Springe nei ynhâld

Archeologyske kultuer

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Argeologyske kultuer)

In archeologyske kultuer is yn 'e archeology in patroan fan lyksoartige oantroffen artefakten en oare skaaimerken, ôfkomstich út in dúdlik ôfbeakene perioade en út in begrinzge gebiet. Soms wurdt ta ûnderskie fan it sosjologyske begryp kultuer de term technologysk kompleks brûkt. Sa'n patroan of assemblaazje wurdt ornearre de materiële oerbliuwsels te foarmjen fan in beskate minsklike maatskippij út 'e prehistoarje. As der sprake is fan mar ien type artefakt, wurdt ynstee fan assemblaazje de term yndustry brûkt.

De konneksjes tusken de ûnderskate artefakten fan in archeologyske kultuer is basearre op it begryp dat archeologen hawwe, en harren ynterpretaasje op basis fan dat begryp, fan 'e libbenswize fan in beskate groep prehistoaryske minsken. Dêryn leit besletten dat der in protte mei teoryen en hypotezes wurke wurdt, dy't mis wêze kinne. De tûke fan 'e archeology dy't him rjochtet op it ûndersyk nei prehistoaryske kultueren is de kultuerhistoaryske archeology.

De gewoante om in archeologyske kultuer te ferneamen nei it plak of in rivier dêr't de earste fynsten dien binne (bgl. de Nakadakultuer), stammet út 'e njoggentjinde iuw. Soms wurdt in archeologyske kultuer ynstee dêrfan ferneamd nei de manear fan begraven (lykas de urnefjildekultuer) of de foarm fan fersiering fan ierdewurk (lykas de klokbekerkultuer of de toubekerkultuer).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.