Springe nei ynhâld

Hakke fan Nij-Meksiko

Ut Wikipedy
De Hakke (swart) yn Hidalgo County en de steat Nij-Meksiko.

De Hakke fan Nij-Meksiko is in nei it suden ta útstykjende rjochthoekige krite yn it uterste súdwestlike diel fan 'e Amerikaanske steat Nij-Meksiko. Dit gebiet waard yn 1853 troch de Feriene Steaten kocht fan Meksiko as ûnderdiel fan 'e saneamde Gadsden-oankeap. De Hakke fan Nij-Meksiko mjit likernôch 81 km fan east nei west by 48 km fan noard nei súd, wêrmei't it in oerflak beslacht fan sa'n 3.900 km². Bestjoerlik makket de Hakke fan Nij-Meksiko ûnderdiel út fan Hidalgo County, dêr't it gebiet 43,7% fan foarmet. It grinzget yn it westen oan 'e Amerikaanske steat Arizona, yn it suden oan 'e Meksikaanske steaten Sonoara (yn it súdwesten) en Chihuahua (yn it súdeasten), en yn it easten oan 'e Meksikaanske steat Chihuahua. De westgrins fan 'e Hakke leit op persiis 109°03′ westerlingte, de súdgrins op 31°20′ noarderbreedte en de eastgrins op 108°12′30″ westerlingte. Yn it noarden sit it fêst oan 'e rest fan Hidalgo County.

In reliëfkaart fan 'e Hakke.

It lânskip fan 'e Hakke fan Nij-Meksiko wurdt dominearre troch trije fan noard nei súd troch it gebiet rinnende berchtmen: it Peloncillo-berchtme, it Animas-berchtme en it Big Hatchet-berchtme. Dy berchrêgen wurde faninoar skaat troch fjouwer dellingen: de San Simon-delling, de Animas-delling, de Playas-delling en de Hachita-delling. De Nijmeksikaanske Steatswei 9, in inkelfâldige wei, rint krekt benoarden de Hakke lâns, wylst trije oare steatswegen fan noard nei súd troch de Hakke hinne fan Steatswei 9 nei de Meksikaanske grins liede. Dat binne de Nijmeksikaanske Steatswei 80, dy't by de westlike râne fan it gebiet lâns troch de San Simon-delling giet; Steatswei 338, dy't de Animas-delling folget, en Steatswei 81, dy't troch de Hachita-delling nei de grinsoergong by Antelope Wells liedt.

De Hakke fan Nij-Meksiko is tinbefolke en benammen yn gebrûk as feehâlderijgebiet. Der binne ferskate oansjenlike ranches, wêrfan't de Diamond A Ranch yn 'e Animas-delling, mei in oerflak fan 1.300 km², it grutst is. Hoewol't de mynbou fan oarsprong ek wichtich wie foar de ûntjouwing fan 'e Hakke, is it âlde mynbouplak Hachita no in spûkstedsje. It lânbesit is ferdield tusken lân dat yn besit fan 'e steat Nij-Meksiko of fan it Amerikaanske federale regear is (yn 'e berchtmen) en priveegrûnbesit (yn 'e dellingen). It iennichste bewenne plak yn 'e Hakke is it gemeentefrije doarp Antelope Wells, hoewol't de stedsjes Rodeo en Animas krekt boppe de noardrâne fan it gebiet lizze. It eardere mynboustedsje Playas is no in treningssintrum fan it Amerikaansk Ministearje fan Thúslânbefeiliging.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.