Springe nei ynhâld

Keninkryk Bretanje

Ut Wikipedy
Keninkryk Bretanje
Rouantelezh Breizh
851 – 939
geografyske lokaasje

De útwreiding fan it Keninkryk Bretanje tusken 845 en 867.
polityk
haadstêd gjin fêste haadstêd
offisjele taal Bretonsk
steatsfoarm monargy (keninkryk)
ûntstien út Broërec
Cournouaille
Domnonée
opgien yn Hartochdom Bretanje
Greefskip Roeaan
    Keninkryk West-Frânsje
no diel fan Frankryk
sifers
ynwennertal ûnbekend
befolkingstichtens ûnbekend
oerflak ±40.000 km² (867)
bykommende ynformaasje
muntienheid denaarje

It Keninkryk Bretanje (Bretonsk: Rouantelezh Breizh) wie in Midsiuwsk keninkryk yn Noardwest-Jeropa dat it skiereilân Bretanje en ferskate oanbuorjende gebieten besloech. It wie in fazalsteat fan it Frankyske Ryk dy't him om 851 hinne losskuorre koe troch de gaos dy't ynterne skelen en de ynfallen fan 'e Wytsingen mank de Franken feroarsaken. De stifter fan it Keninkryk Bretanje wie Nominoë, dy't yn Bretanje noch altyd as heit fan it heitelân sjoen wurdt. It keninkryk bestie mar koart, en waard yn 'e earste helte fan 'e tsiende iuw ûnder fuotten helle troch de Wytsingen. Nei't de Bretonnen it útlânske jok ôfsmiten hiene, waard harren keninkryk yn 939 omfoarme ta it ûnôfhinklike en soevereine Hartochdom Bretanje.

It Keninkryk Bretanje ûntstie út 'e eardere Keltyske keninkrykjes Broërec, Cournouaille en Domnonée op it skiereilân Bretanje. By syn grutste útwreiding, yn 867, omfette it ek Maine en westlik Normanje mei it Cotentinskiereilân (dat letter it Greefskip Roeaan foarmje soe, in foarrinder fan it Hartochdom Normanje).

Oan 'e ein fan 'e Romeinske Tiid, as ûnderdiel fan it Grutte Folkeferfarren, wiene Kelten út it eilân Grut-Brittanje oerkommen nei it fêstelân fan Jeropa, dêr't se har op it skiereilân Bretanje nei wenjen setten hiene. Dêre foarmen se ferskate lytse steatsjes, dy't har úteinlik konsolidearren ta trije keninkrykjes: Broërec, Cournouaille en Domnonée. Fan 801 oant 837 besocht it oanbuorjende Frankyske Ryk, dat doedestiden in tige grut diel fan Noardwest-, Midden- en Súd-Jeropa besloech, ferskate kearen om 'e nocht en ûnderwerp de Bretonnen. Om it skiereilân dochs yn 'e Frankyske ynfloedssfear te bringen, stelde Loadewyk de Fromme njonkelytsen mar in Bretonske ealman, Nominoë, de greve fan Vannes, oan as fazalfoarst oer de ûnlijige krite. De titel dy't er dêrby taparte krige, wie missus imperatoris ("keizerlik gesant"). It wie de bedoeling dat hy it bestjoer oer Bretanje út namme fan 'e Frankyske keizer opnimme soe.

Nominoë pakte troch mei syn taak en wist Cournouaille, Domnonée en Broërec ûnder syn bewâld te ferienjen. Nei it ferstjerren fan Loadewyk de Fromme, yn 840, rekke it Frankyske Ryk destabilisearre troch in skeel tusken syn soannen, in sitewaasje dy't noch oanboaze waard troch oanhâldende ynfallen fan 'e Wytsingen. Nominoë makke fan dy tastân handich gebrûk troch syn macht yn Bretanje te fergrutsjen yn it neidiel fan syn Frankyske masters. Yn 845 fersloech er de Franken sels yn 'e Slach by Ballon. Yn it fredesferdrach dat dêrnei sletten waard tusken Nominoë en Karel de Keale, de soan fan Loadewyk de Fromme dy't West-Frânsje yn 'e hannen krigen hie, fergrutte Nominoë syn ûnôfhinklikheid noch fierder. Yn 850 besette er sels de Bretonske Mark, in gebiet dat al lange tiid fêst yn Frankyske hannen west hie. Mar doe't er yn 851 hommels kaam te ferstjerren, moasten de Bretonnen har weromlûke op harren skiereilân.

In nasjonalistyske print fan Nominoë, de grûnlizzer fan it Keninkryk Bretanje, út 1922.

Karel de Keale sinde op wraak foar wat er as it ferrie fan Nominoë beskôge, en nei de dea fan dyselde foel er mei syn leger Bretanje binnen om foar iens en foar altyd mei de Bretonnen ôf te weven. Erispoë, de soan en erfgenamt fan Nominoë, ûnderskepte de ynfallers yn 'e Slach by Jengland, dêr't er de Franken op 22 augustus 851 in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Dat wurdt sadwaande sjoen as de datum fan 'e stifting fan it Keninkryk Bretanje, in folslein ûnôfhinklike steat mei Erispoë as earste kening. Yn 856 sleat it nije keninkryk in bûnsgenoatskip mei it Frankyske Ryk tsjin 'e Wytsingen, dy't harsels mei harren oanhâldende ynfallen ta in mienskiplike fijân makke hiene. Erispoë waard lykwols datselde jiers noch fermoarde troch syn neef Salomon, dy't himsels kening foar Erispoë yn it plak makke en in bûnsgenoatskip mei de Wytsingen oangie om 'e Frankyske stêd Le Mans te feroverjen.

Karel de Keale kocht letter frede mei de Bretonnen troch de Frankyske provinsjes Cotentin (oftewol westlik Normanje), yn 863, en Maine, yn 867, wei te jaan. Yn 874 waard Salomon fermoarde by in gearspanning dêr't sawol Pascweten, de skoansoan fan Salomon, as Gurvand, de skoansoan fan Erispoë, by belutsen wiene. Neitiid rekken dy beiden lykwols deilis en ûntstie der in boargeroarloch. Beide troanpretendinten kamen yn 877 te ferstjerren, mar de oarloch hold oan, no tusken Alan (de broer fan Pascweten) en Judicael (de soan fan Gurvand). Yn 888 sleaten dy beiden in tydlike wapenstilstân om har oan te kantsjen tsjin nije ynfallen fan 'e Wytsingen. Dêrby sneuvele Judicael by Questembert yn 'e striid, wêrnei't Alan I (of Alan de Grutte) de trêde kening fan Bretanje waard.

Alan I stoar yn 907, en waard opfolge, nei in protte stideraasje, troch Gourmaëlon. Oer syn regear is net folle bekend, om't de ynfallen fan 'e Wytsingen yn dy tiid oanboazen en grutte gaos feroarsaken. It wie wierskynlik by ien fan dy ynfallen dat Gourmaëlon yn 913 omkaam. Op syn dea folge in ynterregnum, oant Bretanje yn 919 hielendal troch de Wytsingen beset waard. Kleasters en stêden waarden plondere, en in protte Bretonnen namen de wyk nei oanbuorjende lannen. Under harren wiene Mathuedoi, greve fan Poher, de soan fan Alan I, dy't syn eigen soan (Alan syn pakesizzer) by him hie.

Dy pakesizzer fan Alan I, dy't Alan II hiet, kearde yn 935 út ballingskip yn it Keninkryk Ingelân werom. Nei't er inkele jierren earder al lieding jûn hie oan in mislearre opstân tsjin 'e Wytsingen, pakte er it diskear oars oan: hy socht stipe by syn peetbroer, kening Æthelstan fan Ingelân, en ek fan Æthelstan syn omkesizzer, kening Loadewyk IV fan Frankryk. Mei in útlânsk leger lâne er op 'e kust fan Bretanje om syn heitelân te befrijen. Tsjin 937 hied er it skiereilân foar it meastepart werovere. De Wytsingen hiene har weromlutsen yn harren bolwurk Trans-la-Forêt. Yn 939 wisten de Bretonnen en de Frânsen ûnder lieding fan Alan II ek de lêste Wytsingen yn Bretanje te ferslaan yn 'e Slach by Trans-la-Forêt.

De ynfallen fan 'e Wytsingen yn Bretanje yn 'e 9e en 10e iuw.

Neitiid kaam in ein oan it bestean fan it Keninkryk Bretanje, dat omfoarme waard ta it Hartochdom Bretanje, mei Alan II as earste hartoch. Dyselde wie op dat stuit net yn 'e posysje om it tsjin Frankryk op te nimmen. Dat út tank foar de ûntfongen stipe, mar ek om't er der net foarwei koe, brocht er yn 942 hulde oan Loadewyk IV fan Frankryk. Dêrmei waard de sitewaasje dy't doe al trije jier bestie, formalisearre. De status fan fazalsteat fan it Hartochdom Bretanje wie lykwols fan koarten doer, mei't it al rillegau wer opklom ta in ûnôfhinklik en soeverein lân.

It Keninkryk Bretanje wie in feodale monargy ûnder it bewâld fan in autokratysk kening. De grûnlizzer fan it keninkryk wie:

De keningen fan Bretanje wiene:

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.