Springe nei ynhâld

Fearplanten

Ut Wikipedy
fearplanten
Fearplanten.
Fearplanten.
Taksonomy
ryk: planten (Plantae)
(sûnder rang): draaiplanten (Streptophyta)
ûnderryk: lânplanten (Embryophyta)
boppestamme: faskulêre planten (Tracheophyta)
stamme: blêdplanten (Euphyllophyta)
boppeklasse: fearplanten (Monilophyta)
Linnaeus, 1754

De fearplanten (Latynske namme: Monilophyta) foarmje in boppeklasse fan it ryk fan 'e planten (Plantae), it ûnderryk fan 'e lânplanten (Embryophyta), de stamme fan 'e faskulêre planten (Tracheophyta) en it rangleaze takson fan 'e blêdplanten (Euphyllophyta). De fearplanten wurde ek wol fearren of rintfearren neamd (al jout dy lêste namme eins in spesifike groep fearplanten oan). Tsjintwurdich binne se nei alle gedachten better bekend ûnder de hollanistyske oantsjutting farens.

Yn it Latyn wurde se ek wol de Pteridophyta neamd, mar dat is in âldere term dy't njonken de fearplanten ek noch guon lytsere, fearplanteftige groepen omfiemet, û.m. de ruskfearren (Isoetales) en de wolvepoaten (Lycopodiales), wêrfan't nij genetysk ûndersyk liket út te wizen dat dy net nau besibbe binne mei de fearplanten. Mei't de taksonomyske yndieling fan dizze groep planten noch net alhiel útkristallisearre is, wurde de fearplanten soms as in boppeklasse mar soms ek wol as in klasse beskôge.

De fearplanten omfiemje rûchwei 12.000 plantesoarten, dy't har fan oare faskulêre planten en blêdplanten ûnderskiede trochdat se blommen noch sieden hawwe, mar har ynstee fuortplantsje troch it ûntwikkeljen en fersprieden fan spoaren. Hoewol't moassen (Bryophyta), levermoassen (Marchantiophyta) en haumoassen (Anthocerotophyta) har ek op dy wize fuortplantsje, ferskille fearplanten dêrfan trochdat hja in fettestelsel hawwe foar it ynterne transport fan wetter en fiedingsstoffen. De measte fearplanten binne maklik te ûnderskieden troch har karakteristike "fearblêden", lange stâlen mei fansiden útstekkende ôfsûnderlike blêden, dêr't de sporangiën (spoaregroeiende dielen) har op befine.

In beamfearplant.

De grutste subgroep fan 'e fearplanten is dy fan 'e leptosporangiate fearplanten (Polypodiopsida), soms ek wol de echte fearplanten neamd, dy't de meast "karakteristike" foarmen omfiemet. Oars útsjende groepen, te witten de eusporangiate echte fearplanten (Marattiopsida), de boarstelfearren (Psilotales), de druvefearren (Ophioglossales) en de hynstesturten (Equisetopsida), wurde lykwols ek ta de fearplanten rekkene. De fearplanten as groep binne âlder as de siedplanten, en de ierste fossilen datearje út it lette Devoan, sa'n 360 miljoen jier lyn. Fral yn it Karboan dominearren de fearplanten de wrâld. Dêrby moat lykwols oantekene wurde dat in protte fan 'e moderne fearplanten har pas yn it iere Kryt ûntjoegen, likernôch 145 miljoen jier lyn, doe't de siedplanten al bestiene en de status fan dominante plantegroep fan 'e fearplanten oernommen hiene.

Fearplanten binne net fan grut ekonomysk belang, mar guon binne (foar in diel) ytber en wurde ferboud of sammele om minsken ta iten te tsjinjen. Oaren wurde kweekt as sierplanten of om fersmoarge grûn skjin te meitsjen. Guon hawwe it ûnderwerp west fan wittenskiplik ûndersyk, fanwegen har fermogen om gemyske fersmoargingsdieltsjes út 'e lucht te heljen.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.