Essenen

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oerbliuwselen fan de Essenen yn Qumran

De Essenen is de namme fan in joadske godstsjinstige sekte út de 2e ieu f. Kr. oant en mei de 1e ieu nei Kr.. De leden fan dy sekte libben yn mienskippen en neffens strange regels, ûnder oare yn Qumran tichtby de Deade See. Nei de Joadske Opstân tsjin de Romeinen binne sy út de skiednis ferdwûn. De ûntdekking fan de Deade-Seerôlen hat fan grut belang west om de mysterieuze rol fan dizze âldste joadske mienskip te trochgrûnjen. Ut harren skriften kin faaks opmakke wurde dat sy in skeakel foarme hawwe tusken eardere tradysjes lykas it Zoroastrisme en it nije, yn dy tiid opkommende kristendom.

Troch guon wurdt sein dat it libben fan Jezus Kristus nau ferweve west hat mei de Esseenske bruorremienskip en dat de Essenen in ynspiraasjeboarne wienen foar it hjoeddeistige kristendom. Oaren gean noch fierder en sizze dat de Essenen ien fan de earste kristlike groepearrings wienen. Mar oan dizze spekulaasje wurdt troch it grutste part fan it Kristendom gjin of net folle belang achte.

Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]