Ellsworth (Kansas)

Ut Wikipedy
Ellsworth
De wettertoer fan Ellsworth.
De wettertoer fan Ellsworth.
Emblemen
Polityk
Lân Feriene Steaten
Steat Kansas
County Ellsworth County
Sifers
Ynwennertal 3.120 (2010)
Oerflak 6,3 km²
Befolkingsticht. 495,8 / km²
Hichte 469 m
Oar
Stifting 1864
Tiidsône UTC-6
Simmertiid UTC-5
Koördinaten 38°43′55″N 98°13′45″W
Offisjele webside
www.ellsworthks.net
Kaart
De wettertoer fan Ellsworth.
De lizzing fan Ellsworth yn Ellsworth County en yn 'e steat Kansas.

Ellsworth is in stêd yn 'e midden fan 'e Amerikaanske steat Kansas. It is it haadplak fan it omlizzende Ellsworth County, en leit likernôch 130 km noardwestlik fan Wichita en 310 km west-súdwestlik fan Kansas City. Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Ellsworth doe in befolking fan goed 3.100 minsken. De stêd beslacht in oerflak fan 6,3 km².

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ellsworth ûntstie yn 1864 as in delsetting om it datselde jiers stifte Fort Ellsworth hinne. Trije jier letter, doe't it plak de status fan stêd krige, hie it al 3.000 ynwenners. Dy frij eksplosive befolkingsgroei wie te tankjen oan it feit dat Ellsworth oan 'e rûte lei dy't it Earste Transkontinintale Spoar gean soe, dat yn dy snuorje krekt oanlein waard. Datselde jiers (1867) berikte de nei it westen ta optsjende Kansas Pacific Railway, in ûnderdiel fan 'e Union Pacific Railroad, yndie Ellsworth, wêrnei't dat him ûntjoech ta in feestedsje, dêr't de keppels longhorns dy't út it súdlike Teksas wei oer in ôfstân fan 1.300 km fia it ferneamde Chisolm Trail nei it noarden ta dreaun waarden, yn 'e treinwagons laden waarden om ôffierd te wurden nei de slachthuzen fan Sint-Louis en Chicago.

Ellsworth yn 1867.

Oer de woeste feestedsjes, dy't yn 'e tiid fan it Wylde Westen oan 'e foargrins fan 'e beskaving leine, waard doedestiden sein dat Abilene it earste wie en Dodge City it lêste, mar Ellsworth it meast goddeleas. Tsjin 'e midden fan 'e 1880-er jierren, neigeraden dat der mear spoarlinen oanlein waarden, naam de betsjutting fan Ellsworth foar de fleisyndustry ôf, al hold it noch lang de namme ien fan 'e wyldste stêden fan it Westen te wêzen. Der wiene withoefolle saloons, bordelen en gokhuzen, prostitúsje kaam rûnom foar en der fûnen geregeldwei nachtlike sjitpartijen plak tusken dronken cowboys.

Wild Bill Hickok, in grutte namme út 'e skiednis fan it Wylde Westen, besocht yn 1868 sheriff fan Ellsworth te wurden, mar waard by de ferkiezings ferslein (sheriff wie en is yn 'e Feriene Steaten in keazen amt). Wyatt Earp, in oar ferneamd wetstsjinner, wie àl in hoartsje sheriff yn Ellsworth, mar wist der net folle te bedijen. Pas tsjin 'e iuwwiksel ferlear Ellsworth syn wylde reputaasje.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Ellsworth 16,1% âlder as 65 jier en 17,0% jonger as 18 jier. Fierders bestie 35,9% fan 'e húshâldings út ien persoan. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 81,7% blanken; 9,3% swarten; 6,2% Latino's; 0,6% Yndianen; 0,4% Aziaten; 1,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Klimaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ellsworth hat in fochtich lânklimaat, mei waarme fochtige simmers en kâlde drûge winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 33 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat 4 °C. Rekôrtemperatueren wiene 47 °C yn 1936 en –34 °C yn 1913. Ellsworth kriget jiers trochinoar 736,8 mm delslach, mei dêrûnder oer it hiele winterhealjier ferdield 42,1 sm snie. Maaie is fierwei de wietste moanne.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.