Foaryndysk reuze-iikhoarntsje

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Foaryndysk reuze-iikhoarntsje
Ratufa indica (Bhadra, 2006).jpg
taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: kjifdieren (Rodentia)
famylje: iikhoarntsjes (Sciuridae)
skaai: reuze-iikhoarntsjes (Ratufa)
soarte
Ratufa indica
Erxleben, 1777
IUCN-status: net bedrige

It Foaryndysk reuze-iikhoarntsje (wittenskiplike namme: Ratufa indica) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e reuze-iikhoarntsjes (Ratufa). It is in fierhinne fegetarysk bist dat oerdeis aktyf is en yn 'e beammen libbet yn dielen fan it Yndyske subkontinint.

Fersprieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foaryndyske reuze-iikhoarntsjes komme útslutend foar op it Yndyske subkontinint, om persiis te wêzen yn Yndia. Dêr hawwe se in ferbrokkele ferspriedingsgebiet dat út in stikmannich isolearre populaasjes bestiet, benammen yn 'e midden en it suden fan it lân. De uterste noardgrins fan harren areaal wurdt foarme troch de Satpura-heuvels yn 'e Yndiaanske steat Madhya Pradesh. De oantsjutting 'Foaryndysk' komt fan Foarynje, in synonym fan it Yndyske subkontinint (Efterynje is in synonym foar Súdeast-Aazje).

It ferspriedingsgebiet fan it Foaryndysk reuze-iikhoarntsje.

Uterlike skaaimerken[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Foaryndysk reuze-iikhoarntsje hat in opfallende twa- of soms trijekleurige pels. De kleuren dêr't it om giet, kinne krêm, bêzje, ljochtbrún, roastbrún, brún en sels dûnkerbrún wêze. De bealch, de foarpoaten en de ûnderkant en punt fan 'e plomsturt binne ornaris bêzje, krêmkleurich of ljochtbrún, wylst de rest fan it lichem in dûnkerder kleur hat. Boppe op 'e kop sit in opfallend wyt plak persiis tusken de earen yn. Folwoeksen Foaryndyske reuze-iikhoarntsjes hawwe trochinoar in kop-romplingte fan 36 sm, mei in sturtlingte fan 60 sm en in gewicht fan 2 kg.

Biotoop[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foaryndyske reuze-iikhoarntsjes libje yn leafwâlden, mingde wâlden en fochtige nullewâlden. De soarte hat ferlet fan lange, sterk fertûke beammen foar de bou fan nêsten.

Hâlden en dragen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Foaryndysk reuze-iikhoarntsje is in bist dat yn 'e boppeste tûken fan 'e beammen libbet en him mar komselden oer de grûn weaget. Hy beweecht him fan beam nei beam mei sprongen fan soms wol 6 m fier. As der gefaar driget, flechtet er faak net fuort, mar beweecht er krekt hielendal net mear, of drukt er him plat tsjin in beamstamme oan. De wichtichste rôfdieren dy't op Foaryndyske reuze-iikhoarntsjes jeie, binne ferskate grutte soarten rôffûgels en it loaihoars.

Foaryndyske reuze-iikhoarntsjes binne it aktyfst op 'e iere moarn en yn 'e jûn. Middeis, op it hjitst fan 'e dei, binne se yn 'e rêst. It binne solitêr libjende bisten, dy't inkeld byinoar komme foar de fuortplanting. Biologen binne fan tinken dat it Foaryndysk reuze-iikhoarntsje troch de fersprieding fan sieden in wichtige rol spilet yn it foarmjaan fan it ekosysteem fan syn habitat. Se bouwe grutte bolfoarmige nêsten fan twigen en blêden dy't se op 'e tinnere tûken fan beammen pleatse, sadat grutte rôfdieren der net by kinne. Yn 'e drûge tiid, as leafbeammen har blêdt ferlieze, rinne soks nêsten frijwat yn 'e gaten. Ien Foaryndysk reuze-iikhoarntsje kin ferskate nêsten yn in lyts gebiet bouwe, dy't er dan om bar brûkt om nachts yn te sliepen.

In Foaryndysk reuze-iikhoarntsje.

Fuortplanting yn finzenskip fan it twakleurich reuze-iikhoarntsje (Ratufa bicolor) út Malakka, dat nau oan it Foaryndysk reuze-iikhoarntsje besibbe is, wiist derop dat de fuortplantingstiid foar it Foaryndysk reuze-iikhoarntsje wierskynlik ek yn maart, april, septimber en desimber falt. Yn Karnataka binne de bisten yn elts gefal yn maart mei jongen sjoen. Foar de fuortplanting wurdt troch it wyfke in spesjaal nêst boud dêr't se de jongen te wrâld bringt. Dy weagje by de berte likernôch 75 g en binne 27 sm lang.

Fretten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It dieet fan Foaryndyske reuze-iikhoarntsjes bestiet út fruchten, nuten en beambast. Guon ûndersoarten frette ek ynsekten en aaien fan fûgels.

In Foaryndysk reuze-iikhoarntsje.

Status[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Foaryndysk reuze-iikhoarntsje hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen.

Undersoarten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sûnt it ûndersyk fan Thorington & Hoffmann út 2005 binne der fjouwer erkende ûndersoarten fan it Foaryndysk reuze-iikhoarntsje:

  • Ratufa indica indica Erxleben, 1777 (synonimen: R. i. bombaya, R. i. elphinstoni, R. i. purpureus, R. i. superans)
  • Ratufa indica centralis Ryley, 1913
  • Ratufa indica dealbata Blanford, 1897
  • Ratufa indica maxima Schreber, 1784 (synonimen: R. i. bengalensis, R. i. malabarica)

R. i. centralis komt foar yn 'e drûge leafwâlden fan sintraal Yndia, yn 'e neite fan Hoshangabad. R. i. dealbata, de ljochtste ûndersoarte, libbet yn 'e fochtige leafwâlden fan 'e Surat Dangs. R. i. maxima, de dûnkerste ûndersoarte, heart thús yn it tropysk reinwâld fan 'e Malabar, de súdwestkust fan Yndia. En R. i. indica libbet yn in brede bân troch it binnenlân fan súdlik Yndia oant de kust fan 'e Golf fan Bingalen yn Orissa. R. i. superans Ryley 1913 en Ratufa indica superans Ryley, 1913 waarden earder as selsstannige ûndersoarten beskôge, mar tsjintwurdich net mear.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.