Hôf (perseel mei fruchtbeammen)

Ut Wikipedy

In hôf, hou of hôving is in stik grûn dat yn gebrûk is foar it kweken fan frucht- of nutebeammen, mei as doel om 'e fruchten of nuten te brûken foar minsklike konsumpsje. Yn Nederlân komme sokke hôven fral foar yn 'e Betuwe en yn it Lân fan Maas en Waal. Foarhinne hiene ek yn Fryslân in protte boerepleatsen in eigen hofke; dêrfandinne it wurd "hofkesjonge", dat it stellen fan fruchten út oarmans hôf wie. Yn it Frysk wurdt it wurd "wyngerd" wol as synonym foar "hôf" brûkt, hoewol't in wyngerd eins in spesifyk soarte hôf is, dêr't druven kweekt wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.