat it wis oarspronklik is, mar wol dat it sa bepaald wurde kin. Dochs binne de measte gelearden der oer iens dat de doop fan Jezus troch Jehannes de Doper is in wier foarfal wie.

Krusiging fan Jezus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Wikipedy hat ek in side Krusiging fan Jezus.

It krusigjen fan Jezus wurdt troch skiedkundigen ek as werklikens sjoen, benammen op grûn fan de krityk fan skamsumens dat iere kristenen de pynlike en krinkende dea fan harren lieder net optocht hawwe soene. Ek oare kriteariums, sa as ferskate boarnen, dat it past yn dy tiid en dat it net troch oarspronklike boarnen fersmiten wurdt, helpe deroan dat it krusigjen fan Jezus as in wier foarfal sjoen wurdt. Boarnen om utens, sa as dy fan Josefus en Tasitus, neame it krusigjen yn harren skriuwen.

Gelearden lykas E.P. Sanders en Paula Erickson sjogge it krusigjen as in histoarysk foarfal, mar fersmite it idee dat Jezus syn dea foarsein hie en dat dat foarsizzen in kristlik betinksel is. Géza Vermes leat ek dat it krusigjen in wier foarfal wie en leaut dat dat it gefolch wie fan Jezus syn ferset tsjin de Romeinske hearskippij.

Oare mooglike histoaryske foarfallen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken de doop en it krusigjen leauwe guon gelearden yn de werklikens fan in stikmannich ûnderdielen fan it libben fan Jezus, alhoewol't men der oer it algemien net oer iens is:

  • Jezus rôp syn dissipels; guon binne fan miening dat Jezus gjin dissipels rôp, mar in iepen likense wurkwize oangie.
  • Jezus feroarsake opskuor by de Timpel.
  • Jezus wie in Galileeske Joad, dy't tusken 7 en 2 f.Kr. berne waard en tusken 30 en 36 n.Kr. ferstoar.
  • Jezus libbe allinnich yn Galiléa en Judea. Measte gelearden fersmite it idee dat in folwoeksen Jezus nei Egypte of Yndia ta reizge. Nazaret wurdt net yn de Hebriuwske Bibel neamd, en de kristlike evangeeljes sjogge it as in doarp dy't net fan grut belang wie. Gelearden binne it deroer iens dat Jezus fan Nazaret wie en dat it net as in kristlik betinksel west hawwe koe.
  • Jezus spruts Arameesk en hy koe ek wol Hebriuwsk en Gryksk. De talen dy't yn it earste iuwske Galiléa en Judea sprutsen waarden wiene de Semityske talen Arameesk en Hebriuwsk en it Yndo-Jeropeeske Gryksk, dêr't Arameesk de wichtichste fan wie.
  • Nei de dea fan Jezus giene syn dissipels troch mei syn wurk, en waarden guon fan syn dissipels ferfolge.

Guon gelearden heakje de folgjende foarfallen as histoarysk der oan ta:

  • By sizze kin der in gronology fan Jezus opsteld wurde fan boarnen om utens dy't oerienkomme soene mei de teksten fan it Nije Testamint.
  • De doop fan Jezus troch Jehannes de Doper kin troch ferwizings fan Josefus bepaald wurde op in dei foar 28-35 n.Kr.
  • It wichtichste ûnderdiel fan syn ûnderrjocht wie it Keninkryk fan God.
  • Jezus ûnderrjochte oer de etyk fan it ferjaan.
  • De dei fan it krusigjen wie earder as 36 n.Kr. op grûn fan it tiidrek fan it lânfâdijskip fan Pontius Pilatus oer Judea (26-36 n.Kr.).

Omskriuwings fan Jezus[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Gelearden ferskille fan miening hoe't Jezus omskreaun wurde moat. Der besteane ferskate omskriuwings dy't makke binne yn it sykjen nei de histoaryske Jezus. Hjoeddeistige teologen pleatse Jezus yn de Joadske tradysje fan dy tiid. Jezus wie in Joadske preker dy't ûnderrjochte dat hy it paad nei de ferlossing, ivige libben en it Keninkryk fan God wie. Guon fan dy omskriuwings binne:

  • Apokalyptyske profeet,
  • Garismatyske genêzer,
  • Synyske filosoof,
  • Joadske Messias,
  • Profeet fan sosjale feroaring,
  • Rabby

Nammen en titels[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme Jezus is oer it Gryksk ôflaat fan it Hebriuwske Jehosjûa (Jozua) of it Hebriuwsk-Arameeske Jesjûa. Jezus wie ien fan de meast foarkommende Joadske nammen yn Palestina om it begjin fan de jiertelling hinne. De namme betsjut JHWH en is rêding. Neffens Joadske tradysje wie er faaks oarspronklik bekend as Jesjûa ben Josef (Jezus de soan fan Joazef). Yn de evangeeljes stiet bytiden syn plak fan komôf ek by syn namme: Jezus fan Nazaret of Jezus de Nazarener.

De titel "Kristus" is de latinisearre foarm fan it Grykske wurd Χριστός (Christos), dat de Grykske oersetting fan it Hebriuwske masji'ach (Messias; is salvling) is. It wurd salvling wurdt yn de Joadske tradysje brûkt foar keningen, preesters en profeten. Yn guon Joadske rûnten ûntstie der yn de twadde of earste iuw f.Kr. de ferwachting dat der einlings in neikommeling fan kening David, salve troch God, op de troan fan Israel komme te sitten en help de âlde gloarje fannijs op. Oft Jezus oanspraak op de titel "Messias" makke is net wis. Wol is dat nei alle gedachten guon fan syn folgelingen tochten dat er de Messias wie. Wis is dat letter de folgelingen, dy't leauden yn de Opstanning fan Jezus, tochten dat er de Messias wie. De titel Messias waard al gau in twadde namme fan Jezus en hy stiet ûnder kristenen benammen bekend as Jezus Kristus of Kristus Jezus.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: