Springe nei ynhâld

Lânbougewaaks

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Gewaaks)
Foarbylden fan lânbougewaaksen (en produkten dy't dêrfan makke wurde).

In lânbougewaaks of koartwei gewaaks (fan "waakse", dat "groeie" betsjut) is in plantesoarte dy't op kultuerlân ferboud wurdt foar produksje yn it ramt fan 'e bou, de túnbou of de siertylt. Dat betsjut dat it in plant is dy't mei opsetsin troch de minske oanplante, fersoarge en rispe wurdt mei in spesifyk doel, lykas iten, branje of om 'e rizels te brûken foar it meitsjen fan bgl. tekstyl. Lânbougewaaksen wurde faak ferboud op grutte skaal foar kommersjele doelen, mar in protte minsken kweke se ek yn in kokentún, foar eigen gebrûk.

Lânbougewaaksen dy't bedoeld binne om opiten te wurden, tsjut men ek wol oan as fiedselgewaaks. Foarbylden binne:

Ta dit rychje hearre ek gewaaksen dy't ferboud wurde om oan fee op te fuorjen, lykas foerbiten.

Lânbougewaaksen dy't kweekt wurde foar de rizels, wurde ek wol rizelgewaaksen neamd. Foarbylden binne flaaks en katoen.

Lânbougewaaksen dy't bedoeld binne om moai te wêzen, wurde ek wol siergewaaksen neamd. Foarbylden binne snijblommen en strûken en beamkeguod foar yn 'e tún. Beammen út 'e boskbou wurde almeast net oantsjut as gewaaks.

Fierders binne der lânbougewaaksen dy't ferboud wurde om biobrânstof fan te meitsjen, lykas koalsied, wylst saneamde medisinale planten kweekt wurde foar har medisinale wearde.

Yn 2021 waard der wrâldwiid foar 9,5 miljard ton oan lânbougewaaksen ferboud. Yn ferhâlding ta 2020 wie dat in taname fan 2% en yn ferhâlding ta 2000 wie it in taname fan 54%. Fan it totaal út 2021 makken fjouwer gewaaksen mear as de helte út: sûkerreid, stynske weet, weet en rys. Yn 2017 waard der wrâldwiid foar 1.842 miljoen ton oan sûkerreid ferboud, foar 1.135 miljoen ton oan stynske weet, foar 772 miljoen ton oan weet en foar 770 miljoen ton oan rys. Op ôfstân folgen jirpels (388 miljoen ton), sojabeane (353 miljoen ton), oaljepalmfruit (318 miljoen ton), sûkerbiten (301 miljoen ton), kassave (292 miljoen ton), tomaten (182 miljoen ton), koarn (147 miljoen ton) en swiete jirpels (113 miljoen ton). Alle oare gewaaksen hiene wrâldwiid in produksje fan minder as 100 miljoen ton.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.