Texas longhorn

Ut Wikipedy
In Texas longhorn-ko

De Texas Longhorn is in fleiskoweras, ferneamd om syn karakteristike lange hoarnen, dy't fan punt nei punt 2.1 meter binne. De hoarnen sit in draai nei boppe yn, soms in dûbele draai. Texas Longhorns hawwe in grut ferskaat oan kleuren. De Texas Longhorn Breeders Association of America en de International Texas Longhorn Association binne de organisaasjes dy't de kij registrearje en it stamboek behearje. Texas Longhorns mei de bêste erflike eigenskippen (genoom) kinne faak $40.000 as mear opsmite by in feiling (it rekord leit op $170.000 yn 2004). De guodlikens en yntelliginsje fan it ras meitsje dat sy hieltyd mear as ryddier treend wurde. De Texas Longhorn hat in sterk memmeynstinkt en kin him yn it wyld gau rêde.

De Cattlemen’s Texas Longhorn Registry (CTLR), is de organisaasje dy't krewearret foar it behâld fan de meast suvere bloedlinen fan de Texas Longhorn. Sy ynspektearje it fee fan de meast betûfte Texas Longhorn-fokkers en dogge bloedanalyzes om de bêste bisten derút te heljen en sa de genetysk en histoaryske suverste Texas Longhorn's foar de neiteam te behâlden.[1]

Skiednis fan it ras[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In Texas longhorn-bolle

Oer it ûntsteaan fan de Longhorn is net alles sekuer bekend. De earste Teksaanske pioniers lykwols besetten wylde Meksikaanske kobisten út it grinsgebiet tusken de rivier de Nueces en de Rio Grande en krústen dy mei har eigen kowerassen. It gefolch wie in hurd, grut bist, heech op de poaten en mei lange hoarnen fan goed twa meter en in grut kleurferskaat.[2] It meagere Longhornfleis rekke ein 19e iuw út de moade doe't fetter fleis mear jild opsmiet. Yn dy tiid waard de feehâlderij ek yntinsiver, der kaam bygelyks weidlân ôffrede mei stikeltried en better fretten, dat tal fan eigenskippen fan de behurde Longhorn, dy't net folle easken stelde, waarden fan minder belang. Oare rassen foldiene de moderne boer better, bygelyks omdat sy hurder groeiden en mear fleis oansetten. It Texas longhorn-ras rekke folslein yn de nederklits en stie tsjn 1927 op it punt fan útstjerren. Dat jier wie der in tal leafhawwers fan de United States Forest Service, dy't mei in keppeltsje Longhorn's oan it fokken sette yn it Wichita Mountains Wildlife Refuge yn Lawton, Oklahoma. Dat hat wierskynlik de rêding fan it ras west. In pear jier letter sette ûnder oaren J. Frank Dobie útein mei it sammeljen fan Longhorn's en foarme dêrmei lytse keppels dy't yn steatsparken fan Teksas holden waarden. It wie fral leafhawwerij, mar de hurdens, de wjerstân tsjin syktes en de lege easken fan it ras fûnen doe fannijs wurdearring en de Longhorn makke dochs wer opgong yn de fleisfeehâlderij. Dat is sa bleaun, mar in protte Teksaanske greidboeren hâlde de Longhorn ek om histoaryske redenen.

Doel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Texas Longhorn is in fleisko en is ferneamd om it soppige, meagere fleis, dat net safolle fet, goalesterol en kaloryen befettet as it measte oare kofleis.[3] Texas Longhorn's wurde ek ynkrúst by hybride-kij om beskate sterke eigenskippen oer te bringen en it kealjen makliker te meisjen (benammen by fleiskij). Fierders fertsjintswurdiget it ras in stik romantyk fan it âlde Wylde Westen en wurde sy hâlden foar de skientme. Longhorn soene it ek goed dwaan yn in waarm klimaat.

Texas longhorns binne der yn in soad kleurfarianten

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Cattleman's Texas Longhorn Registry
  2. http://doublehelixranch.com/History.html
  3. http://www.tlbaa.org/Resources/research1.html