Springe nei ynhâld

Denaarje

Ut Wikipedy
De denaarje fan keizer Augustus, slein yn 4 n.Kr.

De denaarje[1] wie de sulveren standertmunt fan 'e Romeinske Republyk fanôf syn yntroduksje ûnder de Twadde Punyske Oarloch yn omtrint 211 f.Kr., en teffens fan it Romeinske Ryk oant it regear fan keizer Gordianus III (238-244 n.Kr.), doe't er stadichoan ferfongen waard troch de antoninianus. It wurd 'denaarje' is in ferbastering fan it Latynske denarius, útspr.: [de:'na:rɪ.ʊs], likernôch: "dee-naa-ree-ûs"; meartal: denarii, útspr.: [de:'na:rɪ.i:], likernôch: "dee-naa-ree-ii"). Denarius is wer ôflaat fan it Latynske deni, mei de betsjutting "tsien befetsjend": de wearde fan 'e denaarje wie oarspronklik tsien asses. It symboal foar de denaarje is in X mei in horizontale streek dertrochhinne (Unicode 𐆖 of U+10196). It kin ek werjûn wurde as X̶ (in haadletter X mei in lange kombinearjende hornizontale streek). De namme fan 'e denaarje libbet tsjintwurdich noch fuort yn û.m. de muntienheid dinar en beneamings foar it begryp "jild" yn ferskate talen.

De ierste foargonger fan 'e denaarje wie de didrachme, in sulveren muntstik nei Gryksk foarbyld, dat foar it earst yn 'e Romeinske Republyk yn omgong brocht waard yn 267 f.Kr., fiif jier foar it útbrekken fan 'e Earste Punyske Oarloch mei Kartago. Oanwaaksende hannelskontakten mei de Grykske koloanjes yn Súd-Itaalje makken nammentlik dat de Romeinen ferlet krigen fan in sulveren munt, wylst se oant dy tiid inkeld koperne en brûnzene munten brûkten. De didrachme hie in gewicht fan 6,81 g oftewol 1/48 fan in Romeinsk pûn. De Romeinen lieten de didrachme foar harren slaan yn 'e Grykske koloanje Neapolis en oare stêden yn súdlik Itaalje, en sadwaande skaaide it resultaat sterk út nei de gongbere Grykske sulveren munten út dy kontreien.

De earste Romeinske sulveren munt dy't him fan syn Grykske wjergaders ûnderskate, ferskynde om 226 f.Kr. hinne. Klassike histoarisy neamden dy munten soms denaarjes, mar moderne numismatisy klassifisearje se as quadrigati, in namme dy't ôflaat is fan 'e quadriga, in troch in fjouwerspan hynders lutsen striidwein, dy't op 'e efterkant ôfbylde stiet. Under de Twadde Punyske Oarloch, om 211 f.Kr. hinne, waard yn it ramt fan 'e oarlochsynset de hiele munthúshâlding fan 'e Romeinske Republyk reorganisearre. De quadriagatus ferdwûn, en waard ferfongen troch de wiere denaarje en troch de victoriatus, in munt dy't mar koart bestie. In denaarje befette yn dy tiid trochinoar 4,5 g sulver, oftewol 1/72 fan in Romeinsk pûn. De denaarje wie neitiid twa iuwen lang de wichtichste munt fan 'e Romeinske Republyk. By syn ynfiering wied er 10 asses wurdich, mar yn 141 f.Kr. waard syn wearde op 'e nij fêststeld as 16 asses, om 'e ôfnommen wearde fan 'e as wer te jaan.

Tsjin 'e ein fan it Republikeinske Tiidrek ûndergie de denaarje in stadich proses wêrby't it sulvergehalte oanhâldend ferlege waard. Under it regear fan Augustus (31 f.Kr.14 n.Kr.), de earste keizer fan it Romeinske Ryk, berikte it sulvergehalte fan 'e denaarje it nivo fan 3,9 g, wat teoretysk delkomt op 1/84 fan in Romeinsk pûn. De munt behold dy gearstalling oant it sulvergehalte ûnder it regear fan Nearo (37-68) drastysk ferlege waard oant 3,4 g oftewol 1/96 fan in Romeinsk pûn. It ferleegjen fan it sulvergehalte hold neitiid ûnôfbrutsen oan, hoewol't it wol folle stadiger gie. Tsjin 'e ein fan 'e trêde iuw befette in denaarje noch mar sa'n 3 g sulver. It bleau lykwols de wichtichste munt fan it Romeinske Ryk oant de ferfanging troch de antoninianus ûnder it regear fan keizer Gordianus III (238-244). Neitiid waard de denaarje noch yn tige lytse hoemannichten fan brûns slein, nei alle gedachten foar seremoniële doelen, oant de ein fan 'e Tetrargy yn 313.


Begjinnend mei Nearo, yn 64, ferlegen de Romeinen oanhâldend it sulvergehalte fan 'e denaarje oant de munt tsjin 'e ein fan 'e trêde iuw noch mar foar sa'n 40% út sulver bestie.

1 (gouden) aureus = 2 (gouden) quinarii = 25 (sulveren) denaarjes (denarii) = 50 (sulveren) quinarii = 100 (brûnzen) sestersjes (sestertii) = 200 (brûnzen) dupondii = 400 (koperen) asses = 800 (koperen) semisses = 1.600 (koperen) quadrantes

Denaarjes yn de Bibel

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn it Nije Testamint fan 'e kristlike Bibel wurdt de denaarje ferskate kearen neamd. Sa wurdt der yn Mattéus 20:2 nei ferwiisd om't ien denaarje it deihier fan in sljochtwei arbeider wie. Fierders wurdt yn Jehannes 12:5 neamd dat in pûn nardusoalje 300 denaarjes koste, wylst yn Iepenbiering 6:6 sein wurdt dat ien deirantsoen weet in denaarje koste en dat trije deirantsoenen koarn ek in denaarje kosten. By de passaazje út Iepenbiering moat neffens bibelûndersiker Robert H. Mounce oantekene wurde dat de neamde prizen fan weet en koarn tsien oant tolve kear sa heech binne as dat se yn 'e Aldheid wurklik wiene. Dêrút kin ôflaat wurde dat de passaazje in sitewaasje beskriuwt wêryn't iten tige krap is en dêrom djoer ferkocht wurde kin. Yn 'e tiid dat Iepenbiering skreaun waard, wie dat foar de lêzer daliks dúdlik om't dy grif wist wat de gongbere prizen wiene. Foar de hjoeddeistige lêzer is dat lykwols net sa.

Yn 'e Likenis fan 'e Barmhertige Samaritaan (Lukas 10:25-37) lit de Samaritaan it berôvingsslachtoffer dat er rêden hat efter yn in herberge. Yn 10:35 jout er de kastlein de opdracht om goed foar de man te soargjen, en betellet dêrta twa denaarjes. Yn Mattéus 22:19 en Markus 12:15 wurdt de denaarje neamd as de belestingmunt dy't oan 'e Romeinske oerhearskers fan Judéa betelle wurde moast. De measte saakkundigen geane derfan út dat it dêrby gie om 'e denaarje mei de kop fan keizer Tibearius.

Acht denaarjes. Boppeste rige f.l.n.rj.: Romeinske Republyk (157 f.Kr.); Fespasianus (73); Markus Aurelius (161); Septimius Sevearus (194). Underste rige f.l.n.rj. Karakalla (199); Julia Domna (200); Elagabalus (219); Maksiminus Traks (236).

Der wurdt ek faak tocht dat it om denaarjes giet yn 'e passaazje yn Mattéus 26:15, dêr't beskreaun stiet hoe't Judas Iskariot mei de joadske hegepreesters ôfpraat om Jezus Kristus te ferrieden yn ruil foar de betelling fan tritich sulverstikken. Saakkundigen liket dat lykwols tige ûnwierskynlik, mei't de timpelbelesting yn Jeruzalim (dêr't de hegepreesters harren jild troch krigen) net yn denaarjes betelle wurde mocht om't it sulvergehalte te leech wie. De jildwikselers dy't neamd wurde yn 'e passaazje De Suvering fan de Timpel (Mattéus 21:12-17) sieten nammentlik yn 'e Timpel fan Jeruzalim om denaarjes om te wikseljen foar munten mei in heger sulvergehalte dêr't de timpelbelesting mei foldien wurde koe. It tinken is dan ek dat de tritich sulverstikken fan Judas Iskariot Tyryske sjekels of Antiochyske staters west hawwe moatte.

De denaarje wie yn totaal goed 450 jier as muntstik yn omrin. Sels doe't er langer net mear slein waard, brûkte men him noch as rekkenienheid. De namme denarius waard ek brûkt foar lettere, oare Romeinske munten op in manear dy't moderne histoarisy net begripe.

De Arabieren, dy't foar harren Abbasidyske Ryk yn 'e sechsde en sânde iuw grutte gebieten feroveren dy't ienris ta it Romeinske Ryk heard hiene, sloegen harren eigen gouden dinar. Dêrút komme de folgjende hjoeddeiske muntienheden fuort: de Algerynske dinar, de Bachreinske dinar, de Iraakske dinar, de Jordaanske dinar, de Koeweityske dinar, de Libyske dinar en de Tunezyske dinar. Dêropta binne der noch ferskate oaren dy't no bûten gebrûk binne. Fierders geane op 'e Balkan ek de Servyske dinar en de Noardmasedoanyske denar werom op 'e denaarje.

Yn West-Jeropa kin de ynfloed fan 'e denaarje noch weromfûn wurde yn 'e denier, in âlde Frânske munt, en yn it gebrûk fan 'e ôfkoarting "d", dy't oant 1971 foar de Britske penny yn gebrûk wie. Fierders komt yn ferskate Jeropeeske talen it wurd foar "jild" fan 'e denaarje: Italjaansk denaro; Spaansk dinero; Portegeesk dinheiro; en Sloveensk denar.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Haan, Rienk de, en Sijens, Hindrik, Frysk Hânwurdboek, Ljouwert, 2008 (Fryske Akademy), ISBN 978-9 06 27 37 901, s. 294.

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.