Springe nei ynhâld

Gods ryk

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Keninkryk fan God)

It ryk fan God (neffens it Evangeelje fan Matteüs ek wol it himelske ryk neamd) is in wichtich begryp yn sawol it Joadske as kristlike leauwen. It ferwiist nei de kontrôle of heechste gesach dy't God hat oer alle dingen, en is fan in folslein oare oarde as wrâldske machthawwers dat hawwe.

Yn it joadendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De joadske Tenach befiemet in protte ferwizings nei it ryk fan God (sjoch bygelyks Daniël 4:3). It is ferbûn mei de joadske oertsjûging dat God tuskenbeide komme sil om it keninkryk fan Israel te herstellen.

Yn it kristendom

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De idee fan it ryk fan God wurdt it helderst werjûn yn it Nije Testamint en dan benammen yn de saneamde synoptyske evangeeljes.

Matteüs brûkt meastentiids de term "himelske ryk" om it begryp wer te jaan, wylst Lukas skriuwt oer it "ryk fan God". As reden dêrfoar wurdt sein dat it Matteüsevangeelje yn it foarste plak foar it Joadske publyk bedoeld wie dêr't men net gewoan wie streekrjocht de namme fan God te brûken. Lukas hat lykwols syn evangeelje rjochtsje op in oar publyk, net joadsk publyk, dy't net mei de term "himelske ryk" bekend wienen.

De histoarikus H.G. Wells skreaut yn (A Short History of the World, 1922):

„It idee fan in himelsk ryk, dat it wichtichste part fan Jezus syn boadskip foarmet en mar in lytse rol yn de kristlike leauwensbelidenis spilet, is wiswier ien fan de meast revolúsjonêre ideeën dy't de minsklike tinzen ea stjoerd hat.“

It kristlike begryp fan it ryk fan God is foar meardere útlis fetber.

Yn de moderne teology wurdt mear gewicht jûn oan it begryp ryk fan God (ek wol fertaald as "Hearskippij fan God") as de fersy fan Matteüs ("Himelsk ryk). By de earste fersy is it makliker om in ferbân te lizzen mei de ynderlike mystike ûnderfining fan it begryp, wylst de fersy fan "Himelsk ryk" dúdlik mear "nei bûten projektearre" is.

De evangeeljes beskriuwe dat Jezus it ryk ôfkundige as eat dat op it punt stie te gebeuren, en net as wat dat yn de takomst komme sil (sjoch Markus 1:15). De ferhalen oer Jezus dy't siken better makket, demonen ferdriuwt, les joech yn in nije libbensetyk waarden as in demonstraasje sjoen fan dat ryk.

It ryk fan God ferwiist ek nei in oare steat fan siel of tins binnen it kristendom (sjoch Lukas 17:20 - 21). Yn sjarismatyske fermiddens wurdt it ryk letterlik oanwêzich achte as de hillige Geast dwaande is mei bygelyks genêzing.

Yn roomsk-katolike teology kin it ryk fan God ek nei de Tsjerke ferwize. Protestanten lykwols leauwe dat de Tsjerke it ynstrumint is dat it ryk Gods sjen lit, mar dat net dêroan lyk hoecht te wêzen.