Springe nei ynhâld

Reuze-iikhoarntsjes (ûnderfamylje)

Ut Wikipedy
reuze-iikhoarntsjes
In griis reuze-iikhoarntsje (Ratufa macroura).
In griis reuze-iikhoarntsje (Ratufa macroura).
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
ûnderskift: iikhoarntsjes en sliepmûzen
   (Sciuromorpha)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
ûnderfamylje: reuze-iikhoarntsjes (Ratufinae)
Moore, 1959

De reuze-iikhoarntsjes of Oriïntaalske reuze-iikhoarntsjes (wittenskiplike namme: Ratufinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) en de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae). Ta dizze ûnderfamylje heart mar ien skaai, dat ek reuze-iikhoarntsjes (Ratufa) hjit en fjouwer soarten omfet.

Reuze-iikhoarntsjes libje op it Yndyske subkontinint en yn Súdeast-Aazje. Yn 'e prehistoarje hiene se in grutter ferspriedingsgebiet. Bisten dy't tige op 'e leden fan it skaai fan 'e reuze-iikhoarntsjes lieken, en yn elts gefal hearden ta deselde ûnderfamylje, libben yn it ier Langyn (yn it Mid-Mioseen, 16 oant 15,2 miljoen jier lyn) yn wat no Dútslân is.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.